Kollumersweach
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Noardeast-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2022) | 2.987 | ||||
Webstee | Webstee Kollumersweach |
Kollumersweach (pleatslik ek: De Sweach) is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Kollumersweach leit noardlik fan Twizel, eastlik fan De Westerein, westlik fan Feankleaster en besuden De Trieme. Yn 2022 hie Kollumersweach 2.987 ynwenners. De doarpskearn leit om de Foarwei hinne.
De buorskippen Sânbulten en Hanenburch hearre ek by Kollumersweach.
Sûnt 2019 leit Kollumersweach yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân.
SkiednisBewurkje
Yn 1443 wurdt it doarp Swaech foar it earst neamd yn in offisjele akte: ...Greetmans, Rechters ende meente in Oestbroecksterlande, also Kolmerland, Zwaech, Oldewolde ende Gaest...[1]. De namme betsjut greide. It destiidse doarp wie tige útstrekt en omfieme it tsjintwurdige Sweagerbosk, De Westerein en it westlik part fan it hjoeddeistige Kollumersweach Nei 1543 kaam de tsjintwurdige namme yn swang. Sweagerbosk is fan 1880 ôf in selsstannich doarp. Fan de eartiidske earmoede is net folle mear oer. De beskieden wenninkjes en boerespultsjes binne frijwol allegearre opromme. Tsjin de tsjerke oer is op nûmer 120, mei in soad ynspannings, ‘Willems Húske’ bewarre bleaun. It foldocht abslút net mear oan bou- en bewenningsfoarskriften, mar as belangrike tsjûgenis fan hoe't hjir troch kreas en himmel folk op in beskieden manier libbe waard, is it stean bleaun en restaurearre. Yn dit húske wennen generaasjes lang de kloklieders fan de tsjerke.
TsjerkeBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Kollumersweach).
It sintrum fan it doarp is de âlde doarpstsjerke dy't yn in slinger oan de Foarwei op in ferheging stiet. Tsjerke en sealtektoer datearje út de 12e iuw. It koar is yn de 15e iuw fernijd. Der binne doe nije finsters oanbrocht. Tsjerke en sealdaktoer datearje ek út de 12e iuw; it koar is yn de 15e iuw fernijd en doe binne der ek nije finsters oanbrocht. De tsjerke is yn 1888 fan de ûndergong rêden omdat de ’útfiner‘ fan de monumintesoarch Jhr. Victor de Stuers fan it kueroard Marienbad út wei in rapport oer de werstelplannen fan it tsjerkje skreau: Deze kerk [...] verdient in zijn oorspronkelijke karakter hersteld en onderhouden te worden, iets wat zonder veel moeite noch kosten kan geschieden.
YnwennersBewurkje
Oantal ynwenners troch de jierren hinne op 1 jannewaris.
1850 ^ | 1998 | 1999 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2012 | 2013 | 2014 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
510 | 3.031 | 2.993 | 3.017 | 3.034 | 3.049 | 3.109 | 3.076 | 3.074 | 3.056 | 3.053 | 3.001 | 3.028 | 3.031 | 2.989 | 2.967 | 2.969 |
^ neffens Abraham Jacob van der Aa
TsjerkenBewurkje
Kollumersweach telt fjouwer tsjerkegenoatskippen, de Herfoarme gemeente, de Grifformearde gemeente, de Baptisten en de Vineyard gemeente.
De Grifformearde tsjerke is yn 2008 fan binnen folslein renovearre; dat wie te folgjen wie op in spesjale ynternetside.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|