Falkejacht

(Trochferwiisd fan Falkerij)

De falkejacht of falkerij is fan âlds de keunst fan it fangen en belearen fan falken foar de jacht. Tsjintwurdich wurdt it sjoen as it ôfrjochtsjen fan rôffûgels foar de jacht, hobby en berop ( benammen ferjeien en oerlêstbestriding ).

falk
lanning

Ien dy't de falkerij beoefent is in falkenier. In echte falkenier hat de kunde en ûnderfining om in rôffûgel sa te trenen, dat dizze op kondysje is en by steat is proai te bemachtigjen. Yn falkerijtermen is de fûgel yn Yarak as dizze op jachtgewicht is.

Yn it 'soenbrief' fan hartoch Albrecht fan Beieren en dy fan Eastergoa en Westergoa )11 augustus 1398) stiet dat 'elc man zwanen ende vogelen'(allinnich rôffûgels foar de jacht fan fear mei fear) hâlde mei 'nae zynre geneugte'. Dochs binne der gjin oanwizings, dat de falkejacht, it 'fleanen mei de fûgel'ea yn fryslân dien waard. Wol wienen yn de 17e en 18e iuw op trije plakken yn woaste heide- en heechfeangebieten fan Opsterlân 'falkeniershutten'- by Sigerswâld (It Foarwurk) en by De Haule (Koudenburch), dêr't de Noardbrabânske falkeniers de fûgels fongen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: