Boarnburgum is in doarp yn de gemeente Smellingerlân dat súdwestlik oan Drachten grinzget. Mei Koartehimmen foarmet Boarnburgum in twillingdoarp. Yn it west fan it doarp lizze in gebiet mei boerebedriuwen en de Boarnburgumerpetten.

Boarnburgum
Protestantske tsjerke fan Boarnburgum
Protestantske tsjerke fan Boarnburgum
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Smellingerlân
Sifers
Ynwennertal 1.835 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 8,53 km², wêrfan:
- lân: 8,31 km²
- wetter: 0,22 km²
Befolkingsticht. 220 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 04' N 6° 02' E
Lokaasje Boarnburgum (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Lokaasje Boarnburgum (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Offisjele webside
Side fan Boarnburgum-Koartehimmen
Kaart
Boarnburgum (Fryslân)
Boarnburgum

Boarnburgum hat 1.835 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

 
Schotanuskaart út 1718

Mei Aldegea is Boarnburgum it âldste plak fan Smellingerlân. It earste diel fan de namme ferwiist nei De Boarn. It twade diel ferwiist nei de hichte dêr't it plak op leit. It plak ûnstie dus op in drûch stik grûn oan of by De Boarn. Der wurdt ek wol tocht dat it doarp westliker lein hat, tichter by de Boarn of in sydrivierke dêrfan.

It gebiet dat ûnder it doarp foel wie eartiids folle grutter en lei tusken de Postbrêge oer it rivierke de Drait oant fier yn it westen ta de Botmar. Njonken de buorren om de tsjerke hinne mei It Efterom leine der yn 'e himrik ferskillende buorskippen, dy't letter doarpen waarden: Goaiïngahuzen, De Flearbosk, De Wylgen en Smelle Ie. De Feanhoop ûntstie doe't yn de 19e iuw de Beetster Feart groeven waard mei't de feanterij goed op gong kaam. Oan de ein fan de feart by de slûs setten har jimmeroan mear minsken nei wenjen. En de measte petgatten waarden wer as brûkber boerelân oanmakke.

 
Utwreiding Middelgeast

Sûnt 1955 krigen De Wylgen, Smelle Ie, De Feanhoop en Goaiïngahuzen de status fan doarp, mar it memmedoarp Boarnburgum is noch altyd it sintrum fan it westlik part fan de gemeente Smellingerlân.

It doarp groeide yn de 20e iuw nei it noarden ta. Mei it lêste plan Middelgeast fierder rjochting De Wylgen is in lúks útwreidingsplan mei wetterpartijen oan it doarp tafoege.

De dowestiennen fan de midsiuwske doarpstsjerke wize op it ûntstean fan Boarnburgum foar 1200. Unbekend is wêr't de tsjerke foar de reformaasje oan wijd wie, mar Otto Derk Jan Roemeling neamde Sint-Sebastianus as mooglike patroanhillige.[3] Yn Sinteklaasnacht 1733 stoarte de sealtektoer fan de âlde tsjerke yn. De doe weropboude tsjerke waard yn 1871 op 'e nij ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. Yn de yn 1980 restaurearre tsjerke stiet in 17e-iuwske iken preekstoel en om de preekstoel lizze âlde sarken, dy't ûnder de houten flier fûn binne.[4]

Yn 1911 krige Boarnburgum ek in grifformearde tsjerke. De grifformearde tsjerke is net mei de PKN meigien en is no ien fan de Fuortsette Grifformearde tsjerken yn Nederlân.

 
Doarpshûs 't Bynt

Boarnburgum hat mei Koartehimmen in feriening foar doarpsbelangen. 't Bynt is it doarpshûs. De doarpskrante Boarnhimster Bining ferskynt fjouwer kear yn 't jier. De stifting BOA organisearret in soad aktiviteiten.

 
Fuortsette Grifformearde tsjerke
  De Wikipedy hat ek in side Protestantske tsjerke fan Boarnburgum.
  De Wikipedy hat ek in side Fuortsette grifformearde tsjerke (Boarnburgum).

Boarnburgum hat in soad buertferienings.

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

 
Wâldhûske Westerbuorren 35

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
1840 1959 1964 1969 1973 1999 2002 2003 2015 2020
328 821 809 833 888 1324 1307 1336 1689 1773

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

 
Westerbuorren

Kabouterpaad

bewurkje seksje

Yn in boskje besuden Boarnburgum is foar de bern in kabouterpaad útset. Frijwilligers hawwe in lytse rûte makke mei kabouterkes, dy't bern opdrachtjes jouwe.

Anemoan, 't Herntsje, Blêdlok, Boerekrookje, Boerestreek, Bosschawei, Bûtenom, Bysitterskamp, De Lege Ein, De Middelgeast, Ds Van Apeldoornwei, Eabekamp, Easterbuorren, Efterom, It Mear, Jouke Jochemswei, Krite, Ljippeblom, Nijewei, Skeanewei, Skoallefinne, Suderom, Tijmen de Boerwei, Titelroas, Westerbuorren, Wiegersmawei.

Publikaasje(s)

bewurkje seksje
  • Jochum Dykstra "It Boereboek" (2006)
  • Jochum Dykstra "Bylden út de Skiednis fan Boarnburgum" (2015)
  • Jochum Dykstra "Winkels yn Boarnburgum" (2018)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Smellingerlân  
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
  ·   ·