Toaniel Selskip Nij Begjin

Toaniel Selskip Nij Begjin is in Fryske amateurtoanielklub út it doarp Nyegea, yn 'e gemeente Smellingerlân. De feriening waard yn 1918 oprjochte en fierde sadwaande yn 2018 syn hûndertjierrich bestean. Yn it ramt dêrfan en fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 waard troch de leden fan Nij Begjin yn 'e earste wiken fan juny 2018 foar it earst in iepenloftspul op 'e planken brocht. Dat waard fjouwer kear opfierd en hie as titel Boartsje mei Fjoer.

Toaniel Selskip Nij Begjin
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd amateurtoaniel
fêstige yn Nyegea (Fryslân)
oprjochte 1918
offisjele webside
www.nijbegjin.nl

It iepenloftspul wie in bewurking troch Hein Westerhof, in lid fan Nij Begjin, fan in histoaryske moardsaak yn Nyegea, wêrby't yn 1870 it boerepear Wytze en Sytske Hiddema deadien waard troch heit Lammert, soan Marcus en neef Auke Dalstra. Mei as motyf honger en earmoede berôven dyselden de rike boerepleats fan 'e Hiddema's om yn 'e winter oan jild, iten en klean te kommen. De Hiddema's waarden wjirge, sadat der gjin tsjûgen wêze soene. Lykwols waarden de mannen pakt en krigen se alle trije in libbenslange finzenisstraf oplein.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oenema, Rixt, Dûbelde Rôfmoard op it Poadium, yn: de Ljouwerter Krante, 29 maaie 2018, s. 29.