Grifformeard-frijmakke tsjerke (Oerterp)

De Levensbron oan De Feart is de tsjerke fan frijmakke gemeente yn Oerterp.

De Levensbron
Lokaasje
gemeente boder Opsterlân
plak Oerterp
adres De Feart 85
koördinaten 53° 06' N 6° 09' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Grifformearde Tsjerken-frijmakke
Arsjitektuer
boujier 1975
Webside
Side fan gemeente
Kaart
Grifformeard-frijmakke tsjerke (Fryslân)
Grifformeard-frijmakke tsjerke

Op 4 maart 1860 waard der yn Oerterp in kristlik-ôfskieden gemeente stifte. Ynearsten kamen de leden fan de tsjerke byinoar yn in skuorre, mar rillegau kaam der foar de gemeente in tsjerkegebou. Under dûmny Van Wageningen, dy't yn Oerterp fan 1877 oant 1907 stie, naam it tal leden troch de doleânsje en it doopjen fan folwoeksenen foars ta en moast de tsjerke in ferbouwing ûndergean.

In skeel yn de lear mei de synoade wie yn 1946 de oarsaak dat dûmny Meedendorp him mei it grutste diel fan de tsjerkeried losmakke fan de Grifformearde Tsjerke. It tsjerkegebou en de pastory waarden nei in lange striid tawiisd oan de gemeente fan it doe oprjochte tsjerkegenoatskip fan de Grifformearde Tsjerken frijmakke. De grifformearden dy't trou bleaune oan de synoade tsjerken dêrnei yn in needgebou en lieten letter yn it doarp oan de Mounestrjitte in nije tsjerke bouwe.

Yn 1975 waard de âlde tsjerke ôfbrutsen om plak te meitsjen foar nijbou. Yn 1993 folge der in útwreiding en yn 2008 in renovaasje.[1]

It oargel waard yn 1979 troch Van Vulpen út Utert boud. De klankkleur fan it ynstrumint is 17e-iuwsk. Njonken de begelieding fan de sang yn de tsjerketsjinst wurde der ek út en troch konserten op it ynstrumint jûn, dy't op de side fan de gemeente kundich wurde makke.[2][3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: