Wetsens
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Noardeast-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2021) | 55 | ||||
Webstee | Webstee Wetsens-Nijewier |
Wetsens is in terpdoarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Wetsens leit noardeastlik fan Dokkum, eastlik fan Ealsum, súdwestlik fan Mitselwier en besuden Nijewier. Yn 2021 telde it doarp sa’n 55 ynwenners. De doarpskearn fan it doarp leit oan de Jaarlawei, dat is de alde ringwei fan de terp fan Wetsens.
De buorskippen Lytse Wier en Sibrandahûs (lyts diel) hearre ek by Wetsens.
Sûnt 2019 leit Wetsens yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.
SkiednisBewurkje
Wetsens hat nea in grut doarp west. It hie mar 9 stimmen en wie dochs it fjirde yn rang yn East-Dongeradiel. Mei troch't it wat oan de kant fan de wegen lei, is Wetsens in frij geef doarp bleaun. De namme Wetsens kin 'wiet lân' betsjutte. Oaren tinke oan de mienskip fan Wetse en syn famylje.
De terp is sa'n 4 meter heech, mar is yn it lêst fan 19e iuw fan in grut part ôfgroeven. Allinnich it part om de tsjerke hinne is oerbleaun, dat dy leit no iensum op in hichte, lykas dy yn Ealsum.
It JaarlagatBewurkje
It Jaarlagat (lokaal: it Jellegat en Jeltegat), dat ek Jaarlasleat neamd wurdt, joech Wetsens in goede oansluting mei de Peazens. Dy mei de Suderie kaam letter om de ôfwettering fan West-Dongeradiel te ferbetterjen. Dit hie fan gefolgen dat East-Dongeradiel gauris under wetter kaam te stean. Dat it ôfwetterjen wie in striidpunt tusken de beide Dongeradielen. It lân om Wetsens hinne leit leech en se hienen dan ek gau wetteroerlêst.
Der is in protte leechfean om Wetsens hinne ôfgroeven. Dat gie net allinne om der turf fan te meitsjen, mar ek om sâlt te winnen út it fean (moarnearje). It sil laat hawwe ta it ûntstean fan in grutte poel súdeastlik fan it doarp, de Wetsemer Mar. Fan dy ek hjoed-de-dei noch wiete stikken lân, mei in lege opbringst, gie iere 21e iuw 0,7 hektare oer nei Natuermonuminten[1].
De Jaarla'sBewurkje
Skepper en skriuwer yn Wetsens wienen de Jaarla's, de namme wurdt ek as Jaerla skreaun, op Grut- en Lyts Jaarlastate. Yn 1498 seagen de oare eallju fan Eastdongeradiel harren kâns. Dy hienen har by de Saksyske partij oansletten, wylst Auke Jaarla oan it lêst ta foar de Gelderske kant keas. Se holden rjochtdei en Auke Jaarla moast him oerjaan. Der waard besletten dat Auke Jaarla yn Rinsumageast berjochte wurde moast. Hy is dêr net libbend oankommen, want ûnderweis waard er dea slein. Under it Saksyske bewâld binne de eigendommen fan syn soannen oan Hessel en Doeke fan Martena jûn. Nei 1580 binne de Jaarla's wer yn har eare kommen. In pakesizzer fan Auke Jaarla waard sels grytman fan Eastdongeradiel.
Yn 1640 is Jaarlastate in hierpleats, dat de âlde state sil koart dêrfoar ôfbrutsen wêze.
Yn 1700 is Wilco fan Holdinga, baron fan Schwartzenbergh de grutte man yn Wetsens.
De tsjerkeBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Sint-Fitustsjerke (Wetsens).
De tsjerke wie wijd oan Sint Fitus. Dat soe der op wize kinne dat de norbertinen dêr ynfloed hienen.
De tsjerke út de 12e iuw is fan dowestien boud. Der binne noch oansetten fan kapellen. Yn de 16e iuw is de tsjerke ferhege yn bakstien.
Yn 1842 stoarte de sealtektoer yn en der kaam in trijehoekich westwurk. De klok waard ophongen yn in klokkestoel oan de foarkant.
De tsjerke wurdt sneins net mear brûkt. De wurde allinnich noch trou- en routsjinsten holden. Yn 2016 waard it behear fan de tsjerke oernaam troch de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
De Fryske dichter A.M. Wijbenga en de skriuwer Rink van der Velde lizze dêr op it hôf.
Dowestien oan de tsjerke
MienskipBewurkje
It doarp hat mei Nijewier ien feriening foar Doarpsbelang. De doarpen dogge in soad tegearre. De bern gean meast nei basisskoale 'By de Boarne' yn Nijewier.
FerieningsBewurkje
- De Bazuin - korps
BefolkingBewurkje
2013 - 63
2014 - 53
2015 - 55
2016 - 55
2017 - 55
2018 - 55
2019 - 55
2020 - 50
2021 - 55
StrjittenBewurkje
Dokkumerwei, Fellingswei, Grytmanswei, It Heech, Jaarlawei, Kowereed, Opslach, Pypsterwei.
Keppeling om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wetsens fan Wikimedia Commons. |