De Suderie ek wol Súd Ie neamd is in wetter yn de gemeente Dongeradiel.

De Súd Ie yn de Eanjumer Kolken
De Súdie yn 1718; sa lei er derhinne oant de Lauwersseewei begjin jierren 1970 oanlein waard
Rin fan de Súd Ie mei opfearten

De Suderie rint fan Dokkum nei Iezumasyl dêr't er yn de Lauwersmar útkomt. De Jaarlasleat (lokaal: it Jellegat) foarmet de ferbining mei de Peazens. De Lauwersseewei rint tusken Dokkum en Mitselwier deun de Suderie bylâns. By it oanlizzen fan dy provinsjale wei binne ferskeidene bochten yn de Suderie ôfsnijd.

Fan de Suderie rinne ferskate opfearten nei de doarpen Eastrum, Mitselwier (de Lange Sleat), Moarre, Ie oer De Tibben (sjoch Iester Ryd) en fia de Moerssleat nei Eanjum.

By Iezumasyl stiet it gemaal De Dongeradielen dy't it wetter út de Suderie yn de Lauwersmar pompt. Troch de skutslûs kinne boaten fan de Lauwersmar op de Suderie komme.

Yn de folksmûle waard de it part fan de Suderie east fan Dokkum ek wol Hurdridersgrêft neamd, fanwege de riderijen dy't dêr hâlden waarden yn de 19e iuw.

De namme Súdie liket allinnich te ferklearjen troch in omkeard kaartbyld mei it suden nei boppe keard. Yn 'e Súdlike Nederlannen kaam dat faker foar sa't skynt, yn it Noarden wie it seldsumer. Guon ûndersikers miene dat der earst twa slinken wiene, dy't mei it trochgraven fan in kwelderwâl by de Reidswâl ien wurden binne.

Brêgen oer de Suderie bewurkje seksje

  1. Easterferlaat yn Dokkum
  2. Dongeradyksbrêge yn Dokkum
  3. Reigersbrêge yn Dokkum
  4. Ryslânsbrêge yn Dokkum
  5. In foutgongersbrêge yn Dokkum
  6. Fûgellânsbrêge eastlik fan Dokkum
  7. Loulânsbrêge eastlik fan Dokkum
  8. Kowebrêge (mei fytsbrêge), ûnder Jouswier en de Reidswâl
  9. Grutte Tille, Reidswâl (sletten foar swier ferkear)
  10. Wite Brêge, tusken Ie en Eanjum yn de Eanjumer Kolken
  11. In fuotgongersbrêge by in gemaaltsje yn de Eanjumer Kolken
  12. Saatsenbrêge westlik fan Dykshoarne
  13. Brêge yn Iezumasyl

Súd Ie en Wetterfront Dokkum bewurkje seksje

Simmer 2013 hawwe it Waadfûns, de provinsje Fryslân, de gemeente Dongeradiel, Wetterskip Fryslân en oare partijen totaal 19,1 miljoen ta foldwaan jûn om de earste faze fan it programma 'Súd Ie en Wetterfront Dokkum' mooglik te meitsjen. Yn it ramt fan it plan sille de grêften yn Dokkum en de Súd Ie baggere wurde, brêgen ferhege wurde om de plezierfeart fan Dokkum nei de Lauwersmar fuort te sterkjen en sil it âlde jaachpaad opnij oanlein wurde [1] [2]. Teffens is der in soad omtinken foar it ferbetterjen fan wetter en iggen foar floara en fauna.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante (2019), Noardeast-Fryslân krijgt 3,5 miljoen euro om jaagpad en stadsgrachten aan te pakken, sjoen 24 jannewaris 2020
  2. Projekt Suder Ie op it webstee fan Dongeradiel (deade link)