Roel Walda (Oerterp, 18 augustus 1897It Hearrenfean, 21 septimber 1983) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de PvdA.

Roel Walda
politikus
echte namme Roel Walda
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 18 augustus 1897
berteplak Oerterp
stjerdatum 21 septimber 1983
stjerplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
partij PvdA
boargemaster fan It Amelân
amtsperioade 1945-1955
foargonger Johan Bolomeij
opfolger Ferry Huber
boargemaster fan Idaerderadiel
amtsperioade 1955-1962
foargonger Cornelius Renken
opfolger Kees Vrijling

Hy wie in soan fan Lieuwe Walda (1875-1851; arbeider) en Elizabeth Catharina Casemier (1877-1965). Om 1920 hinne ferhuze er nei Hylpen dêr't er in badhotel eksploitearre, mar ek wethâlder wie. Hy wie aktyf yn it ferset en moast yn 1942 ûnderdûke. It lêste healjier fan de oarloch siet er yn de stêf fan de Fryske ôfdieling fan de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten.

Walda waard yn juny 1945 de waarnimmend boargemaster fan It Amelân en letter dat jier folge syn beneaming ta boargemaster dêre. Fan 1955 ôf wie er de boargemaster fan Idaerderadiel. Walda gie dêr yn 1962 mei pensjoen en yn 1983 ferstoar er yn 'e âldens fan 86 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Walle de, Hessel, De Mannen van de Overval. Wijdemeer, Dokkum (2019), s. 416. ISBN 9789492052599.
  • Wijbenga, Pieter, Bezettingstijd in Friesland, deel I-III. De Tille, Ljouwert (1978), s. 1263. ISBN 907001064X.
  • Ypma, IJsbrand Nicolaas, Friesland Annis Domini. Vereniging Friesland 1940-1945, Dokkum (1953), s. 369.