Fuortsette grifformearde tsjerke (Boarnburgum)

De Fuortsette grifformearde tsjerke oan de Easterbuorren yn Boarnburgum is in tsjerkegebou fan de fuortsette grifformearde gemeente fan Boarnburgum-Koartehimmen.

Fuortsette grifformearde tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
plak Boarnburgum
adres Easterbuorren 52
koördinaten 53° 05' N 6° 03' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip fGTN
Arsjitektuer
arsjitekt G. Kijlstra, Drachten
boujier 1911
monumintale status gemeentlik monumint
Webside
Side Fuortsette grifformearde tsjerke, Boarnburgum
Kaart
Fuortsette grifformearde tsjerke (Fryslân)
Fuortsette grifformearde tsjerke

De tsjerke waard boud yn 1911 foar de grifformearde gemeente fan Boarnburgum. Yn 1984 folge in ferbouwing. De gemeente gyng yn 2004 net mei yn it PKN-ferbân en sûnt foarmet it gebou it tsjerklik sintrum fan de fuortsette grifformearde tsjerke .

De groeiende gemeente hat likernôch 520 leden (2022). Yn 'e hjerst fan 2008 waarden in pear romtes by de tsjerke boud. De tsjerke is mei de njonkenlizzende pastory in gemeentlik monumint.

Yn 1967 waard troch de firma Van den Berg & Wendt in nij sleeplade-oargel foar de tsjerke boud, dat op 14 oktober 1967 yn gebrûk nommen waard. Yn 1991 feroare Sicco Steendam de disposysje in bytsje. It ynstrumint waard yn 2010 troch de firma Steendam skjinmakke.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: