Oerterp

Oerterp is in doarp yn de gemeente Opsterlân, eastlik fan Drachten. It is mei sa'n 4800 ynwenners (2019) fergelike mei De Gordyk it twadgrutste doarp fan de gemeente Opsterlân.

Oerterp
Sint-Petrustsjerke fan Oerterp
Sint-Petrustsjerke fan Oerterp
Emblemen
Oerterp vlag.svg               Ureterp dorpswapen.svg
Sifers
Ynwennertal 4.860 (2021)[1]
Oerflak 25,52 km²
Befolkingsticht. 190 /km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flag of Opsterland.svg Opsterlân
Oar
Postkoade 9247
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 6' NB, 6° 10' EL
Offisjele webside
www.oerterp.nl
Kaart
Oerterp (Fryslân)
Oerterp
Lizzing fan Oerterp yn Fryslân
Kaart
Sint-Petrustsjerke fan Oerterp
Himrik fan Oerterp yn Opsterlân
Weibuorren, de haadstrjitte
Weibuorren 60/62

LizzingBewurkje

It doarp hat in geunstige lizzing by Drachten (6 km) en it Knooppunt Oerterperfallaat fan de A7 fan It Hearrenfean nei Grins en de N31 fan Ljouwert nei Emmen. Sadwaande wenje der in soad forinzen yn it doarp. De middenstân wreidet him stadichoan út trochdat der in soad nijbou dien wurdt.

SkiednisBewurkje

Oerterp is in streekdoarp tegearre mei Selmien oan de westkant en Sigerswâld oan de eastkant. Yn tsjinstelling mei oare weidoarpen, lykas yn Grinslân of Drinte, is it lykwols net troch feanterij ûntstien (Boarne). De langhalige foarm is in gefolch fan de lizzing op de deksânrêch tusken de oarspronklike Drait en De Boarn (op dat stik no it Alddjip). De earste bewenning wie op dy sânrêch en moat faaks al in tûzen jier âld wêze, al wennen der net in soad minsken. As middel fan bestean wiene de minsken oanwiisd op de ienfâldige lânbou en feehâlderij. De namme Oerterp (Urathorp, mei oer = boppe) wurdt ferklearre mei dy fan Olterterp (Utrathorp mei uter = bûten) út de lizzing neffens de Boarn: Oerterp boppestreams en Olterterp wat leger. Terp betsjut hjir dus doarp.

De langhalige bebouwing hie te krijen mei de kavelferdieling fan noard nei súd. Alle grûn wie eigendom fan de kleasters. De opset fan de ferdieling wie dat elke "boer" likense kânsen krige: in part fan it heechfean, in part fan yn kultuer brochte (of noch yn kultuer te bringen) grûn en in útgong fia de heidegebieten nei greiden oan it Alddjip. Mear as hûndert jier letter ûntstie yn it heechfeangebiet noard fan it doarp bewenning troch it graven fan de feart út Drachten wie fanwegen de feanôfgraving. Sa ûntstie yn dit gebiet in nij part fan Oerterp, dat goed in jier letter al mear ynwenners, yn it earstoan benammen feanarbeiders, skippers en hannelers, hie as de âlde boerestreek fan it doarp.

Under archeologen hat Oerterp bekendheid trochdat dêr yn 1943 by de Prinsedobbe oan de Mûneleane oerbliuwsels fûn binne fan rindierjagers út 'e ein fan de Alde Stientiid, sa'n 10.000 oant 9800 foar Kristus, flak nei de lêste iistiid. Op in gebiet fan 85 kante meter op de ringwâl fan de dobbe waarden 5.408 fjoerstiennen foarwerpen fûn, wêrfan 1.360 stikken ark lykas krombekstekkers en fierders ôfslaggen en kearnstikken. It klimaat moat hjir doe west hawwe lykas yn Laplân en Noard-Sibearje no. De minsken dy't hjir omswalken wienen oanwiisd op wat it lânskip harren te bieden hie: allinnich de hege sânrêgen tusken de rivierkes wienen begeanbear. Men nimt oan dat it hjir om simmerkampen giet. Omdat fergelykbere oerbliuwsels fûn binne by Hamburch stiet dizze kultuer bekend as de Hamburchkultuer. Ek by Havelte waarden der resten fan fûn.

Fan 1944 oant 2000 wie yn 'e buorskip Selmien ûnder Oerterp de proefbuorkerij Bosma Zathe fêstige.

BouwurkenBewurkje

 
Klokkestoel Oerterp

Oerterp hat net folle monuminten. It wie in earme streek en de kwaliteit fan it boude wie trochstrings net heech. Fierwei de measte huzen binne dan ek yn de 20e iuw boud. In útsûndering is it oan alle kanten skeane hûs njonken de supermerk op de Weibuorren 60/62 mei de lytse raamkes, en dat is dan ek beskerme as monumint. Fierders is der noch in gevelstien ynmitsele neist de foardoar fan it eardere postkantoor op Weibuorren 76:

Heere Hendriks
geweesen Brou
wer tot Oerterp
1740

De stien is dúdlik âlder as it gebou, dat dêr yn 1919 kaam op it stee fan it doe foar de twadde kear ôfbaarnde kafee/loazjemint. De stien siet earder yn it loazjemint, mar de brouwerij fan Heere Hendriks stie oan de Feart op de hoeke fan de Brouwersleane. Heere Hendriks lei flak neist it tsjerke begroeven ûnder in lizzende stien. Syn grêf is nei de Twadde Wrâldoarloch romme. De stien fan syn heit leit yn 'e tsjerke. Op it tsjerkhôf stiet ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.

MûnenBewurkje

Oan de Mûnestrjitte stiet it stiennen ûnderstik fan in achtkante reiddutsen stellingnôtmole. It stee dêr't de stellingskoaren fêstsitten hawwe is noch te sjen oan de heakken yn de muorre. De mûne waard boud yn 1872 mei ûnderdielen fan in ôfbrutsen houtseachmole út de Saanstreek. Hy hiet "De Bruinvisch". Yn 1925 knapte in moleroede en waard der in motor ûnderyn de mole setten. De mole-as waard yn 1927 ferkocht nei Aduard en is dêr yn de noch besteande wettermole set. It hûs rjochts derneist wie de mûnderswente dy't letter, om 1911 hinne, byboud waard. De âlde mûnderswente stiet noch oan de saneamde "Kaltsreed".

Om 1670 waard hjir flakby, oan de hjoeddeiske Postleane, in folmole boud foar it "foljen" (it fertichtsjen fan de stof troch de fezels dêrfan de iepeningen yn it weefsel opfolje te litten) fan weefde wollen stoffen mei stampers yn bakken mei ûnder mear urine. Troch se sa folje te litten waarden se tichter en dus waarmer. De wol sil komd wêze fan de skiep dy't op de heide hâlden waarden en sil troch in soad minsken thús spûn en weefd wêze. Yn 1749 wie Jan Sanders timmerman en folmulder yn Oerterp. De mole ferdwûn nei 1800.

(ned) Oer de eardere mûnen fia www.molendatabase.org:

Poldermûnen (mooglik lytse mûnen) lokaasjes net alhiel wis.

MienskipBewurkje

It doarp hat in oantal buertferienings dy't ek aktiviteiten organisearje. Der binne trije basisskoallen: in iepenbiere (De Twirre), in algemien kristlike (De Opdracht) en in grifformeard frijmakke (Eben Haëzer). Hummelterp en de Spil binne de twa pjutteboartersplakken.

EvenemintenBewurkje

Alle twa jier wurdt der in doarpsfeest hâlden. Dit bart op de ûneven jiertallen. Der is dan in merke, in grutte feesttinte en in soad aktiviteiten troch de eigen bewenners. It feest duorret fjouwer dagen. Fierders binne der ferskate optredens fan de majorettes en fanfare. Op de langste dei, elts jier op 21 juny, wurdt de haadwei ôfsluten en is dêr in grutte merk mei in soad aktiviteiten, organisearre troch de Sportclubs yn Oerterp. Fierders hat Oerterp noch in iisbaan, twa grutte boarterstunen, in skatebaan, in sportsintrum (MFC De Wier), in jongereinsoas en in aktiviteitensintrum yn De Wier. Elk jier is der boppedat in grut konsert fan ferskate rock-artysten: Oerrock

TsjerkenBewurkje

FerieningsBewurkje

Sportferienigings

  • Basketballvereniging Five Pack
  • BV Oerterp (badminton)
  • GVV De Trochsetters (foljebal)
  • Iisferiening Oerterp - De Baanbrekers
  • KV Oerterp (kuorbal)
  • OGF Contra (gymnastyk)
  • TV Oerterp (tennis)
  • Ferienining Damklup Oerterp
  • Fuotbalferiening Oerterp
  • PV De Snip (dowen)

Sjong- en muzykferienings

  • Kristlik mingde sjongferiening Looft den Heer
  • Kristlike Muzykferiening De Bazuin - brassband
  • Fanfare Oerterp
  • Grifformearde Gospelkoar Amfora
  • Grifformearde Brassband De Lofklank - brassband
  • Gospelgroep De Lighting Stars
  • Oanbreide Hoazzen (muzykgroep)
  • Showband Oerterp
  • 't Oerterper Manljuskoar
  • Dweilorkest de ' Oertetters'
  • Frouljuskoar 'Hjerres'

Oare ferienings

  • Bridgeklup Oerterp
  • Toanielferiening Op Nij Foriene
  • Feriening Natuer en Miljeu Oerterp e.o.
  • Fûgelwacht Oerterp e.o.





BefolkingBewurkje

Berne yn OerterpBewurkje

Sjoch ekBewurkje

StrjittenBewurkje

Alle strjitten yn Oerterp.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oerterp fan Wikimedia Commons.
 
Plakken yn de gemeente Opsterlân
 
Haadplak: Beetstersweach
Doarpen en útbuorrens: BakkefeanFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen: Ald BeetsAllardseach (foar in part) • It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part) • Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden