Lyndensteyn
Lyndensteyn is in refalidaasjesintrum en skoalle foar spesjaal ûnderwiis oan de Haadstrjitte fan Beetstersweach.
Lyndensteyn | ||
bouwurk | ||
Lyndensteyn (2014) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Opsterlân | |
plak | Beetstersweach | |
adres | Haadstrjitte 3 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | State | |
subtype | Refalidaasjesintrum Skoalle | |
boujier | 1821 | |
arsjitekt | Abraham Bruinsma | |
boustyl | Neoklassisisme | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 514013 | |
Bygebou Lyndensteyn | ||
kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeLyndensteyn is yn 1821 boud foar de grytman fan Opsterlân, Frans Godaert van Lynden, nei ûntwerp fan Abraham Bruinsma, arsjitekt yn Ljouwert. It hûs kaam yn it plak fan 'Nieuw Fockens', it hûs dat Martinus Fockens, grytman fan Opsterlân, yn de twadde helte fan de 17e iuw sette litten hie.
Op 18 maaie 1860 wurdt frelle Cornelia Johanna Maria berne, dochter fan Maria Catharina van Pallandt en Baron Reinhardt van Lynden. Se wenje yn de simmermoannen op Lyndensteyn yn Beetstersweach. Trochdat de lytse Cornelia mei in swakke sûnens hat wurdt se tige beskerme en religieus opfieden en hat simmerdeis yn Beetstersweach eigentlik allinnich kontakt mei de hûsûnderwizer, de gûvernante en de dûmny.
As Cornelia sawat tolwe jier âld is, wurdt se har bewust fan de sosjale need yn De Sweach en omkriten. It idee om dêr wat oan te dwaan dielt se mei har heit en mem. It hinnehok yn de tún wurdt ynrjochte as apteek en fan dêrút wurde doarpslju fergees foarsjoen fan medisinen en hûsmiddeltsjes.
Yn de jierren dêrnei giet de sûnens fan Cornelia hieltyd fierder efterút en op 26 maaie 1880 komt se te ferstjerren oan tuberkuloaze wat se skype hie by sikebesites. As neitins oan frelle Cornelia waard yn 1905, Hûs Lyndensteyn en de byhearrende besittings ûnderbrocht yn de Cornelia Stifting, dy't as earste doelstelling hie: It kosteleas opnimmen fan gammelige, beheinde of earme minderjierrige bern. Yn 1962 waard dit skoalle Lyndensteyn mei yn 2008 245 learlingen. It motto fan de skoalle is: 'regulier wêr't it kin, spesjaal wêr't it moat'. Skoalle Lyndensteyn biedt mytyl basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis foar bêrn mei in lichaamlike beheinding of dy't lang siik binne, en tyltylûnderwiis foar bêrn dy't mearfâldich beheind binne.