Ealsum
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Noardeast-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2004) | 160 | ||||
Webstee | Oer Ealsum |
Ealsum is in doarp dat sûnt 2019 yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel. Ealsum hat sa'n 160 ynwenners. Dat hawwe ea sa'n 400 west. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 hearde Ealsum by fan de gemeente East-Dongeradiel. Ealsum komt as Atlesheim foar yn de Fuldalist fan 945.

Ealsum hat noch wol in aardich grutte himrik, mar dy hat yn 't ferline noch grutter west. Dokkum hie gjin klokslach en de stêdsgrêft wie ek de grins mei Ealsum. Tsjerklik is dat sa bleaun. In tal Dokkumers hearde tsjerklik by Ealsum en oare doarpen. Yn 2005 binne de herfoarme gemeenten fan Dokkum en Ealsum/Wetsens ien wurden. Dêr is it nedige oer praten. De Ealsumers hienen gjin nocht om troch in efterdoar Dokkumers te wurden.
Dokkum hie net sels in stasjon fan de Noord Friesche Lokale Spoorweg; om't it stasjon bûten de stêd lei wie it Ealsum dat in stasjon oan it Spoar fan Ljouwert nei Eanjum hie, oan it Dokkumer Lokaaltsje. Ek de doetiidske kristlike kweekskoalle stie op Ealsumer grûn. Troch de útwreiding fan Dokkum moasten der om de safolle tiid wer grinskorreksjes komme. In grinskorreksje joech faak spul tusken Dokkum en East-Dongeradiel. Der is sels in grinskorreksje net hielendal trochgien, om't de boargemaster fan East-Dongeradiel dan yn Dokkum te wenjen komme soe.
Yn de Twadde Wrâldoarloch, fan neijier 1944 ôf, wiene der wapendroppings yn it fjild benoarden Ealsum by Tiltsjebuorren. Op 5 maaie 1965 is der in tichtby lizzende pleats nei ferneamd, 'Droppinghiem'.[1] Net fier fan it âlde droppingsplak stiet it oarlochsmonumint 'Droppinghiem'.
De terpBewurkje
De terp is foar it grutste part ôfgroeven om 1880 hinne. Der binne doe wichtige archeologyske fûnsten dien. Dy kamen út de 7e iuw krigen ek yn it bûtenlân omtinken.[2] Wat fan de terp oerbleaun is, lit sjen dat it in hege terp west hat. De tsjerke stiet op in hichte fan 5,3 meter.
GebouwenBewurkje
De mûneBewurkje
Oan de Ealsumer Feart stie sûnt sawat 1750 de houtseachmûne 'Eben Haëzer'. Yn de Earste Wrâldoarloch hat der ek noch in mokselpelderij yn sitten. Yn 1927 is de mûne sloopt.[3]
De StatesBewurkje
Ealsum hie twa wichtige states. De Stinstrastate lei yn de buorskip Sibrandabuorren. It wie al yn 1583 in pleats.
Oan de súdkant fan de tsjerke stie Mokkemastate. Dy state is yn 1492 ferwoaste. De bewenner, Tsjaard Mockema, hearde by de Fetkeapers.
De namme wurdt noch yn omtinken holden troch de Dokkumer strjitnamme de Mockamastrjitte en de Mockemawei yn Ealsum sels.
De TsjerkeBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Ealsum.
Ealsum hat in romaanske tsjerke út omtrint 1200. Yn 1843 is de toer ôfbrutsen en it klokhûs op de nije westgevel set. Sa as it der no stiet, is it nei de feroaring fan om 1960 hinne.
Yn it houten tuorke hinget in klok út 1440. Dy is getten troch Jan Butendiic (sjoch Steven Butendiic). Op de klok steane reljefs mei ôfbyldings fan de Hillige Katarina, dy't meast ôfbyld wurdt mei in rêd (sjoch doarpswapen), en oan wa't de tsjerke wierskynlik ek wijd wie [4].
MienskipBewurkje
Yn Ealsum is in Feriening foar Doarpsbelangen.
BefolkingBewurkje
- 1954 - 415
- 1959 - 378
- 1964 - 376
- 1969 - 178 (nei grinswiziging mei ûnder oaren Dokkum)
- 1974 - 152
- 2004 - 162
Bekende EalsumersBewurkje
- Durk van der Ploeg - Frysk skriuwer
- Rink van der Velde - Frysk skriuwer
StrjittenBewurkje
- Dokkumerwei - wei nei Dokkum
- Droppingwei - Dropping fan wapens yn de Twadde Wrâldoarloch
- Hantumerwei - wei nei it doarp Hantum
- Tsjaerd Mockemawei - Tsjaard Mockema
- Stinstrawei - Stinstrastate
- Sybrandawei - rjochting Sibrandahûs (Dongeradiel). Waard eartiids Aldewei neamd as ûnderskied mei de Dokkumerwei. Ek de namme Sandwech waard oantsjuten op âlde kaarten. Neffens in beskriuwing fan S.E. Wendelaar Bonga yn de útjefte fan 1942 oer Ealsum ald en nij, soe dy ek jilde moatte foar de hjoeddeiske Sybrandawei.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|