Herfoarme tsjerke (Sigerswâld)

De Herfoarme tsjerke oan de Binnenwei yn Sigerswâld is in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente It Keningsfjild. It is ien fan de trije tsjerken fan de gemeente.

Herfoarme tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
plak Sigerswâld
adres Binnenwei 14
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1970
arsjitekt Jo Vegter
offisjele webside
Side PKN gemeente It Keningsfjild
 
De tsjerke yn 1722, troch Jacobus Stellingwerf

Yn de midsiuwen hiene muontsen fan it kleaster fan Smelle Ie by It Foarwurk in úthôf. Dy muontsen groeven hjir turf en lieten harren skiep op de heidefjilden by Bakkefean weidzje. De oan Jakobus de Meardere wijde tsjerke waard nei de reformaasje in protestantske tsjerke.

De nei alle gedachten 16e iuwske tsjerke, dy't op it tsjerkhôf oan De Mersken sa'n 300 meter súdliker as de hjoeddeiske tsjerke stie, moast yn 1909 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen wurde. De tsjerke waard ferfongen troch nijbou, dy't yn 1941 ôfbaarnde. Ek de klok en it oargel gyngen mei dy brân ferlern. Fan de 16-iuwske tsjerke waarden de kleastermoppen wer brûkt foar it yn 1914 boude baarhûske op it hôf. Dat baarhûske stiet op it plak fan de âlde tsjerke, wêrfan't it plak de eardere muorren mei in hage oanjûn wurdt.

Nei de oarloch waard yn 1949 in nije herfoarme tsjerke boud oan de Binnenwei. It ûntwerp fan it ienfâldige sealtsjerke waard levere troch Jo Vegter.

De tsjerke hat gjin piipoargel, mar in elektroanysk Heyligers-oargel en in in elektroanysk Johannus-oargel, type Opus 6.

It Keningsfjild

bewurkje seksje

Sûnt it begjin fan 2017 foarmet de herfoarme gemeente fan Sigerswâld tegearre mei de herfoarmen út Oerterp en Fryske Peallen en de grifformearden en herfoarmen fan Bakkefean de PKN-gemeente It Keningsfjild.[1]

Oare tsjerken PKN-gemeente It Keningsfjild

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: