Rink van der Velde
Rink van der Velde (Ealsum, 18 juny 1932 - Drachten, 17 febrewaris 2001) wie in bekende Fryske skriuwer en sjoernalist. Fan syn mear as fjirtich boeken en ferhalebondels binne meiïnoar mear as 200.000 eksimplaren ferkocht.
Rink van der Velde | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 18 juny 1932 | |
berteplak | Ealsum | |
stoarn | 17 febrewaris 2001 | |
stjerplak | Drachten | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | Roman, koart ferhaal | |
prizen | Gysbert Japicx-priis foar Feroaring fan lucht | |
jierren aktyf | 1959-2001 | |
offisjele webside | ||
DBNL-profyl |
Biografy Bewurkje
Rink van der Velde waard berne yn Ealsum by Dokkum. Syn âlden Hindrik van der Velde en Hindrikje Pilat hiene dêrfoar al fjouwer dochters krigen. Van der Velde waard dus berne op de klaai, mar soe syn jongesjierren foar it grutste part yn 'e Wâlden trochbringe: syn heit wie plysjeman op de Sweach.
De sfear fan de wâlden is letter yn in soad fan syn wurk werom te finen. Van der Velde gie yn Drachten nei de ULO. Nei syn skoalletiid hâlde er in skoftke ta yn Frankryk dêr't er de kost fertsjinne as boerearbeider. Yn 1953 moast er by de Marine opkomme foar syn nûmer. Nei syn tsjinsttiid waard Van der Velde sjoernalist: earst by de Dokkumer-, letter by de Drachtster Krante. Fia fúzjes belâne Van der Velde uteinlik bij de Ljouwerter Krante dêr't er oan syn pinsjoen ta wurkje soe.
Syn skriuwstyl hat Van der Velde fan de sjoernalistyk út ûntwikkele. Foar de krante spesjalisearre er him yn it beskriuwen fan histoaryske foarfallen en opfallende persoanen, wêrby't Van der Velde in foarkar hie foar frijfochten types, dy't letter gauris as haadpersoanen werom te finen binne yn syn romans en ferhalen. Ek de Twadde Wrâldkriich is in tema dat faak yn syn boeken werom komt.
Van der Velde makke yn 1959 syn debút as Frysk skriuwer yn it tydskrift Frysk & Frij. Syn earste, Nederlânsktalige roman mei de titel De kleine kolonie (De lytse koloanje) ferskynde yn 1960. Twa jier letter ferskynde de earste fan de 25 Fryske romans dy't Van der Velde neilitte soe: Joun healwei tolven.
Van der Velde wenne ûnder oaren op de Gordyk, yn Drachten, De Wylgen en Ljouwert mar hie syn ûntwyk op in arkje yn ien fan de petgatten fan De Feanhoop.
Rink van der Velde is op 17 febrewaris 2001 ferstoarn. Nei syn ferstjerren is troch syn útjouwer de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân de Rink van der Veldepriis ynsteld. It is in literêre priis dy't ien kear yn de twa jier jûn wurdt foar oarspronklik skreaun proaza yn it Frysk of yn ien fan de yn Fryslân brûkte streektalen. It moat skreaun wêze foar in grut lêzerspublyk, yn de geast fan Rink van der Velde. De priis bestiet út in byldsje, makke troch Anne Woudwijk, en in bedrach jild fan 1.250 euro.
Wike fan Rink Bewurkje
Yn it ramt fan LF2018 organisearren de gemeente Smellingerlân, de FMLD en frijwilligers fan 15 oant en mei 23 juny de Wike fan Rink. Fryske taal, literatuer en libben fan Van der Velde stiene sintraal. Teffens wie der in skriuwwedstriid oan ferbûn. Minsken waarden útnoege en skriuw in kroechferhaal yn it Frysk of Bokwertersk. De trije moaiste fehalen waarden 21 juny foardroegen yn kafee Marktzicht yn Drachten, it stamkafee fan Van der Velde.[1]
Bibliografy Bewurkje
Romans Bewurkje
- 1960 - De kleine kolonie
- 1962 - Joun healwei tolven (1965 Nederlânske oersetting: Vanavond half twaalf)
- 1963 - Forliezers
- 1965 - Beafeart nei Saint-Martin (1968 Nederlânske oersetting: Pelgrimage naar Saint-Martin)
- 1966 - De Fûke (1970, 1980 Nederlânske oersetting: De Fuik)
- 1967 - Geiten, Griken en gekken
- 1968 - Rjochtdei
- 1969 - Chamsyn (1971 Nederlânske bewurking troch Van der Velde: Chamsien)
- 1971 - Foroaring fan lucht (1973 Nederlânske oersetting: Verandering van lucht)
- 1975 - Pake Sytse (1986 Nederlânske oersetting: De terugkeer van Sytze Cavalier)
- 1978 - De houn sil om jim bylje (1980 Nederlânske oersetting: Het teken van het beest)
- 1981 - Om utens-omnibus: Jûn healwei tolven; Geiten, Griken en gekken; Chamsyn
- 1981 - De Heidenen
- 1982 - Foekje (in tekenteltsje, mei yllustraasjes fan Anjo Mutsaars)
- 1982 - De Ofrekken
- 1985 - De lange jacht
- 1987 - De histoarje fan kammeraet Hollanski
- 1989 - Jan Hut
- 1991 - De nacht fan Belse Madam
- 1993 - Gjin lintsje foar Homme Veldstra
- 1993 - Rjochtdei op 'e skieding
- 1995 - In fin mear as in bears (oer Salomon Levy)
- 1998 - Smoarge grûn
- 1999 - Hepke
- 2000 - Alde Maaie
- 2001 - It guozzeroer
Ferhalebondels Bewurkje
- 1971 - Ien foar 't ôfwennen
- 1973 - Bokwerd Vooruit
- 1974 - Stjerrende wier, heite
- 1975 - Kruidenbitter: Kroegverhalen uit Friesland
- 1977 - Bokwerd omhoog!
- 1979 - Bokwerd for ever
- 1980 - It is myn sizzen net
- 1983 - Bokwert 1
- 1985 - Bearenburger ferhalen/Berenburgse vertellingen
- 1987 - De bêste fryske ferhalen
- 1988 - Bloemlezen in Bokwerd
- 1992 - Minsken is raar guod
- 1994 - No sà
- 1997 - Sa wie 't sawat
- 2007 - De Kroechferhalen
- 2008 - Bokwerd totaal
- 2009 - De fjildferhalen
Toaniel Bewurkje
Prizen Bewurkje
- 1975: Gysbert Japicx-priis foar Feroaring fan lucht.
Keppeling om utens Bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|