Nyegea
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Smellingerlân | ||||
Ynwennertal (2020) | 475 | ||||
Webstee |
Nyegea is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noardwest fan Drachten. Nyegea leit oan rykswei N31, tusken Ljouwert en Drachten, dy't ek wol de Wâldwei neamd wurdt.

De buorren fan Nyegea is net al te grut. Grutste strjitte is de Kommisjewei (de trochrinnende dyk rjochting De Pein). De himrik fan Nyegea is frij grut (sjoch kaartsje). Sûnt jierren hat Nyegea gjin basisskoalle mear. De bern geane no nei skoalle yn De Pein of De Tike. Der binne gjin winkels of soksawat mear, mar wol in doarpshûs. Nyegea is oanwiisd op plakken as Drachten en Burgum (beide op sa'n 5/6 kilometer ôfstân).
BefolkingBewurkje
1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1999 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2010 | 2012 | 2014 | 2016 | 2018 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
563 | 613 | 599 | 552 | 497 | 474 | 492 | 502 | 516 | 505 | 493 | 489 | 482 | 453 | 470 |
FerieningsBewurkje
StrjittenBewurkje
Aldegeasterdyk, De Klynhoeke, Eartlânsreed, Eibertsgeasten, Fiifhoeke, Finnen, Hearrewei, Hegewei, Kilometerwei, Kommisjewei, Nije Tikewei, Skieppekampen, Stienkampen, Swartewei, Westerein, Wierren.