Harinxmastate (Beetstersweach)
Harinxmastate is in partikulier lângoed dat bestiet út it lykneamde famyljehûs oan de Van Harinxmawei yn Beetstersweach, ferpachte pleatsen yn Lippenhuzen, Beetstersweach en Koartehimmen en in oantal bosken en natoerterreinen yn de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân. It behear is rjochte op it ynstânhâlden fan it lângoed. Dêrom hat it in boskeksploitaasje, in eigen lânboubedriuw en in kwekerij. It lângoed bestiet winliken út fjouwer ûnderdielen:
- De Menthenberch yn Beetstersweach en Olterterp, benammen belêste mei it boskbehear en dus leveransier fan brânhout en seachhout.
- De Massaliteit yn Lippenhuzen en Boarnburgum, dêr't twa grutte natoerterreinen ûnder falle. New Forest Pony’s wurde ynsetten foar it heidebehear. Jonge hynsten wurde ferkocht.
- It Biologyske Lânbou Bedriuw, Beetsterwei 16 yn De Sweach, mei fleisfee en biologyske gersprodukten.
- De Beetstertún oan de Beetsterwei ek yn Beetstersweach, dêr't krystbeammen en siergrien kweekt wurde.
De state
bewurkje seksjeIt hûs waard yn 1841 boud, mar is de werbou fan in âlder hûs. Doe't grytman Maurits P.H. Harinxma thoe Slooten it sette liet wie it in hielendal beplastere gebou, besteande út twa wenlagen ûnder in kape. De foargevel fan it 19e iuwske gebou krige in fronton. Yn 1931 waard de state modernisearre en útwreide mei in fleugel oan de efterside. De ramen krigen in oare roedeferdieling. De grûn om it gebou hinne waard in goed meter ferlege om it in riziger oansjen te jaan.
Binnenyn waard in lange moarmeren gong mei treppenhûs en dêrneist lizzende keamers útbrutsen. Dêrfoar yn it plak kaam in foarhal en in grutte hal. Dêr hinget in samling famyljeportretten fan 1500 ôf yn. De tún waard oanlein yn de 19e iuwske Ingelske lânskipsstyl.
Yn de Twadde Wrâldoarloch hat it pân tsjinne as rêsthûs foar de Kleine Zusters van de Heilige Jozef út Egmond aan Zee. De susters en it personiel waarden yn 1942 út Egmond aan Zee wei evakuearre nei de Harinxmastate en nleaune dêr oant 1944.[1]
De Harinxmastate is noch hieltyd fan in neisiet fan de earste eigener. It gebou is in ryksmonumint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|