Grifformearde tsjerke (Oerterp)

De Ontmoetingskerk is de grifformearde tsjerke fan Oerterp. De gemeente is oansletten by de PKN.

Ontmoetingskerk
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente boder Opsterlân
plak Oerterp
adres Mounestrjitte 12
koördinaten 53° 05' N 6° 10' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt G. Riddersma
boujier 1961-1962
Webside
Side fan de gemeente
Kaart
Grifformearde tsjerke (Fryslân)
Grifformearde tsjerke

Untstean fan de gemeente

bewurkje seksje

Ut ûnfrede mei de ynfloed fan de oerheid op de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, it floreenstelsel en de frijsinnige wyn dy't troch de tsjerke waaide ûntstie der ûnder oanfiering fan dûmny De Cock út Ulrum in skuorring yn de tsjerke. Ek yn Oerterp ûntstie op 4 maart 1860 in lytse ôfskieden gemeente, dy't de Trije Formulieren fan Ienichheid út 1619 wer fan tapassing ferklearre en ynearsten tsjerken yn in skuorre oan de Feart, dêr't de ôfskieding mear oanhing krige as yn it doarp. Yn 1861 kaam dêr it earste tsjerkje foar yn it plak en letter waard der in pastory byboud.

Benammen nei't yn 1877 Van Wageningen dûmny waard naam it tal leden fan de doe noch Kristlik Grifformearde Tsjerke hurd ta. Yn syn amtsperioade fûn de doleânsje plak en yn 1907 wiene al 560 minsken lid fan de gemeente, dy't yntusken oansletten wie by de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. De âlde tsjerke waard yn dat jier ferfongen troch in nije en gruttere tsjerke.

De gemeente waard jimmeroan grutter en telde al hast 900 leden doe't dûmny T.H. Medendorp yn 1940 beroppen waard. Tidens syn perioade yn Oerterp ûntstie in grut konflikt yn de Grifformearde Tsjerke, dêr't de lanlike synoade in grutte hân yn hie troch sûnder dat der fanút de tsjerken om frege wie in útspraak te dwaan oer kwestjes, dêr't oant dy tiid binnen de Grifformearde Tsjerke ferskillende mienings oer bestiene en dêr't de synoade yn 1942 in ein oan makke troch ien stânpunt ta lear te ferklearjen. Foar de grifformearde gemeente betsjutte it konflikt dat Medendorp en in mearderheid fan de tsjerkeried harren yn 1946 frij makken fan dat synoadebeslút en dêrmei ûntstie in skuorring yn it grifformearde bastion, dy't foar tal fan Oerterper famyljes en ferienings grutte gefolgen hie. De gemeente dy't har oansleat by de frijmakking krige al it tsjerklik besit tawiisd en de synodale grifformearden moasten alles wer fan de grûn ôf opbouwe.

Nei de skuorring

bewurkje seksje
 
Betinkingsstien yn de muorre fan de tsjerke

Ynearsten tsjerken de synodalen yn in needtsjerke oan de feart, mar yn it begjin fan de jierren 1960 waard in nije tsjerke boud yn it doarp.

Yn it ramt fan it 125 jierrich bestean fan de grifformearde tsjerke yn 1985 waard troch Klaas Tulp it boek "De Oerterper Grifformearden: geschiedenis van een afscheidingskerk vanaf 1860" skreaun.

It oargel fan De Ontmoetingskerk datearret fan 1973 en is as opus 859 boud troch de firma L. Verschueren, Heythuysen.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: