Sigerswâld (Opsterlân)
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Opsterlân | ||||
Ynwennertal (2016) | 830 | ||||
Webstee | www.siegerswoude.org |
Sigerswâld is in doarp yn de gemeente Opsterlân, mei in lytse 875 ynwenners (2005). Sigerswâld is in lintdoarp. Sigerswâld hat har eigen kabelnetwurk, dat yn 1998 oanlein is. It doarp wurdt troch in wei en in feart yn twaen dield.
Sigerswâld hat twa tsjerken, in Kristlik Grifformearde en in Nederlânsk Herfoarme.
Tsjin Oerterp oan, oan De Mersken, leit de Mersker Heide.
SkiednisBewurkje
De namme komt faaks fan de eigennamme Siger en bosk, dat grif in broekbosk west hat. Troch de muontsen út it kleaster fan Smelle Ie waard hjir yn de Midsiuwen turf stutsen. Dy wurken en wennen yn in úthôf op it Foarwurk. Yn ien fan de âldste akten dy't bekend binne, akkordearren se mei de boeren oer it kearen fan it wetter fan it Alddjip en de langte fan de ûngetiid.
Om 1250 hinne is er yn Sigerswâld in tsjerke boud.
Neffens guon boarnen wie de Drachtster Kompanjonsfeart om 1664 hinne oer Sigerswâld trochlutsen nei Bakkefean. Yn 1744 wie it ferfeantsjen by Sigerwâld dien. Om 1950-'60 hinne is de feart dêr wer ticht smiten, yn deselde tiid dat de Mersken en in stik fan it Skar omset binne ta greide en boerelân.
Sigerswâld wie eartiids út trije parten opboud: Fryske Peallen, It Foarwurk en de Fryske Wylp. Fryske Peallen gie yn 1953 mei stikken fan Oerterp as selsstannich doarp fierder. Njonken dizze trije bewenne parten hat Sigerswâld ek nog twa lânlike parten: de Boerestreek en de Mjûmer.
MienskipBewurkje
Doarpshûs is de "Uthôf", hjir hat de feriening Doarpsbelangen út 1879 har gearkomsten. Der binne fiif buertferienings: 'Foarút', 'Om de Waskmer', 'Klauwertsbrêge', 'Mei inoar Ien', 'Rûnom de skoalle'. 'It Bijehûs' is it pjutteboartersplak.
De aksje Vroeg op stap fan de froulju Gorter en Loonen út Sigerswâld hat tûzenen hantekens opsmiten. De froulju wolle foarelkoar krije dat de jongerein sneons betider jûns nei de disko giet. Besikers kinne op in ynternetside in petysje ûndertekenje. De hantekens waarden 2008 oanbean oan de Twadde Keamer.
TsjerkenBewurkje
- Elim, kristlik-grifformearde gemeente Sigerswâld-De Wylp
- Eastertsjerke, PKN gemeente Sigerswâld-De Wylp (oarspronklik grifformeard)
- Herfoarme tsjerke, PKN-gemeente It Keningsfjild
FerieningsBewurkje
Oant 1929 wie der yn Sigerswâld in fuotbalferiening. Doe't dy nei Bakkefean ferhuze, waard kuorbalferiening G en O, oprjochte. Letter waard dat VKC (Voorwerker Korfbal Club).
- Ysnocht - iisklup
- Bêst Genôch - muzyk
SkoallenBewurkje
Sigerswâld hie oant 2012 twa basisskoallen, CBS 'De Foarikker' en de iepenbiere basisskoalle t Foarwurk'.
Kristlike basisskoalle De FoarikkerBewurkje
Yn 1922 waard dizze skoalle oprjochte as School met den Bijbel troch evangelist Everhardus van Aken. De skoalle waard yn 1984 ferboud en hat yn dy snuorje de namme CBS De Foarikker krige.[1] Maaie 2014 waard bekend dat de skoalle op 31 july 2014 ticht gie fanwegen te min learlingen. De skoalle fusearre mei CBS 'Betrouwen' yn Bakkefean.[2]
Iepenbiere basisskoalle 't FoarwurkBewurkje
Fan 1922 oant 2012 koe der yn Sigerswâld iepenbier ûnderwiis folge wurde oan 't Foarwurk. Om reden fan in te leech tal learlingen moast de skoalle yn augustus 2012 slute en folge in fúzje mei de iepenbiere basisskoalle 'De Skâns' yn Fryske Peallen. Gearwurkjen tusken 't Foarwurk en De Foarikker as brede skoalle krige te min stipe fan de âlders fan de bern fan de twa skoallen.[3] De eardere skoalle oan it Foarwurk is om 1922 boud.
BefolkingBewurkje
StrjittenBewurkje
Beakendyk, Binnenwei, Boskwei, Bremerwei, De Mersken, Dwarswyk, Foarwurk, Grinzerleane, Klauwertswei, Langpaed, Middenwei, Skieppedrift, Skoallelân, Taeijewyk, Uthôf, Van Akenwei, Van Houtenwei, Waskmerwei.
Everhardus van Aken wie in evangelist dy't ek in soad foar de earme heidsjers die en dy't yn 1922 de kristlike skoalle stifte.
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Haadplak: Beetstersweach | |
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | |
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden |