Quarter Jasper (Joop) Schotanus (Kollumersweach, 19 febrewaris 1932Rhenen, 14 augustus 2011) wie in Nederlânske sindeling fan Frysk komôf.

Schotanus makke doe't er 17 wie de kar foar it kristlik leauwen by in konferinsje fan Het Zoeklicht. [1] Hy folge de kweekskoalle en yn 1955 in oplieding oan it Institut Biblique Européen yn Frankryk. Dêrnei troude er yn 1956 mei Mieke; se krigen seis bern.

Nei harren brulloft waard it pear oannaam troch de Africa Inland Mission om yn de Belgyske Kongo ûnderwiis te jaan. Foardat se útstjoerd waarden folge Schotanus in koloniale kursus yn Brussel.

Schotanus kaam yn 1959 yn de Belgyske Kongo oan, mar moast in jier letter wer fuortgean doe't Kongo de ûnôfhinklikheid útrôp. Op dat stuit wiene blanken har libben net wis. Oer Uganda kaam de famylje yn Kenia telâne. Nei in healjier kamen sy werom nei Kongo. Yn 1962 hiene se in jier ferlof yn Nederlân, wêrnei't de famylje noch twa jier yn Kenia ferbleau. Dêr wennen se noch seis jier foar't sy weromgiene nei Nederlân.

Werom yn Nederlân soe Schotanus Frânske les jaan yn it middelber ûnderwiis. Ek wie er in jiermannich direkteur fan Het Zoeklicht en jierren ferbûn as redakteur oan it blêd mei deselde namme. Yn 1982 holp er mei de Nederlânske tûke fan African Inland Mission op te rjochtsjen. Dêrfan wie Schotanus oant 2006 de foarsitter. Ut dy hoedanichheid wei wie er mei-oprjochter fan de Evangelische Zendingsalliantie en helporganisaasje TEAR fund. Hy gie foar yn tal fan gemeenten, benammen yn Fryslân. By syn preken lei er faak de klam op it Maranathaboadskip, of dat Jezus Kristus gau weromkomme sil.

Schotanus waard yn 2006 beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Yn 2010 konstatearren dokters by him in slimme foarm fan kanker. In jier letter ferstoar er.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Het Zoelicht is in evangelyske organisaasjes yn Nederlân yn 1919 oprjochte troch evangelist Johannes de Heer.