Olterterp
Olterterp is in doarp yn de gemeente Opsterlân, krekt eastlik fan Beetstersweach. It is it lytste doarp fan de gemeente, ûnder it doarp falt ek it buorskip Heidehuzen.
Olterterp | ||
Hippolytustsjerke | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Opsterlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 70 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 6,2 km², wêrfan: - lân: 6,19 km² - wetter: 0,02 km² | |
Befolkingsticht. | 11,3 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 03' N 6° 06' E | |
Lokaasje Olterterp yn de gemeente Opsterlân | ||
Offisjele webside | ||
Side Beetstersweach-Olterterp | ||
Kaart | ||
Olterterp hat 70 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Etymology
bewurkje seksjeOlterterp komt yn 1315 foar as Utrathorp. Utrathorp mei Urathorp (Oerterp) binne nammen dy't de lizzing fan beide doarpen foar de rivier de Boarn oer oanjouwe. It Aldfryske ûtere betsjut "bûtenste" of "oan de bûtenkant lizzend" en ûr "oer" of "boppe".
Dat Olterterp is it streamôf lizzende doarp.
De foarmen Otter- en Olter- hawwe lange tiid neist elkoar bestien, mar alinne de fariant Olterterp is oerbleaun.[3]
Skiednis
bewurkje seksjeDe famylje Fan Boelens wie eartiids eigner fan fierwei it measte lân en opstallen yn Olterterp. Amerozius Ayzo fan Boelens sette oan it begjin fan de 19e iuw útein it ûnlân te beplantsjen mei beammen.
Yn 1793 waard Boelensstate stifte troch Ambrosius Ayso fan Boelens, dy't yn 1907 ferfongen waard troch Huzinge Olterterp dêr't earder de famylje Fan Boelens wenne. It is no it haadkantoar fan It Fryske Gea[4]. By Beetstersweach stiet hearehûs De Horst, dat yn 1907 boud is troch de Beetstersweachster arsjitekt Luitje de Goed (1853-1926).
Bûten Olterterp leit yn 'e rjochting fan it Selmien it Aldhôf, oanlein yn 1830, is it famyljebegraafplak fan de famylje Fan Boelens. Ambrosius Ayzo fan Boelens (1766-1834) liet de heuvel opsmite, dêr't tsjintwurdich 12 stiennen lizze fan syn neiteam, ôffrede troch in smei-izeren hekke. It famyljewapen stiet op it grêf fan Boelardus Augustinus (1791-1830) ôfbylde.[5]
Tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Sint-Hippolytustsjerke (Olterterp).
Yn Olterterp stiet in tsjerke út 1415 mei in toer út de 18e iuw. It tsjerkegebou is oplutsen út kleastermoppen yn goatyske styl. De tsjerke wie wijd oan Sint Hippolytus. Op de tsjerkeflier lizze sarken út de 17e en 18e iuw. Oan de muorren hingje rouboerden út dy tiid fan belangrike famyljes út dy tiid: Boelens, Lycklama à Nijeholt en Hemminga. Foar de tsjerke is yn 1744 in toer boud, de liedklok is wierskynlik fan 1444. Yn 1974 is it gebou restaurearre. De tsjerke is yn behear by de Stifting Alde Fryske Tsjerken en der wurde geregeld konserten jûn.
It suvelfabryk
bewurkje seksjeYn 1893 waard it stoomsuvelfabryk "De Hoop" stifte troch de erven Van Boelens, it pear Sandberg-van Boelens fan Arnhim. It molkfabryk stie oan de hoeke fan de dyk nei it Selmien en dy nei It Súd ûnder Drachten. Oant 1917 wie der ek in nôtmeallerij. Nei 1965 waard der ûnderhannele oer in fúzje mei de fabriken fan Boarnburgum, Terwispel en Langsweagen. Yn 1975 folge gearwurking mei dy fabriken ûnder de namme "De Zuid-Oost-Hoek"; letter waard it fabryk part fan "Friesland Frico Domo". Yn 2003 gie de produksje oer nei de suvelfabriken fan Warkum en Bedum en gie it fabryk ticht en waard ôfbrutsen. [6]
Mienskip
bewurkje seksjeFoar foarsjennings is Olterterp oanwiisd op Beetstersweach. Olterterp hat tegearre mei Beetstersweach in feriening fan Pleatslik Belang.
Tsjerke
bewurkje seksjeBefolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2005 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 154 | 184 | 155 | 144 | 137 | 130 | 90 | 96 |
Jier | 2015 | 2020 | ||||||
Ynwenners | 83 | 80 |
Strjitten
bewurkje seksjeAchterwei, Aldhôf, Boppefjild, Heidehuzen, Poostwei, Van Harinxmawei.
Ofbylden
bewurkje seksje-
De útspanning "It Wite Hûs" mei fiver en boarterstún yn Olterterp, ± 1915
-
It Wite Hûs (2022)
-
De Horst
-
Huzinge Olterterp
Sjoch ek
bewurkje seksjeOpsterlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Beetstersweach • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | ||
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden | ||
· · |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|