De Feanhoop
De Feanhoop is in doarpke yn it westen fan de gemeente Smellingerlân, by de westein fan de Wide Ie.
De Feanhoop | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 255 (1 jannewaris 2022)[1] | |
Oerflak | 9,45 km², wêrfan: - lân: 8,33 km² - wetter: 1,13 km² | |
Befolkingsticht. | 31 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 05' N 5° 57' E | |
![]() | ||
Lokaasje De Feanhoop (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân | ||
Offisjele webside | ||
Side De Feanhoop | ||
Kaart | ||
Op De Feanhoop wenje 255 (1 jannewaris 2022)[2] minsken.
Skiednis bewurkje seksje
De delsetting ûntstie as buorskip fan Boarnburgum yn 1819 mei de oanlis fan in nije feanterij mei polderdiken en mûnen.[3] Yn 1875 waard it Polderhaadkanaal groeven, dat Nij Beets mei De Feanhoop yn de Grutte Polder Opsterlân ferbynt. Oan 'e ein fan de feart festigen har by de slûs hieltyd mear minsken. De measte petgatten waarden as brûkber boerelân oanmakke.
Earst yn 1955 krige De Feanhoop tagelyk mei de oare buorskippen De Wylgen en Smelle Ie de doarpsstatus.
De lêste tiid hat it doarp him jimmeroan mear op wettersport en rekreaasje rjochte. Sûnt 2015 is it Polderhaadkanaal sa útdjippe dat boatsjes wer troch it doarp farre kinne.
Mienskip bewurkje seksje
De doarpskrante hjit "It Feantraperke".
Skoalle bewurkje seksje
Fan 1921 oant 2013 hie De Feanhoop in iepenbiere basisskoalle mei de namme 'Op 'e Feanhoop'. De skoalle waard sletten fanwegen it tebekrinnend tal bern.[4]
Ferienings bewurkje seksje
Befolkingsferrin bewurkje seksje
Jier | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2012 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 294 | 251 | 252 | 221 | 260 | 250 | 242 | 228 |
Berne bewurkje seksje
- Jeen van den Berg (1928-2014), winner Alvestêdetocht 1954.
Eveneminten bewurkje seksje
Tagelyk mei it skûtsjesilen wurdt sûnt 1951 it Feanhoopfestival organisearre. De earste moandei fan de SKS-wedstriden skûtsjesilen wurde op de Feanhoop fersyld.[5].
Gea bewurkje seksje
Eastlik en súdlik fan it doarp leit it natoergebiet Petgatten De Feanhoop, in likernôch 200 hektare grut natoergebiet mei broekboskjes, petgatten en stripen wetter dat ûnstie tusken 1860 en 1920 troch feanôfgraving. De Noarder Krite is noch oarspronklik bûtlân en lit de natoer sjen sa't dy foar de feanôfgraving wie. De Bonnebuskepetten lizze eastlik fan it doarp wylst de Kraanlannen súdlik lizze. De namme komt fan de kranen, dy't dêr eartiids harren aaien leine. De gebieten wurde troch It Fryske Gea beheard. Yn 'e Kraanlannen is ek in fûgelhut.
Krekt benoardeasten De Feanhoop stiet yn 'e Bonnebuskepetten in Amerikaanske wynmotor fan it type Herkules Metallicus, dy't oanwiisd is as ryksmonumint. Tichteby de Kraenlânswei stiet yn 'e Kraanlannen noch in lytsere wynmotor, dy't yn 2009 boud is.[6]
Westlik fan it doarp leit yn it doarpsgebiet fan Goaiïngahuzen it Unlân fan Jelsma en it Kobbelân, dat ek yn de 19e iuw troch feanôfgraving ûntstie. Beide gebieten lizze oaninoar, mar yn it Kobbelân waard it fean djipper ôfgroeven dan it Unlân fan Jelsma en dêr binne mear petgatten.
Gasbuis bewurkje seksje
Yn 'e winter fan 2006/2007 is by De Feanhoop in 1,20 meter grouwe gasbuis fan 1060 meter lingte ûnder de Krûme Ie trochboarre. De Gasuny lei de nije gaslieding oan fan it Grinzer Gryptsjerk nei Warkum, dwerstroch Fryslân. De boarring by De Feanhoop is de grutste yn 'e skiednis fan it bedriuw.
Strjitten bewurkje seksje
't Stalt, Boarnburgumer Heawei, De Flearbosk, Drachtster Heawei, Eijzengapaed, Kanaeldyk, Klusewei, Kraenlânswei, Krúswei, Slûswei.
Ferskaat bewurkje seksje
- Op De Feanhoop fart simmerdeis in pontsje nei de Headammen, tichtby it Nasjonaal Park De Alde Feanen.
- By De Feanhoop leit yn in petgat oan 'e Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop de ark fan de ferstoarne skriuwer Rink van der Velde. Fryske skriuwers kinne de arke brûke om te skriuwen.
Sjoch ek bewurkje seksje
Keppeling om utens bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Haadplak: Drachten | |
Doarpen en útbuorrens: Aldegea • Boarnburgum • Drachtster Kompenije • De Feanhoop • Goaiïngahuzen • De Houtigehage • Koartehimmen • Nyegea • De Pein • De Rottefalle • Smelle Ie • De Tike • De Wylgen | |
Buorskippen: Bûtenstfallaat • Eibertsgeasten • De Folgeren • Galhoeke • De Geasten • De Kletten • De Koai • Luchtenfjild • Middelbuorren • Noarderein • Nijtap • Opperbuorren • Puntpeal • Sânbuorren • Sytebuorren • It Súd • Suderheide • Utein • Wierren |