Beetstersweach
Beetstersweach is it haadplak fan de gemeente Opsterlân. It doarp leit súd fan Drachten. Oan de Haadstrjitte steane de bûtenhûzen mei de oertunen fan bekende famyljes, dy't sûnt 1550 de grytmannen fan de gritenij leveren. It doarpsgebiet wurdt troch de A7 midstwa dield en noardlik dêrfan leit it memmedoarp Ald Beets.
Beetstersweach | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 3.610 (↑) (2021) [1] |
Oerflak | 14,78 km², wêrfan: lân: 14,40 km² wetter: 0,38 km² |
Befolkingstichtens | 251 ynw. / km² |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 03' N 6° 04' E |
Webside | Side Beetstersweach-Olterterp |
EtymologyBewurkje
Nei alle gedachten wurdt it plak yn 1315 foar it earst neamd as 'Suagh'. It doarp waard fanút Beets stifte; sweach betsjut 'streek mei greide'. It plak waard yn de rin fan de tiid ferskillend skreaun: Bestra swaegh en Bexterswægh (1502); Betzerswaech, Beetsterswage en Beesterwaege (16e iuw), Beetsterswagh (1664), Beetsterswaagh (1700) en sûnt 1823 Beetsterzwaag.[2]
SkiednisBewurkje
Beetstersweach wie eartiids in foarnaam doarp fanwege har aadlike bewenners. Ek no noch hat it doarp in foarneam karakter; mids bosken en heidefjilden en mei in soad histoaryske huzen en moai oanleine tunen yn de buorren. De buorren binne teminsten trije-en-in-heale iuw âld en de histoaryske gebouwen tsjûgje fan de rike adel yn de 18e en 19e iuw. In foarfaar fan dy aadlike famyljes is Teije Eabels, dy’t yn de earste helte fan de 16e iuw yn Duerswâld wenne. Guon út syn neiteam waarden troch it grutgrûnbesit grytman.
Beetstersweach is in lintdoarp, ûntstien op in sânrêch dy 't fan Ald Beets oer Beetstersweach yn de rjochting Drachten rint. It is fan't westen út, fan Beets ôf, útgroeid ta in delsetting dêr't adel en patrisiaat harren bûtens bouwe lieten. Yn 1622 neamde Pier Winsemius it : een clein dorp in zijn begrijp, tamelyck vruchtbaer, maer verciert met een schone wei behuysde ende bestrate gebuyrte. Yn alle gefallen stienen dêr yn de twadde helte fan de 17e iuw al fjouwer bûtens.
18e iuwBewurkje
Ein 18e iuw is De Sweach it foarnaamste doarp fan de gritenij en dêr stekt de 'Tegenwoordige Staat van Friesland' de loftrompet oer: Beetsterzwaag, een aangenaam en vermaaklyk Dorp, is van rondom met allerlei geboomte beplant en heeft een zeer schoone en bestraate buurt, waarin vercheiden treflyke huizen gevonden worden, onder welke nogthans uitmunt het schoone gebouw, dat is gesticht door wylen den Heere Martinus Fokkens, weleer Grietman van Opsterland, staande op het Westeinde ten Noorden van de buurt. Niet verre van daar zag men ook, in voorige dagen, een schoon huis, voorzien met een ruim Hornleger, beplant met voortreflyke Eiken boomen, doch die voor weinige jaaren zijn uitgeroeid, terwyl ook ‘t huis zelf thans van zyn voorig aanzien versteeken is, het draagt den naam van oud Fokkens en tegen over ‘t zelve staat ook nog een aanzienlyk en aangenaam gebouw, dat weleer bewoond werd door den Heere Saco van Teiens, in leeven Gedeputeerde Staat ten Landsdage. Wylen de Raadsheer Ayso van Boelens heeft hier ook veele jaaren gewoond op een schoone plaats.
Yn 1788 stie de tsjerke al oan de noardkant fan de hjoeddeiske Haadstrjitte. Ek yn Ald Beets stie in tsjerke. De hegerein keas benammen foar dizze kontreien om de rêst en de bosken. Leanen en fersprate boskjes fûn men doedestiids al yn Beetstersweach, mar fan it begjin fan de 18e iuw ôf begûnen de grutgrûnbesitters bosken op de heide oan de plantsjen en mear rendearjende lânderijen oan te lizzen. It doarp ûntjoech him ta in eptich doarp. By de âlde Hearenwei lâns wie yn de kearn sletten bebouwing ûntstien en oan de west- en eastkant stienen de bûtens yn farieard oanleine lânguodden.
19e iuwBewurkje
Doe ‘t yn 1804 in nije tsjerke boud wurde koe, kaam dy wer op itselde plak, efter de bebouwing fan de Haadstrjitte. De tsjerke is in kloeke, ienfâldige sealtsjerke, mei in trijekantich koar en in toer mei in achtkantige spits en in liedklok út 1739. Yn de 20e iuw is der in konsistoarje bij oanboud.
Oan de westkant fan de Haadstrjitte stiet it út 1839 datearjende neoklassisistyske, eardere gritenijhûs dat yn 1909 ferhege is foar it kantongerjocht. Noch westliker stiet Fockensstate, in neitins oan de âldste fêstiging fan de elite. De âlde Fockensstate waard yn 1878 ôfbrutsen om dêrfoar yn it plak in foarein fan in pleats, nei in ûntwerp fan Luitje de Goed, del te setten. Dêr yn ‘e buert is yn 1822 Lyndenstein boud, dat letter in bernesikehûs waard en dêrta yn 1917 ferboud waard. It bûten hie in oertún fan Lucas Roodbaard.
Oan de eastlike flank fan de Haadstrjitte stiet it yn 1824 stichte Lycklamahûs mei in koetshús, dat ferskate kearen feroare is en no diel útmakket fan it gemeentehûs. Ek by dit aadlike hûs hearre tunen; yn de oertún steane kassen út de 19e iuw. Troch de frij sletten lintbebouwing fan de Hoofdstraat ha de útwreidings fan nei de oarloch – earst yn it suden en letter grutskaliger yn it noarden – ferbinings krigen dy ‘t in steech-karakter ha. Sa liket is dat de fariearde bebouwing amper ûnderbrutsen is.
20e iuwBewurkje
Bûten de kom fan it doarp lizze, de eastkant út, Harinxmastate, dat noch altyd famyljebesit is, en Huzinge Olterterp, it haadkantoar fan It Fryske Gea. Se lizze, krektlyk as Lauswold yn wrydske parken. Lauswold is in djoer hotel wurden.
Jannewaris 2007 kaam it doarp yn it nijs troch de formaasjebesprekkingen foar it nije kabinet tusken CDA, PvdA en de KristenUny. Jan Peter Balkenende, Wouter Bos en André Rouvoet ûnderhannelen dêr efter tichte doarren op lângoed Lauswolt ûnder lieding fan ynformateur Herman Wijffels.
GebouwenBewurkje
Beetstersweach hat in grut tal monuminten. Ien dy't bot opfalt is Lyndensteyn. It simmerferbliuw fan de famylje Van Lynden út 1821 is letter troch de famylje ûnderbrocht yn de Corneliastifting. Dy stifting, neamd nei de jong ferstoarne Cornelia fan Lynden, moast in fergees sikehûs foar Fryske bern ûnderhâlde. No is it âlde hearehûs in refalidaasjesintrum. Yn Lauswolt sit it ferneamde restaurant 'De Heeren Van Harinxma'. Oare histoaryske gebouwen yn de haadstrjitte binne:
- Kantongerjocht (1811)
- Lycklamahûs (1824)
- Andreaehûs (1835)
- Harinxmastate (1843)
- Bordena (1858)
- Eysingahûs (1870)
- Fockensstate (1879)
MienskipBewurkje
FerieningenBewurkje
- Fûgelwacht Drachten–Beetstersweach
- Frisia - gymnastyk
- VV De Sweach - fuotbal
TsjerkenBewurkje
- Doarpstsjerke (PKN)
- Ontmoetingstsjerke (PKN)
SkoallenBewurkje
Der binne in iepenbiere skoalle (De Trime) en in kristlike basisskoalle (De Paedwizer). Skoalle Lyndensteyn is in mytyl- en tyltylskoalle foar spesjaal- en fuortset ûnderwiis.
BefolkingsferrinBewurkje
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2005 | 2012 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1262 | 1517 | 1712 | 2151 | 2759 | 3607 | 3531 | 3.610 |
BerneBewurkje
- Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt (1837-1900), oriïntalist, aventuerier
- Sybrandus Johannes Fockema Andreae (rjochtshistoarikus) (1844-1921) - rjochtshistoarikus
- Willem Vrijburg (1850-1925), earste sosjalistyske wethâlder fan Nederlân
- Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten (22 oktober 1870), politikus († 1954)
- Albertus van Harinxma thoe Slooten (4 maaie 1872), jurist († 1940)
- Tiny Mulder (1921-2010), fersetsfrou, sjoernaliste en dichteres
- Willem van Schaik (1874-1938), keunstskilder
- Bouwe Kalma (1924-2011), PSP-politikus en haadynspekteur by de Rotterdamske plysje
- Hilbert van der Duim (4 augustus 1957), reedrider
EarrebarrenBewurkje
Beetstersweach hat it grutste oandiel yn de earrebarrepopulaasje fan Fryslân. It doarpsgebiet telt likernôch 50-55 (2022) nêsten. Nei't sûnt 1947 foar it lêst in nêst yn Beetstersweach beset wie, kaam yn 1997 op it plak fan dat lêste nêst foar Harinxmastate oer foar it earst sûnt jierren wer in pearke ta brieden. Dêrnei kamen der stadichoan mear.[3]. De measte nêsten binne te sjen oan de Gerdyksterwei, dy't rjochting Lippenhuzen yn de Sweachsterwei oergiet, mar ek oan de eastlike kant rjochting Olterterp sitte ferskillende nêsten.
StrjittenBewurkje
Sjoch ekBewurkje
OfbyldenBewurkje
Ofbylden gebouwenBewurkje
Ofbylden byldzjende keunstBewurkje
Skulptuer Jan Loman
Skultuer Marco Goldenbeld
Byld Joop van Bergen by notariskantoar oan It Merkelân
Byld Piet Hein Stulemeyer
Neptunus (Ignatius van Logteren) (oertún Lyndensteyn)
Sûnder titel Tellervo Kipp park gemeentehûs
De aaisikers troch Frank Zeilstra park gemeentehûs
Sûnder titel troch Tseard en Sip Visser park gemeentehûs
Haadplak: Beetstersweach | |
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | |
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|