Marije I fan Skotlân

Marije I, yn 'e regel Marije Stuart neamd en yn it Ingelsk bekend as Mary, Queen of Scots (Linlithgow (Skotlân), 8 desimber 1542Fotheringhay (Ingelân), 8 febrewaris 1587), wie keninginne fan Skotlân fan 1542 oant 1587 en dêrnjonken ek keninginne-gemalinne fan Frankryk fan 1559 oant 1560. Hja wie it iennichste oerlibjende wettige bern fan kening Jakobus V fan Skotlân, dy't seis dagen nei har berte stoar. Marije waard grutbrocht oan it Frânske Hof, wylst Skotlân bestjoerd waard troch reginten. Har houlik mei kening Frâns II fan Frankryk duorre mar koart.

Marije I fan Skotlân
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
Frânsk
bertedatum 8 desimber 1542
berteplak Linlithgow (Skotlân)
stjerdatum 8 febrewaris 1587
stjerplak Fotheringhay (Ingelân)
dynasty Hûs Stuart
etnisiteit Skotsk
Deensk
Dútsk
Frânsk
Ingelsk
Nederlânsk
Savoaisk
Welsk
keninginne fan Skotlân
regear 15421567
(15421554 reg. greve fan Arran)
(15541560 reg. Marije fan Guise)
foargonger Jakobus V
opfolger Jakobus VI
keninginne-gemalinne fan Frankryk
amtsperioade 15591560

Yn 1561 kearde se as widdo werom nei Skotlân om it regear oer har heitelân op te nimmen. Troch har roomske opfieding yn Frankryk stie Marije negatyf foar it oanwaaksende protestantisme yn Skotlân oer, wylst de protestanten har as harren wichtichste fijân seagen. Doe't har ûnlijige leafdeslibben it hiele lân yn ûnstjoer brocht, waard Marije yn 1567 twongen en doch ôfstân fan 'e troan. Se waard finzen set, mar wist nei Ingelân te ûntkommen, dêr't se lykwols fannijs opsletten waard troch har efternicht Elizabeth I. Dy seach har as in bedriging om't Marije troch de roomsen yn Ingelân as de wiere keninginne fan dat lân beskôge waard. Nei in finzenskip dy't mear as 18 jier duorre, liet Elizabeth har úteinlik yn 1587 ûnthalzje.

Marije waard berne op 8 desimber 1542 (of miskien noch foar midsnacht op 7 desimber), yn Linlithgow Palace, yn it Skotske Linlithgow. Hja wie de dochter fan Jakobus V, de kening fan Skotlân, en dy syn Frânske frou Marije fan Guise. Marije wie it iennichste oerlibjende wettige bern fan Jakobus en de âldomkesizzer fan 'e Ingelske kening Hindrik VIII, waans suster Margareta Tudor mei Marije har pake, kening Jakobus IV fan Skotlân, troud west hie.

In wike nei har berte, op 14 desimber, waard Marije keninginne fan Skotlân doe't har heit nei de ferlerne Slach by Solway Moss, tsjin 'e Ingelsen, kaam te ferstjerren oan itsij in senuwynsinking, itsij it drinken fan fersmoarge wetter. Neffens in Skotske folksleginde, dy't foar it earst optekene waard troch de tsjerkeherfoarmer John Knox, hearde Jakobus V op syn stjerbêd dat de langferwachte poppe in famke wie (wylst er fansels op in soan hope hie, om syn geslacht fuort te setten). Hy soe doe sein hawwe: "It cam wi' a lass and it will gang wi' a lass." ("It kaam mei in famke en it sil gean mei in famke.") Dy útspraak ferwiist nei it feit dat syn famylje, it Hûs Stuart (of Stewart), op 'e Skotske troan kommen wie trochdat de stamfaar Walter Stewart mei Marjorie Bruce, de dochter fan Robert de Bruce troud wie op it stuit dat Hûs Bruce yn 'e manlike line útstoar. As er it al sein hat, wie Jakobus V lykwols mis dat it regear fan 'e Stuarts mei syn dochter einigje soe; dat barde pas yn 1714, doe't de lêste Stuart-keninginne fan Grut-Brittanje, Anne, opfolge waard troch George I, de Dútske karfoarst fan Hannover.

Jonkheid yn Skotlân

bewurkje seksje

Mei't Marije noch mar in poppe wie doe't hja de Skotske troan urf, moast der in regint oansteld wurde om it regear oer it lân waar te nimmen oant hja âldernôch wêze soe om it sels te bewurkmasterjen. Fan it begjin ôf oan waard dêrby tsierd oer wa't it regintskip tawiisd krije moatte soe. Oan 'e iene kant stiene de roomsen, dy't kardinaal David Beaton foarútskoden, en oan 'e oare kant stiene de protestanten foar wa't Jakobus Hamilton, greve fan Arran it regintskip opeaske. Arran, dy't nei Marije sels de twadde yn 'e line foar de troan wie, basearre syn oanspraak op in ferzje fan it testamint fan Jakobus V dat troch syn tsjinstanners oan kant reage waard as in ferfalsking. Likegoed wist hy mei help fan meistanners it pleit yn 't earstoan yn syn foardiel te besljochtsjen en regint te wurden. Dat duorre oant 1554, doe't keninginne-mem Marije fan Guise him út dy funksje ûntheft wist te krijen, wêrnei't se him sels opfolge.

 
Linlithgow Palace, dêr't Marije berne waard.

Underwilens besocht kening Hindrik VIII fan Ingelân om fan 'e Skotske swakte gebrûk te meitsjen om Skotlân foar iens en foar altyd los te weakjen fan syn âlde bûnsgenoat Frankryk (en it ynstee fêst te plakken oan Ingelân). Yn 1543 sleat er mei Arran-en-dy it Ferdrach fan Greenwich, wêryn't fêstlein wie dat Marije mei tsien jier trouwe soe mei de Ingelske kroanprins Edwert, wêrnei't se fierder ûnder syn eigen tafersjoch oan it Ingelske Hof grutbrocht wurde soe. Under de betingsten fan dit ferdrach soene Ingelân en Skotlân selsstannige lannen bliuwe, dy't lykwols in personele uny foarmen (krekt sa't yn 1603 ek wier-wier barre soe).

Hindrik syn snoade plannen rûnen lykwols averij op doe't de faksje fan kardinaal Beaton, dy't in fernijing foarstie fan 'e saneamde Auld Alliance mei Frankryk, yn Skotlân wer mear macht krige. Beaton woe Marije by de Skotske kust wei hawwe, dêr't hja kwetsber wie foar ûntfiering troch fijannen mei in sterke marine (lykas Ingelân), mar Arran wie dêr op tsjin. Dyselde joech lykwols ta doe't Beaton syn wapene oanhingers harren by it paleis te Linlithgow sammelen. Ein july 1543 eskortearre Mattéus Stuart, greve fan Lennox de jonge keninginne en har mem mei 3.500 soldaten nei it kastiel fan Stirling, dêr't Marije op 9 septimber fan dat jier yn 'e slotkapel kroane waard.

Neitiid goaide Hindrik VIII syn eigen glêzen alhiel yn troch Skotske keapfarders dy't ûnderweis wiene nei Frankryk yn beslach te nimmen en de keaplju sels finzen te nimmen. Dat foel yn Skotlân sa min, dat Arran him bekearde ta it roomsk-katolisisme en him by de pro-Frânske partij joech. It Ferdrach fan Greenwich waard dêrnei yn desimber ôfwiisd troch it Skotske parlemint. Dêrop sette Hindrik útein mei wat bekend kaam te stean as syn Rûge Hofmakkerij (Rough Wooing), in militêre kampanje om 'e Skotten te twingen ta in houlik tusken Marije en Edwert. Yn it ramt dêrfan plonderen de troepen fan 'e Ingelske greve fan Hertford yn maaie 1544 de Skotske haadstêd Edinburch. Marije waard dêrop fierder nei it noarden brocht, nei Dunkeld. Nei't yn maaie 1546 kardinaal Beaton fermoarde wie troch protestantske Skotske eallju en de Skotten op 10 septimber 1547 in swiere nederlaach litten yn 'e Slach by Pinkie Cleugh, besleat men de Frânsen om help te freegjen.

 
Marije omtrint in jier as trettjin.

Kening Hindrik II fan Frankryk stelde doe in personele uny tusken Frankryk en Skotlân foar, troch Marije trouwe te litten mei syn doe trijejierrige soan, de lettere kening Frâns II. Wylst Ingelske troepen in spoar fan ferwoastging troch it Skotske leechlân lutsen, besleat it Skotske parlemint mei dat plan, it saneamde Ferdrach fan Haddington, yn te stimmen.

Jonkheid yn Frankryk

bewurkje seksje

De fiifjierrige Marije waard dêrop oerbrocht nei Frankryk, dêr't se de folgjende trettjin jier fan har libben trochbringe soe oan it Frânske Hof. Hja hie dêr in eigen húshâlding besteande út û.m. har beide ûnwettige healbruorren en de 'fjouwer Marijen', fjouwer famkes fan har eigen jierren út 'e meast foaroansteande aadlike famyljes fan Skotlân (Beaton, Seton, Fleming en Livingston), dy't allegear fan Marije hieten. Neffens kontemporêne boarnen wie Marije libben, tsjep en fernimstich, en mocht eltsenien oan it Frânske Hof graach oer har, útsein Katerine de' Medici, de frou fan kening Hindrik II. Marije learde lútspyljen, koe sawol proaza as poëzij skriuwe, die oan hynsteriden, falkerij en hantwurk en kaam behalven Skotsk ek Frânsk, Italjaansk, Latyn, Spaansk en Aldgryksk floeiend te sprekken.

Hoewol't hja har ûntjoech ta in mûlripe en tige lange jonge frou (hja wie 1.80 m, wat útsûnderlik wie foar froulju yn 'e sechstjinde iuw) en har ferseine Frâns stammere en abnormaal koart wie, koene hja it nei't it skynt goed mei-inoar fine. Op 4 april 1558 tekene Marije in geheime oerienkomst wêryn't stie dat se Skotlân en har oanspraken op 'e troan fan Ingelân neilitte soe oan 'e Frânske keninklike famylje yn it gefal dat se sûnder bern kaam te ferstjerren. Tweintich dagen letter troude se mei Frâns yn 'e Nôtre Dame te Parys, en waard de kroanprins kening-gemaal fan Skotlân.

Yn novimber fan datselde jiers kaam Marije har efternicht Elizabeth I op 'e Ingelske troan nei it ferstjerren fan har âldere healsuster Marije de Bloedige. Om't Elizabeth berne wie út in houlik dat troch har heit Hindrik VIII sletten wie nei't er him sûnder tsjerklike tastimming skiede litten hie fan syn earste frou Katerina fan Aragon, beskôgen roomsen har lykwols as in ûnwettich bern, dat sadwaande nea yn oanmerking komme meien hie foar de Ingelske troan. Ynstee waard troch de measte roomsen, ek dy yn Ingelân sels, Marije fan Skotlân, as de naust besibbe ôfstammeling fan Hindrik VIII syn suster Margareta, sjoen as de rjochtlike keninginne fan Ingelân. Sadwaande liet Hindrik II fan Frankryk syn soan en skoandochter nei Elizabeth har troansbestiging útroppe ta wiere kening en keninginne fan Ingelân.

Op 10 july 1559 kaam Hindrik II te ferstjerren oan ferwûnings dy't er oprûn hie by syn dielname oan in riddertoernoai. Fan gefolgen waard Marije har man doe mei fyftjin jier útroppen ta kening Frâns II fan Frankryk, en sysels ta syn gemalinne. Mei har kaam yn Frankryk de partij fan Guise, de famylje fan har mem, oan 'e macht, oanfierd troch Marije har omkes Frâns, hartoch fan Guise en Karel fan Guise, kardinaal fan Loataringen.

Underwilens ûntstie der ûnder de Skotske protestanten almar mear ûnfrede oer it bestjoer fan Marije har mem, regintesse Marije fan Guise, dy't inkeld troch ynset fan Frânske troepen oan 'e macht bliuwe koe. Doe't begjin 1560 protestantske Skotske eallju by it Ferdrach fan Berwick Ingelân oprôpen om troepen nei Skotlân te stjoeren om dêr it protestantisme ta steatsgodstsjinst te meitsjen, en in Hugenoatske rebûlje yn Frankryk (it saneamde Trelit fan Amboise) it de Frânsen ûnmooglik makke om fersterkings nei Skotlân te stjoeren, late dat ta koartseftich oerlis tusken Frankryk en Ingelân. Nei de dea, op 11 juny 1560, fan Marije fan Guise, kaam de Frânske posysje yn Skotlân hielendal faai te stean. Op 6 july waard dêrom mei de Ingelsen it Ferdrach fan Edinburch sletten, wêrby't Ingelân syn troepen weromloek en Frankryk Elizabeth erkende as rjochtlike keninginne. It wie de bedoeling dat Skotlân him ek by it ferdrach oanslute soe, mar de santjinjierrige Marije wegere it te tekenjen.

 
Marije yn har wite roudracht nei it ferstjerren fan har earste man.

Werom yn Skotlân

bewurkje seksje

Op 5 desimber 1560 kaam Marije har man Frâns II fan Frankryk te ferstjerren oan in ynfeksje oan it middenear, dy't in abses yn syn harsens feroarsake. Marije wie yn djippe rou. Har skoanmem, Katerine de' Medici, waard regintesse oer Frankryk foar har twadde soan Karel IX, dy't doe tsien jier âld wie. Dêrop kearde Marije werom nei Skotlân, dêr't se op 19 augustus 1561 oankaam. It doetiidske Skotlân waard ferskuord troch de striid tusken en de yntriizjes fan 'e roomske en protestantske partijskippen. Troch har goedroomske opfieding kaam Marije sels oan it haad fan 'e roomsen te stean, wylst har ûnwettige healbroer Jakobus Stuart, greve fan Moray, lieder fan 'e protestanten wie. In oare wichtige protestant wie de tsjerkeherfoarmer John Knox, dy't tsjin Marije preke om't se nei de mis gie, dûnse en klean droech dy't hy te ûnbeskieden fûn. Hja besocht mei de man te praten, mar hy woe net harkje, en letter besocht se him om 'e nocht foar ferrie feroardiele te krijen.

Lykwols fersette Marije har net tsjin 'e ynfloed dy't protestantske eallju oan it Skotske hof hiene. Sa wie har healbroer Moray ien fan har wichtichste riedslju, en hiene ek oare protestantske lieders, lykas de greven fan Argyll en Glencairn, foaroansteande posysjes. Yn 1562 wurke Marije sels gear mei Moray om 'e wichtichste roomske ealman fan Skotlân, George Gordon, 4e greve fan Huntley, ûnder fuotten te heljen nei't dy yn 'e Heechlannen in opstân tsjin har úteinset wie.

Underwilens wie Marije op 'e sneup nei in nije man. Doe't har omke, de kardinaal fan Loataringen, lykwols sûnder har tastimming ûnderhannelings iepene mei Karel II, aartshartoch fan Eastenryk, sette hja him lulk te plak, en rûnen dy ûnderhannelings op neat út. Sels hie se Karel, prins fan Astuerje, de geastlik labile erfgenamt fan 'e Spaanske kening Filips II, op it each, mar dêr lei Filips it near op. Elizabeth fan Ingelân besocht Marije oan har favoryt Robert Dudley, greve fan Leicester te keppeljen. Elizabeth wie der wis fan dat hja Leicester wol ûnder de tomme hâlde kinne soe, en fia him ek Marije. Mar de Skotske keninginne seach harren oankommen, en it besykjen rûn op neat út.

 
Marije mei har twadde man, lord Darnley.

Begjin 1563 waard in Frânsk dichter oan it Skotske Keninklik Hof, Pierre de Boscosel de Chastelard, dy't blykber smoar wie op Marije, ûnder har bêd ûntdutsen by in rûtinemjittich befeiligingsûndersyk fan har fertrekken, dêr't er him nei't it skynt ferskûle hie om har 'te ferrassen' as se allinnich wie. Marije ferballe de healwizeling út Skotlân, mar Chastelard negearre dat en krong twa dagen letter de keninklike fertrekken binnen doe't Marije op it punt stie om har út te klaaien. Har healbroer Moray en ferskate paleiswachters hastigen harren op 'e gjalp fan 'e keninginne nei binnen ta en oermasteren de dichter, dy't dêrnei foar ferrie feroardiele en ûnthalze waard. Der is wol suggerearre dat Chastelard syn ferealens mar bearde en dat er eins diel útmakke fan in protestantsk-hugenoatsk komplot om Marije har reputaasje te besmodzgjen.

Houlik mei Darnley

bewurkje seksje

Uteinlik wertroude Marije op 29 july 1565 mei har folle neef Hindrik Stuart, lord Darnley, de soan fan 'e greve fan Lennox. Allebeide wiene hja beppesizzers fan Margareta Tudor, de suster fan Hindrik VIII fan Ingelân, dus dit houlik sterke Marije har oanspraken op 'e Ingelske troan allinnich noch mar fuort, en de bern út it houlik soene sels noch in sterkere oanspraak hawwe. Alle kontemporêne boarnen hâlde lykwols út dat it Marije by dit houlik om leafde gie ynstee fan om berekkening. Mei't Darnley syn measte lânerijen yn Ingelân leine en hy dêr sadwaande meast wenne hie, beskôge Elizabeth him as ien fan har ûnderdienen, en hja wie poerrazen dat Marije in houlik mei in 'Ingelsman' sletten hie sûnder har om tastimming te freegjen. Ek yn Skotlân soarge it houlik foar grutte swierrichheden, om't Darnley krekt as Marije roomsk wie. Moray, Argyll, Glencairn en oare protestantske eallju, dy't hope hiene op 'e feriening troch in houlik fan 'e roomske en protestantske faksjes, fûnen dizze gong fan saken ûnbesteanber, en kamen yn iepen opstân tsjin 'e keninginne.

Marije brocht in leger byinoar om it mei de protestanten út te fjochtsjen, mar dy begûnen in guerrilla-oarloch, wêrby't se fjildslaggen mijden. Nei ferrin fan tiid wist Marije har posysje lykwols fuort te sterkjen troch George Gordon, 5e greve fan Huntley, dy't sûnt de mislearre opstân fan syn heit finzen sitten hie, frij te litten en syn titels en lânerijen werom te jaan. Boppedat kearde Jakobus Hepburn, greve fan Bothwell werom út Frânske ballingskip. Doe't de protestanten net genôch stipe wisten te garjen om harren opstân ta in súkses te meitsjen, naam Moray yn oktober 1565 de wyk nei Ingelân.

 
Jakobus Hepburn, greve fan Bothwell.

Nije swierrichheden folgen doe't Darnley sa eigenfoldien waard dat er syn plak as gemaal net mear wist. Hy easke fan Marije dat hja him mei-regearjend kening meitsje soe, mei it rjocht om kening te bliuwen as er har oerlibje soe. Dat stegere Marije ôf, en hoewol't hja yn dyselde snuorje swier fan him waard, rekke harren ûnderlinge relaasje yn 'e nederklits. Darnley wie oergeunstich op Marije har bân mei har roomske priveesiktaris, David Rizzio, fan wa't kweatongen hawwe woene dat er de heit fan har bern wie. Dêrom spande Darnley gear mei guon protestantske eallju, mei wa't er op 9 maart 1566, by in feestmiel yn it Holyrood Paleis te Edinburch Rizzio foar de eagen fan Marije fermoarde. Doe't er in pear dagen letter ûntdiek dat de ûnthjitten dy't de protestanten him dien hiene, nearne op basearre wiene, rûn Darnley op 'e nij oer en holp er Marije om yn 'e nacht fan 11 op 12 maart út it paleis (en oan 'e ynfloed fan 'e protestanten) te ûntkommen. Hja holden har in wike beskûl yn it Kastiel fan Dunbar, foar't hja op 18 maart weromkearden nei Edinburch, doe't der in kompromis sletten wie mei protestanten. As gefolch dêrfan krigen Moray, Argyll en Glencairn harren âlde funksjes werom.


De moard op Darnley

bewurkje seksje

Op 19 juny 1566 befoel Marije yn it Kastiel fan Edinburch fan in soan, de lettere Jakobus VI fan Skotlân en Jakobus I fan Ingelân. Nettsjinsteande dat se in bern krigen hiene, wie Marije har houlik mei Darnley troch de moard op Rizzio foargoed teknoeid. Ein novimber 1566 mette Marije mei ferskate foaroansteande eallju om it 'probleem Darnley' te bepraten. It is wis dat men in skieding yn omtinken naam, mar nei alle gedachten waard der úteinlik in geheime gearspanning smeid om Darnley út 'e wei te romjen. Darnley siet yn elts gefal yn noed oer syn feilichheid, en ûntflechte fuort nei de doop fan syn soan, mids desimber, it Keninklik Hof om him beskûl te hâlden op 'e lânerijen fan syn heit by Glasgow. Oan it begjin fan 'e reis wied er slim siik, wat wol as gefolch fan in mislearre fergiftiging sjoen wurdt.

Ein jannewaris 1567 helle Marije Darnley oer om werom te kommen. Hy wie noch hieltyd net alhiel de âlde, dat hy waard fersoarge yn 'e eardere abdij Kirk o' Field, krekt binnen de stedsmuorren fan Edinburch. Moarnsier op 10 febrewaris waard Kirk o' Field ferwuostge troch in ûntploffing, en it lyk fan Darnley waard letter smoard weromfûn yn 'e tún fan it gebou. De fertinking foel op Moray en de protestanten, mar ek op Marije en fertroulingen fan har, lykas Bothwell en har siktaris Maitland. Uteinlik rekken de measte lju derfan oertsjûge dat Bothwell efter de moard op Darnley siet. Lennox, Darnley syn heit, easke yn it parlemint dat Bothwell berjochte wurde soe, en dêr stimde Marije yn ta, mar it fersyk fan Lennox om útstel sadat der bewiismateriaal sammele wurde koe, wiisde hja ôf. Sûnder bewizen waard Bothwell op 12 april fansels frijsprutsen.

 
Marije mei har soan Jakobus VI, hoewol't se him yn wurklikheid foar it lêst seach doe't er tsien moanne âld wie.

Finzenskip yn Skotlân

bewurkje seksje

Op 19 april 1567 krige Bothwell in stik as fiifentweintich eallju en biskoppen safier dat se it Bûn fan Ainslie Tavern tekenen, wêryn't se deryn tastimden om him te stypjen yn syn doel om mei de keninginne te trouwen. Fan 21 oant 23 april besocht Marije har soan yn Stirling foar de lêste kear. Underweis werom nei Edinburch waard hja op 24 april miskien mei har eigen goedkarring, mar miskien ek tsjin har wil ûntfierd troch Bothwell en syn soldaten. Hja waard meinommen nei it Kastiel fan Dunbar, dêr't Bothwell har mooglik ferkrêfte. Op 3 maaie makke Bothwell mei in skieding in ein oan syn earste houlik (mei Jean Gordon, de suster fan Huntley). Op 6 maaie kearden Bothwell en Marije tegearre werom yn Edinburch, dêr't se op 15 maaie by in protestantske tsjinst trouden.

Yn 't earstoan liek it as waard dit trêde houlik fan 'e keninginne stipe troch in grut part fan 'e Skotske adel, mar Bothwell, dy't no de titel hartoch fan Orkney taparte krige, rekke al rillegau deilis mei syn eardere oanhingers, en it houlik bliek aaklike ympopulêr te wêzen. De roomsen beskôgen it as ûnwettich, sawol om't it sletten wie neffens de protestantske rite, as om't hja Bothwell syn skieding net erkenden. Sawol protestanten as roomsen wiene skokt dat Marije mei immen troude dy't beskuldige waard fan 'e moard op har twadde man Darnley. De relaasje tusken Marije en Bothwell wie nei't it skynt ûnlijich, en de keninginne begûn har al gau mismoedich te fielen.

Seisentweintich Skotske eallju, dy't bekend kamen te stean as de Konfederearre Hearen, kamen yn iepen opstân, en Marije en Bothwell laten harren eigen troepen nei Carberry Hill. Der fûn lykwols gjin fjildslach plak om't it keninklike leger ûnder de ûnderhannelings foarôfgeande oan it treffen troch desersjes stadichoan fierder fuortteide. Bothwell mocht him frij ôfjaan, mar de hearen namen Marije mei nei Edinburch, dêr't it miene folk har útskelde foar troubrekster en moardneresse. De nachts dêrnei waard hja finzen set yn it Kastiel fan Loch Leven, op in eilantsje yn 'e mar Loch Leven. Dêr krige se tusken 20 en 23 july in miskream fan wat in twilling west hawwe soe. Op 24 july 1567 waard Marije twongen om ôfstân fan 'e Skotske troan te dwaan yn it foardiel fan har doe ien jier âlde soan Jakobus. Har healbroer Moray waard oansteld as regint, en Bothwell waard ferballe. Hy flechte nei Denemark, dêr't er finzen setten waard, oanhelle rekke mei sljochtsinnigens en yn 1578 stoar.

 
De sliepkeamer fan Marije yn Castle Bolton, dêr't se yn 1568 finzen holden waard.

Krapoan in jier letter, op 2 maaie 1568, ûntsnapte Marije út it Kastiel fan Loch Leven mei help fan George Douglas, de jongere broer fan 'e kastielhear William Douglas, greve fan Morton. Hja wist in leger fan 6.000 man gear te bringen, mar ferlear op 13 maaie de Slach by Langside tsjin 'e lytsere legermacht fan Moray. Wisberet dat se harsels net op 'e nij finzen sette litte soe, flechte Marije doe súdoan, en stiek se op 16 maaie op in fiskersboat de Solway Firth oer nei Ingelân.

Finzenskip yn Ingelân

bewurkje seksje

Marije ferwachte blykber dat har efternicht Elizabeth har helpe soe om 'e Skotske troan te weroverjen, mar dy hie datoangeande gjin haast, en oardere dat der earst in ûndersyk komme moast nei it hâlden en dragen fan 'e Konfederearre Hearen en oangeande de fraach oft Marije skuldich wie oan 'e moard op Darnley. Underwilens waard Marije earst fêstholden op it Kastiel fan Carlisle en dêrnei op it Kastiel fan Bolton, wylst har oanhingers yn Skotlân in boargeroarloch útfochten mei Moray-en-dy. Moray lei oan 'e ûndersykskommisje as bewiismateriaal tsjin Marije de saneamde Kistkebrieven (Casket Letters) foar, acht net-ûndertekene brieven dy't Marije oan Bothwell skreaun hawwe soe, twa houlikskontrakten en ien of mear leafdessonnetten, dy't fûn wêze soene yn in kistke mei dêrop it monogram fan Frâns II fan Frankryk. Marije ûntkende dat se de brieven skreaun hie en riddenearre dat har hânskrift maklikernôch ferfalske wurde koe.

De Kistkebrieven wurde sjoen as fan krúsjaal belang om te bepalen oft Marije sels yndirekt de hân hie yn 'e moard op Darnley, mar sa gau't Moray dermei op 'e lapen kaam, waarden se in ynset fan in polityk spultsje. Tsjintwurdich kin net mear bewiisd wurde oft se autentyk of ferfalske wiene, mei't de Frânsktalige orizjinelen ferneatige binne (wierskynlik yn 1584 troch Jakobus VI) en de Frânsk- en Ingelsktalige oerlevere kopyen gjin komplete set foarmje. De measten fan Marije har biografen (lykas Antonia Fraser, Alison Weir en John Guy) binne ta de konklúzje kommen dat de brieven nei alle gedachten òfwol folsleine ferfalskings wiene, òf dat der beskuldigjende passaazjes oan besteande brieven tafoege wiene. De Kistkebrieven wiene al foàr desimber 1567 fûn, mar wiene nea iepenbier makke om it finzen setten fan Marije te ûnderbouwen. Pas doe't Elizabeth fan Ingelân in ûndersykskommisje ynstelde, kamen Moray-en-dy dermei foar 't ljocht. Neffens skiedkundige Jenny Wormald wiist dy tsjinnichheid derop dat der wier bewiis tsjin Marije yn 'e brieven stie, wylst Alison Weir mient dat it bewiist dat Marije har tsjinstanners tiid nedich wiene om bewiismateriaal tsjin har te fabrisearjen.

 
Marije portrettearre ûnder har finzenskip.

Hoe dan ek, de measte tiidgenoaten fan Marije dy't de brieven ûnder eagen krigen, lykje se foar wier oannommen te hawwen, sa ek de leden fan 'e ûndersykskommisje. Sadwaande koe Elizabeth sûnder beswier de kommisje de útspraak dwaan litte dat der neat bewiisd wie tsjin 'e Konfederearre Hearen, en ek neat tsjin Marije, mar dat beide partijen likemin frijsprutsen wiene fan lykfolwat. Dat joech har de mooglikheid om har hannen fan 'e saak ôf te lûken sûnder dat se hoegde yn te gripen. Lykwols liet hja Marije net gean om't dy noch altyd oanspraak makke op 'e Ingelske troan en Elizabeth har dêrom as in bedriging seach. Histoarika Antonia Fraser fûn it ien fan 'e nuverste 'rjochtsaken' út 'e skiednis fan 'e rjochtspraak, mei't nimmen feroardiele waard, en dochs ien fan 'e partijen (Moray) frij wie om nei hûs ta, wylst de oare partij (Marije) yn finzenskip efterbleau.

Uteinlik soe Marije achttjin en in heal jier yn Ingelân finzen holden wurde. It wie gjin wrede foarm fan finzenskip, mar likegoed finzenskip. Fan jannewaris 1569 ôf waard Marije yn 'e hechten set ûnder tafersjoch fan George Talbot, greve fan Shrewsbury, en dy syn formidabele frou Bess fan Hardwick. Hja brocht de measte tiid troch op it Kastiel fan Tutbury, mar besocht út en troch ek de oare lânhuzen fan Shrewsbury, lykas it Kastiel fan Sheffield, Wingfield Manor en Chatsworth Hûs. Al dy lânerijen wiene lokalisearre yn it Ingelske binnenlân, likernôch healwei Londen en de Skotske grins, en sa fier fan 'e kust ôf as mar mooglik wie. Marije hie in eigen hofhâldinkje fan nea minder as sechstjin persoanen, wêrûnder in eigen kok, en as se fan it iene nei it oare plak ferhuze, wiene der tritich weinen nedich om har besittings te ferfieren. Doe't se meitiid oanhelle rekke mei rimmetyk, mocht se de simmers trochbringe yn it kueroard Buxton.

Yn maaie 1569 besocht Elizabeth Marije wer op 'e Skotske troan te krijen yn ruil foar de garânsje dat Skotlân tenei in protestantsk lân wêze soe, mar dat betingst waard troch de Skotten rislút fan 'e hân wiisd. Underwilens yntrigearre yn Ingelân Thomas Howard, hartoch fan Norfolk, dy't earder de ûndersykskommisje foarsitten hie, om mei Marije te trouwen. Fan 1569 oant 1570 liet Elizabeth him dêrfoar opslute yn 'e Toer fan Londen. Yn 1570 waard Moray yn Skotlân fermoarde, en teffens fûn der doe in rebûlje yn noardlik Ingelân plak, de saneamde Opstân fan it Noarden, dy't laat waard troch roomske eallju dy't Marije op 'e Ingelske troan bringe woene. Dat oertsjûge Elizabeth derfan dat Marije noch altyd in bedriging foar har foarme. Nei't de opstân delslein wie, ynterveniëarren Ingelske troepen yn 'e Skotske boargeroarloch en holpen de anty-Marije-partij oan 'e oerwinning.

 
De tombe fan Marije yn Westminster Abbey (sydoansicht).

Marije sels waard ûnderwilens goed yn 'e rekken holden troch Elizabeth har siktarissen sir Francis Walsingham en William Cecil, baron Burghley, dy't spionnen yn har hofhâlding pleatst hiene. Yn 1571 kaam sa it Ridolfi-komplot oan it ljocht, wat in plan wie om Elizabeth as keninginne te ferfangen troch Marije mei de help fan 'e hartoch fan Norfolk en Spaanske troepen. Fan gefolgen waard Norfolk terjochtsteld, en it Ingelske parlemint naam in wet oan dy't Marije útsleat fan 'e Ingelske troanopfolging. Nei't yn 1583 in nije gearspanning, it Throckmorton-komplot, ûntdutsen waard, yn 1585 folge troch in plan om Elizabeth te fermoardzjen wêrby't Marije har agint Thomas Morgan belutsen wie, waard Marije yn it mei in slotgrêft omjûne Kastiel fan Chartley ûnder it strangere tafersjoch pleatst fan sir Amias Paulet.

Terjochtstelling

bewurkje seksje

Yn augustus 1586 wiene der oanwizings dat Marije behelle wie yn it Babington-komplot. Walsingham besocht har doe út te lokjen troch har har brieven út it Kastiel fan Chartley smokkelje te litten, wêrnei't er dy ûnderskeppe liet. Doe't Marije har yn koade skreaune brieven ûntsifere wiene, die bliken dat hja yn 't foar wist fan 'e plannearre moardoanslach op Elizabeth, en dat hja har goedkarring dêroan jûn hie. Dêrop waard se oerbrocht nei it Kastiel fan Fotheringhay, dêr't se yn oktober 1586 terjochtstie foar ferrie. Marije, dy't it bewiismateriaal tsjin harsels net ynsjen mocht en gjin abbekaat krige om har te ferdigenjen, ûntkende alles en wiisde derop dat in bûtenlânsk steatshaad net fan ferrie beskuldige wurde koe. Likegoed waard se dêroan op 25 oktober troch in rjochtbank besteande út 36 Ingelske eallju skuldich befûn en ta de dea feroardiele. Mar ien fan 'e rjochters, baron Zouche, wie it net mei de strafbepaling (mar wol mei it fûnis) iens.

Dochs wifele Elizabeth om in oare keninginne om hals te bringen, mei't hja benaud wie foar de ynternasjonale konsekwinsjes en har der teffens fan bewust wie dat sa'n presedint him ek tsjin harsels keare koe. Dêrom frege se Paulet, Marije har sipier, oft er net in manear fine koe om it libben fan syn finzene "te ferkoartsjen". Paulet antwurde dat er dat net dwaan soe om't er syn "gewisse net as in skip brekslaan woe." Sadwaande tekene Elizabeth op 1 febrewaris 1587 it deafûnis fan Marije, dat op 'e moarn fan 8 febrewaris yn 'e grutte seal fan it Kastiel fan Fotheringhay útfierd waard troch har mei in bile de holle fan it lichem te skieden. Marije har lêste wurden wiene: "In manus tuas, Domine, commendo spiritum meum" ("Oan Jo hân, Hear, betrou ik myn geast ta").

 
De tombe fan Marije yn Westminster Abbey (boppe-oansicht)..

De boal miste har nekke mei syn earste slach, en rekke ynstee har efterholle. Mei de twadde slach fan 'e bile waard de keninginne ûnthalze. Neitiid hold de boal, in man dy't himsels fan Bull neame liet, har ôfsleine holle oan it hier omheech en sei: "God save the Queen." Op dat stuit bliek dat Marije in brúnhierrige prúk droech en foel har holle mei tige koart griis hier op it skavot. It lytse hûntsje fan 'e keninginne, in Skyeterriër, skynt him ûnder har rokken ferskûle te hawwen, en ferhipte it om dêrwei foar 't ljocht te kommen en syn bazinne te ferlitten oant er der mei geweld ta'n út sleept waard, wylst er tsjin dy tiid ûnder Marije har bloed siet. It hûntsje waard ôffierd om wosken te wurden, en om relikwyejagers te dwerseidzjen waarden al Marije har klean, it blok en alles dêr't hja op blet hie, ferbaarnd yn it hurdstee fan 'e seal.

Doe't it nijs fan 'e terjochtstelling Elizabeth berikte, bearde dy lulk te wêzen. Hja hold út dat se it troch har tekene deafûnis tabetroud hie oan har riedshear William Davison, en dat it net har bedoeling west hie dat dy it oan oaren sjen litte soe. Davison hie it dokumint ûnder de oandacht brocht fan guon oare riedshearen, en dy soene sûnder Elizabeth har wittenskip of goedkarring op eigen manneboet besletten hawwe dat it fûnis fuortendaliks útfierd wurde moast. Mei har wifeling en har mei opset sin dizenich opstelde ynstruksjes besocht Elizabeth oan 'e ferantwurdlikheid foar de terjochtstelling fan har efternicht te ûntkommen, mar sels yn har eigen tiid trape nimmen dêryn. Likegoed spile Elizabeth it spul út en waard Davison yn 'e Toer fan Londen finzenset. Pas nei goed oardel jier kaam er dêr op foarspraak fan Cecil en Walsingham wer út.

Marije har fersyk om yn Frankryk begroeven te wurden, waard troch Elizabeth ôfstegere. Har lichem waard balseme en yn in leaden deakiste bewarre oant se ein july 1587 by in protestantske tsjinst yn 'e katedraal fan Peterborough begroeven waard. Har yngewant, dat by de balseming ferwidere wie, waard yn it geheim yn it Kastiel fan Fotheringhay begroeven. Yn 1612 liet Marije har soan Jakobus, dy't tsjin dy tiid ek kening fan Ingelân wie, it lichem fan syn mem opgrave en oerbringe nei Westminster Abbey, yn Londen, dêr't it yn in sydkapel werbegroeven waard, rjocht foar in oare sydkapel oer dêr't Elizabeth begroeven leit.

Foarâlden fan Marije I fan Skotlân

bewurkje seksje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Jakobus II, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
8. Jakobus III, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Marije fan Egmont, hartoginne fan Gelderlân
 
 
 
 
 
 
 
4. Jakobus IV, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. Kristiaan I, kening fan Denemark
 
 
 
 
 
 
 
9. Margareta, prinsesse fan Denemark
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Doroteä, hartoginne fan Brandenburch
 
 
 
 
 
 
 
2. Jakobus V, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Edmund Tudor, 1e greve fan Richmond
 
 
 
 
 
 
 
10. HIndrik VII, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Margareta Beaufort, grevinne fan Derby
 
 
 
 
 
 
 
5. Margareta, prinsesse fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Edwert IV, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
11. Elizabeth, prinsesse fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Elizabeth Woodville
 
 
 
 
 
 
 
1. Marije I, keninginne fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Freark II, greve fan Vaudémont
 
 
 
 
 
 
 
12. René II, hartoch fan Loataringen
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Jolanda, hartoginne fan Anzjû
 
 
 
 
 
 
 
6. Klaudius, hartoch fan Guise
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Adolf fan Egmont, hartoch fan Gelderlân
 
 
 
 
 
 
 
13. Filippa fan Egmont, hartoginne fan Gelderlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Katarina, hartoginne fan Boerbon
 
 
 
 
 
 
 
3. Marije, hartoginne fan Guise
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Jan II, greve fan Vendôme
 
 
 
 
 
 
 
14. Frâns, greve fan Vendôme
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Isabella, grevinne fan Beauveau
 
 
 
 
 
 
 
7. Antoinette, hartoginne fan Boerbon
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Piter II fan Lúksemboarch, greve fan Sint-Pol
 
 
 
 
 
 
 
15. Marije fan Lúksemboarch, grevinne fan Sint-Pol
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Margareta, hartoginne fan Savoaye
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading op dizze side.