In tsjûge, of mei in (yn it Frysk ynboargere rekke) hollanisme in getuge, is immen dy't relevante kennis hat, of tinkt te hawwen, of troch oaren ûndersteld wurdt te hawwen, oangeande in barren dat op 't aljemint komt yn in ûndersyk nei in misdriuw en/of yn in rjochtsaak. Sokken wurde befrege troch de plysje (of in oare ûndersykjende ynstânsje) en tsjûgje (of getuge) yn it bywêzen fan 'e rjochter (en yn lannen mei sjueryrjochtspraak ek yn it bywêzen fan 'e sjuery), wylst se ûnder de eed steane. Wat se yn sa'n sitewaasje fertelle, hjit in tsjûgenis (of getugenis). As se lige wylst se ûnder de eed steane, dogge se meineed, wat in misdriuw is dat bestraft wurde kin mei finzenisstraf. Yn Nederlân komt it, benammen yn it strafrjocht, faak foar dat in tsjûgenis skriftlik ôflein wurdt.

In tsjûge à décharge leit in ferklearring ôf ûnder it Mittelbau-Dora-proses yn Dachau.

Soarten tsjûgen bewurkje seksje

Yn in rjochtsaak wurdt in tsjûge dy't in tsjûgenis ôfleit yn it neidiel fan 'e fertochte in tsjûge à charge neamd, wylst in tsjûge dy't in tsjûgenis ôfleit dat yn it foardiel fan 'e fertochte is, in tsjûge à décharge hjit. In tsjûge dy't sels dingen sjoen of heard of op in oare wize ûnderfûn hat dêr't hy of sy oer tsjûget, hjit in eachtsjûge. In tsjûge waans tsjûgenis sa wichtich is dat in grutte rjochtsaak dermei stiet of falt, is in kroantsjûge. In tsjûge dy't yn it ramt fan in rjochtsaak frege wurdt en lis in tsjûgenis ôf om't hy of sy oer spesjalisearre kennis beskikt dy't yndirekt fan tapassing wêze soe op 'e saak, is in tsjûge-saakkundige (men kin dan bygelyks tinke oan in psycholooch dy't wat sizze kin oer de mentale tastân fan 'e oanklage, of oan in genetikus dy't útlis jout oer DNA-ûndersyk).

Tsjûgjen yn in plysje-ûndersyk bewurkje seksje

As de plysje (of in oare ûndersykjende ynstânsje, lykas de maresjesee) in fertochte oanholden hat, wurdt der in ûndersyk ynsteld nei de fraach oft dy persoan yndie dejinge is dy't de strafbere feiten begien hat dêr't hy of sy fan fertocht wurdt. Soks bart yn 'e regel sa fluch mooglik nei de datum dêr't de stafbere feiten op plakfûn hawwe. De plysje besiket dêrby û.m. troch it opnimmen fan ferklearrings fan tsjûgen en de fertochte(n) sels de wierheid omtrint de strafbere feiten boppe wetter te krijen.

As de plysje it proses-ferbaal, dat û.o. de opnommen tsjûgeferklearrings befettet, ynleveret by de ofsier fan justysje, kriget ek de abbekaat fan 'e fertochte dêr in kopy fan. It is oan 'e ofsier fan justysje om te beslissen oft der genôch bewiismateriaal foarhâns is om 'e fertochte(n) te ferfolgjen. As er beslút om dat yndie te dwaan, kin er begjinne mei de opbou fan it saneamde strafdossier. Dêryn wurde behalven de prosessen-ferbaal fan 'e plysje ek it eventuële strafblêd fan 'e fertochte en alle oare op 'e saak betrekking hawwende stikken gearfandele. De ofsier fan justysje is de behearder fan dat dossier. De fertochte en dy syn folmacht (abbekaat) hawwe it wetlik rjocht op ynsjoch fan yn prinsipe it hiele strafdossier.

Tsjûgjen by de rjochter-kommissaris bewurkje seksje

Soms komt it foar dat twa tsjûgen inoar tsjinsprekkende ferklearrings ôflizze. Ek is it mooglik dat de plysje de tsjûge(n) earne fragen oer stelt, wylst letter bliken docht dat oer in oar ûnderwerp better of fierder trochfrege wurde moatten hie. Soms binne der ek tsjûgen fan in strafber feit, dy't troch de plysje hielendal net frege binne om in ferklearring ôf te lizzen. Soks kin komme om't sa'n tsjûge by de plysje net bekend is of troch in flater fan 'e plysje (bygelyks om't de wurkoerdracht net goed regele is of om't him by de behanneljende plysjes it ferskynsel tunnelfisy foardocht). Yn al sokke gefallen kinne de ofsier fan justysje en de abbekaat fan 'e fertochte oan 'e rjochter-kommissaris freegje om dy tsjûgen te hearren. As de rjochter-kommissaris dêrmei ynstimt, wurdt de oangeande tsjûge oproppen om yn it ramt fan in gerjochtlik foarûndersyk by de rjochter-kommissaris in ferklearring of oanfoljende ferklearring ôf te lizzen. By dat ferhear krije de ofsier fan justysje en de abbekaat fan 'e fertochte ek de gelegenheid om fragen te stellen. Nei ôfrin fan it ferhear krije sawol de ofsier as de abbekaat in kopy fan 'e troch de tsjûge ôfleine ferklearring.

Tsjûgen foar de rjochter bewurkje seksje

In ferhear wêrby't in tsjûge troch de rjochter ûnderfrege wurdt, hjit in tsjûgeferhear. Tsjûgen wurde yn it rjochtstelsel fan Nederlân en frijwol alle oare lannen beskôge as wettige bewiismiddels, en se spylje dêrom in wichtige rol yn in rjochtsaak, oft it dêrby no om strafrjocht of om privaatrjocht giet. Mear as ien tsjûge dy't itselde of likernôch itselde seit, kinne de rjochter(s) derfan oertsjûgje dat de fertochte(n) skuldich of ûnskuldich binne. Yn it strafrjocht kin in fertochte, en yn it privaatrjocht kin ien fan beide prosespartijen, ek in tsjûgenis ôflizze (yn it privaatrjocht in partijferklearring neamd), mar sa'n tsjûgenis hat gjin bewiiskrêft as er net op essinsjele punten ûnderstipe wurdt troch oare tsjûgenissen of oar bewiismateriaal.

Oars as yn bygelyks de Feriene Steaten gebrûklik is (sa't de measte minsken witten sille út rjochtbankdrama's op 'e tillefyzje), is it yn Nederlân earder útsûndering as regel dat tsjûgen op 'e sitting fan in rjochtsaak yn persoan heard wurde. Faak kin it ta mei de ferklearrings dy't troch de plysje optekene binne of mei de ferklearrings dy't foarôfgeande oan 'e iepenbiere behanneling op 'e sitting fan in gerjochtlik foarûndersyk foar de rjochter-kommissaris ôflein binne. Dêrnjonken is it lykwols (lykas yn oare lannen) mooglik foar de ofsier fan justysje om tsjûgen dy't al heard binne, nochris foar de sitting op te roppen (te daagjen). Dat docht er op syn eigen inisjatyf of op fersyk fan 'e abbekaat fan 'e fertochte(n), dy't sels gjin wetlik binende dagings útfurdigje kin. Fierders kin de fertochte ek sels (frijwillich meiwurkjende) tsjûgen op 'e sitting bringe om dy hearre te litten. Oer it algemien hat de rjochter yn it Nederlânske rjochtsstelsel de lieding by it ûnderfreegjen fan 'e tsjûge, mar de ofsier fan justysje en de fertochte en dy syn abbekaat hawwe altyd ek it rjocht om fragen te stellen (it saneamde krúsferhear).

Yn in sivile saak is it altyd ien fan 'e prosespartijen dy't de tsjûgen opropt. De rjochter hat dêrta earst yn in tuskenfûnis beslist hokker fan 'e beide partijen of de bewiislêst hat en oangeande hokker feiten. Tsjûgen kinne ek foarôfgeande oan in gerjochtlike proseduere troch de rjochter heard wurde yn it ramt fan in foarriedich tsjûgeferhear. Eltsenien dy't belang hat by in siviel skeel kin de rjochtbank om sa'n foarriedich tsjûgeferhear freegje mei in fersykskrift, dat troch in prokureur by de rjochtbank yntsjinne wurde moat. Sa'n selde fersyk kin ek noch yntsjinne wurde as de rjochtsaak al rint.

Eltsenien dy't oproppen is om as tsjûge ferheard te wurden, is ferplichte om te ferskinen en de stelde fragen te beäntwurdzjen. As in tsjûge wegeret om te tsjûgjen, kin hy of sy mei in daging of foarropping twongen wurde en ferskyn op 'e relevante tiid yn 'e rjochtseal. As de tsjûge op dat plak likegoed noch wegeret om te tsjûgjen, kin hy of sy dêr troch de rjochter ta twongen wurde ûnder bedriging mei finzenisstraf. Inkeld as in tsjûge him of har op it saneamde ûntskuldigingsrjocht (Nederlânsk: verschoningsrecht) beroppe kin, hoecht hy of sy gjin tsjûgenis ôf te lizzen of hoecht hy of sy beskate fragen net te beäntwurdzjen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.