Mokkemastate (Ealsum)

Mokkemastate wie in state oan de súdkant fan Ealsum.

Tsjaard Mokkema, of Mockema, wie in fetkeaperske bewenner fan de eardere state. De state waard yn 1492 ferwoaste; earst doe joegen Tjaard en Gerbrandt Mokkema harren oer en sleaten sy harren oan by it bûn mei Grins.

De state is yn de neifolgjende iuwen faak fan eigner feroare en dat wiene nei 1611 gjin Mokkema's mear. Foar yn de 18e iuw wurde hierboeren as bewenners neamd, mar faaks hat it hûs doe noch simmerwent fan de eigners west. Yn 1811 lei it hûs yn pún, mar wie der noch in part fan de poarte oer.

De namme Mokkema wurdt noch yn omtinken holden troch in Dokkumer strjitnamme.

  • 1422 Broder to Aylsum (?)
  • 1492 Tyaert en Gherbrant Mockema
  • 1511 Ernst Mockema alias Unema
  • Anna Mockema en Werp Juckema
  • oant 1611 Lieuwe fan Juckema
  • nei 1611 dr. Foppius Aetzema
  • 1640 jonker Mepsche
  • oant 1695 Arnold fan Lilienberg (foar in diel?)
  • sûnt 1695 Julius Schelto fan Aitsma
  • 1698 Julyus Aytsma ½ en "Jr. Lissabon uit naam van zijn vrouw ½"
  • 1728 Jonker Lissabon erven te Grins ½ en Jacobus van den Brouke te Dokkum ½
  • 1832 Marten Franses Miedema
  • 1978 fam. Jensma

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen. De Monumenten van Geschiedenis en Kunst, 1983. Aalzum