Aldwâld

Aldwâld
Flagge fan Aldwâld Wapen fan Aldwâld
Flagge Wapen
Lokaasje fan Aldwâld
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal (2022) 820
Webstee Webstee Aldwâld

Aldwâld is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Aldwâld leit noardlik fan Feankleaster, eastlik fan De Trieme en westlik fan Kollum. Yn 2022 hie Aldwâld 820 ynwenners. De doarpskearn leit oan de Foarwei.

De buorskippen De Dellen, De Wurden, Hústernoard, Aldwâldmersyl en Ter Lune hearre ek by Aldwâld.

Sûnt 2019 leit Aldwâld yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân.

SkiednisBewurkje

Aldwâld is, sa't de namme al oanjout, in tige âld doarp. Yn 1443 wurdt it al neamd as "Olte-Wolde". Nei alle gedachten hat der yn de direkte omjouwing fan it doarp in âld bosk as wâld west. De namme De Wygeast (wijde hichte), in buorskip dy't tsjintwurdich rekkene wurdt ta Aldwâld, soe tsjutte kinne op in âld heidensk offerplak. Het wapenbyld fan it doarp sprekt foar himsels (3 iken). Lizzend op de sângrûn, moat it doarp - dat wierskynlik Holtwâlde hjitten hat - ryk oan beammen west ha. De iik is ien fan de meast bekende beammen op de sângrûn en wie eartiids fan ekonomysk belang as heechweardich boumateriaal en de bast foar de learloaierij.

De tsjerkeBewurkje

 
De tsjerke fan Aldwâld

De tsjerke dy't der no stiet hat in foargonger hân. In part fan de bakstiennen binne derfân brûkt. It tuorke en de westgevel binne oan de ein fan 17e iuw klear kommen.

Yn de tsjerke hingje in tal roubuorden fan de Van Doma's, Broersma's en Fan Heemstra's. Dy lju binne net yn Aldwâld begroeven, de van Heemstra's hawwe dy út Kollum meinommen. Ek stiet der in opfallende hearebank fan de Fan Heemstra's.

Yn de 18e iuw is de tsjerke, nei de moade fan dy tiid, bepleistere. By de lêste restauraasje is de pleister der wer ôfhelle en is de âlde stien wer te sjen.

Oan de noardkant stiet de eardere pastorij út 1806. Der is yn 'e rin fan de tiid it nedige oan ferboud.

Op it tsjerkhôf binne twa grêfkelders fan de famyljes Fan Heemstra en Fan Limburg Stirum.

Jan BinnesBewurkje

Oan de tsjerke is in tinkstien oanbrocht foar Jan Binnes (Kloosterman), in boer út Aldwâld dy't ien fan de lieders wie fan it Kollumer Oproer yn jannewaris 1797. Jan Binnes waard op 18 febrewaris 1797 op in grouwélige wize ûnthalze op 'e Brol yn Ljouwert.

Allemastate en EysmastinsBewurkje

Yn de Wygeast stiet Allemastate, no in pleats mei de efterein nei de wei. Neffens Andreae soe de state stifte wêze troch Redmer Allema dy't yn 1495 as kastelein van Oostbroeksterland (Kollumerlân) foarkomt. Fan it oarspronlike stiennen hûs is de dikke noard muorre oer. De westmuorre fan it wenhûs bestiet út ôfbraak-kleastermoppen. Boukundich ûndersyk hat bliken dien dat der wierskynlik boud is op âldere fûneminten, dy't neffens guonts fan in eardere sealstins west hawwe koene. At dat sa is, dan soe dy as 14e-iuwsk datearre wurde moatte.

Op de Wygeast lei neffens Andreae ek Eysmastins, dy't yn de 15e iuw neamd wurdt. Benner Eysma ferset him yn 1467 tsjin it bûn mei Grins. De stins waard yn 1468 fernield. Yn 1571 wurdt it plak Eysmahiem neamd[1]

It St. PitersgatBewurkje

Op Sint Piersdei, 22 febrewaris 1651 sloech in swiere stoarm de Aldwâldmer Syl oan it Dokkumer Djip fuort. Der ûntstie in djip gat. No wurdt dat de Poel neamd. In oare namme is It Mâlegraafsgat. Dy namme komt fan de Ingelsman Donough MacCarty greve Clancarthy. Hy wie as balling út Ingelân yn Aldwâld yn 1698 telâne kommen. Hy naam, it doe al besteande hûs, oan it Sint Pitersgat oer. De greve hie al in wyld libben efter de rêch en dat sette hy dêr troch. Letter hat er in eilân Rottum kocht en dêr gie it noch frjemder.

It hûs, dat mei ien ferdjipping ferlege is, stiet der noch yn 'e beammen ferskûle. Yn 'e folksmûle wurdt it de Boarch neamd.

 
Bûterfabryk Huis ter Noord yn de 30-er jierren fan de 20e iuw

Wat tichter nei Aldwâld ta, is der de Mâle Grevesbrêge.

In tinkstien fertelt it ferhaal oer de wetterfloed en wa't der oer neitinke wol, fynt in pear bankjes oan it wetter.

Huis ter NoordBewurkje

Bûterfabryk "Huis ter Noord" 1899 - 1996Bewurkje

Yn Aldwâld hat molkfabryk Huis ter Noord (ek wol: Hústernoard) de 100 jier krekt net fol makke. Yn 1899 waard de koöperaasje troch in 20-tal boeren stifte. Baron van Heemstra fan Fogelsanghstate út Feankleaster stie in stik grûn oan de Strobosser Trekfeart ôf foar de bou fan it fabryk. Tsjintwurdich wurdt it gebou brûkt foar rekreaasje.

MûneBewurkje

Yn july 1858 waard der in nôt- en pelmûne by Huis ter Noord boud (eigner Drewes Kooi út Kollum). Dêr kaam yn de 20er jierren (20e iuw) in diselmotor yn. It bedriuw hat oant ±1950 bestien; doe is de boppebou fan de mûne sloopt.[2]

Strjitten yn AldwâldBewurkje

Allemawei – Jan Binneswei - Dellenswei – Foarwei - De Wygeast – Eysmastrjitte -Feersma Hoekstrastrjitte - Foarwei – Hústernoard – Jasmyn - Lange ikker – Pastorijehof – Prunus - Ribes – Simmerwei – Swartewei - Wâlddyk.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/Kollumerland en Nieuw Kruisland, De Monumenten van Geschiednis en Kunst, 1989. Side 155, 156.
  2. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/Kollumerland en Nieuw Kruisland, De Monumenten van Geschiednis en Kunst, 1989. Side 162.
 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
 
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden