Fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân

De fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân (vGKN) is in Nederlânsk tsjerkegenoatskip, oprjochte op 8 maaie 2004.

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Reden fan oprjochting

bewurkje seksje

Doe't de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân (GKN) op 1 maaie 2004 opgienen yn de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) wiene der sân gemeenten dy't harren net yn de nije tsjerkeoarder fine koenen. Harren wichtichste beswieren wienen dat ferskillen yn útlis fan it kristlik leauwe dêr neist elkoar bestean koene en it feit dat mei 1 maaie 2014 (10 jier nei de oprjochting fan de PKN), pleatslike grifformearde tsjerken it rjocht ferlearen om harren jild en guod te hâlden nei it ferlitten fan de GKN.

Dizze gemeenten rjochten op 8 maaie 2004 yn Garderen de fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân op.

Oarspronklike gemeenten

bewurkje seksje
 
It komôf fan ferskate grifformearde tsjerken

De by dit tsjerkeferbân oansletten tsjerken wienen:

De grifformearde tsjerke fan Den Bommel is per 1 jannewaris 2005 noch oergien nei de PKN. De Tsjerke fan Haarlim-Sintrum hat har yn oktober 2005 oansletten by de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken.

Op 7 maaie 2006 is der yn Drachtster Kompenije de jongste vGKN-tsjerke ûntstien. Hja tsjerkje yn Boelensloane, yn it sa hjitten 'wite tsjerkje'.

Op 26 febrewaris 2012 is de fuortsette Grifformearde Tsjerke Assen en omkriten offisjeel ynstituearre.

Op 9 novimber 2015 makke de wurdfierder fan de fGKN bekend dat de tsjerke fan Garderen mei 1 jannewaris 2016 it tsjerkegenoatskip ferlitte soe.[1] Garderen lei te fier fan de kearn fan de measte fuortsette grifformearde tsjerken yn Fryslân en dêrnjonken wiene der swierrichheden oer it foech fan de dûmny dêr. Garderen is no wer in gewoane grifformearde tsjerke, dy't mooglik oansluting siket by in oar ferbân.[2]

Yn 2019 waard bekend makke dat ek De Harkema it ferbân fan de fuortsette Grifformearde Tsjerke ferliet. De grifformearde fan De Harkema, mei likernôch 800 leden de grutste tsjerke yn it ferbân, hawwe harren oansletten by it Bûn fan Frije Evangelyske Gemeenten.[3]

De vGKN bestiet tsjintwurdich (2020) noch út seis tsjerken. Troch't in tal tsjerken it ferbân ferliet is it ledental sakke fan 3.400 yn 2004 oant 2.001 yn 2019.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. RD: Kerk in Garderen verlaat VGKN
  2. Gereformeerdekerken.info, oproppen 10.09.2020
  3. Gereformeerdekerken.info, oproppen 10.09.2020