Feankleaster
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Noardeast-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2022) | 103 | ||||
Webstee | Webstee Kollumersweach |
Feankleaster is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Feankleaster leit noardlik fan Twizel, eastlik fan Kollumersweach, noardwestlik fan Bûtenpost, súdwestlik fan Kollum en besuden Aldwâld. Yn 2022 hie Feankleaster 103 ynwenners. De doarpskearn leit oan de Kleasterwei.
Sûnt 2019 leit Feankleaster yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân.
SkiednisBewurkje
Hoewol't it doarp nea in tsjerke hân hat, hinget de ûntjouwing wol gear mei de stifting fan in kleaster op de krusing fan diken nei Kollum, Aldwâld, Kollumersweach, Bûtenpost en Twizel. Nei't it gea yn de 11e of 12e iuw yn kultuer brocht wie, stiften de Norbertinen of Premonstratinzers yn de 13e iuw fan Dokkum út it dûbelkleaster Kleaster De Oliveberch, dat foar it earst neamd wurdt yn 1287. Troch legaten waakste it grûnbesit fan it kleaster oant leafst 245 bunder. It kleaster waard yn 1579 ferlitten en yn 1644 kamen de oerbliuwsels fan de gebouwen en lannen oan de famylje Van Fogelsangh.
It kleaster 'De Oliifberch'Bewurkje
De kleasters hienen in sletten ekonomy. As it heal koe, waard der neat fan bûtenút kocht. Yn 'e winter hienen se ek branje nedich. Dat krigen se troch't se eigen feangrûn krigen. De kleasters binne begûn mei de earste, foar dy tiid, grutskalich ôfgraven fan feangrûn. It kleaster wie ornearre foar aadlike persoanen. Letter binne de muontsen nei Westergeast ferhuze.
De nonnen waarden oantsjutten as de "Norbertinessen fan Aldwâld".
Yn 1560 fine we dat wat letter de "Slotpleats" neamd wurdt al in part fan it kleasterbesit wie.
Yn 1579 hawwe de nonnen it kleaster al ferlitten. Nei 1580 namen de Steaten fan Fryslân, sa as alle kleasterbesit op it plattelân oer.
Sjouck van Fogelsangh en har erfgenamtenBewurkje
Sjouck fan Fogelsangh út Boerum kocht it kleaster mei alles wat dêr by hearde. Har opfolger waard har soan Theodorus. Dy hat it earste hûs boud.
Doe krige troch in erfenis de grytman fan Kollumerlân Willem Hindrik fan Heemstra Fogelsanghstate yn hannen. De van Heemstra's hawwe oant yn 'e tritiger jierren fan de foarige iuw eigeners west. Doe erve de kommissaris van de keninginne P.A.V. Harxinxma thoe Sloten Fogelsanghstate. No is de eigener de greve de Marchant et d'Anseumbourgh.
Hy hat, mei stipe fan de gemeente Kollumerlân en fûnsen Fogelsanghstate wer yn oarder brocht en it fertutearze museum wer op 'en nij iepene.
De lannerijen foarmje tsjintwurdich ien fan de grutste parken fan Fryslân. Yn de 18e iuw hie it gebiet in barokke útstrieling. De ferneamde túnarsjitekt Lucas Roodbaard hat it gebiet stikje by bytsje feroare yn in lânskipspark mei ôfwikseljend parkeftige en boskeftige stikken.
It SindingsfeestBewurkje
Yn 1877 kaam der in ferhaal fan Fryske skriuwer Tsjibbe Gearts van der Meulen út oer Gepke dy't sûnder moffen oan nei it sindingsfeest yn Feankleaster west hie. Dizze sindingsfeesten wienen wichtich foar it otterdokse folksdiel. Op sa'n dei wienen de sprekkers, wat we no 'de preektigers' neame. De kollekte wie foar de sinding. Nei de Twadde Wrâldoarloch kamen de sindingsdagen dy't ek wol yn de bosk fan Rinsmastate yn Driezum holden waarden, wat yn 'e nederklits. Der waard in komitee foarme om de sindingsdagen nij libben yn te blazen. De dei waard ferpleatst nei Pinkstermoandei. Moarns wurdt der in dienst te velde holden. Dêr wurde de tsjerkegongers út in wide krite ferwachte. De middeis is der dan in kristlik festival. No begjint it al op sneon-te-jûn mei in jûn foar de jongerein. Fan ynfloed hat ek west dat de bekende evangelist Johannes de Heer ien kear yn 't jier mei in tinte op de Brink stie. Feankleaster hat sa lanlik bekendheid krige.
De KeningsweiBewurkje
Yn april 1852 brocht kening "Willem III in besite oan Kollumerlân. Hy die doe ek Fogelsanghstate oan.
Yn maaie 1873 kaam de kening wer nei Fryslân. Ek doe stie Feankleaster wer op it programma. H.L. baron van Heemstra hat doe de kening sjen litten dat hy in goede gasthear wie. It sânpaad nei de wei fan Kollum nei Bûtenpost waard in strjitwei. Nei't der sein waard, hie de baron dat betelle. Ek Fogelsangh-state krige in opknapbeurt. De kening kaam te sitten op stoel dy't in kopy wie fan syn stoel op Het Loo. Doe't de kening wer nei Bûtenpost ôfreizge, frege de baron oft de nije strjitwei Keningswei hite mocht. De kening hie dêr gjin beswier tsjin.
FerskaatBewurkje
Feankleaster hie yn 'e 60 en 70-er jierren in saneamde sneinsmerk: jonges en famkes út de wide omkriten paradearren dan troch it sintrum fan it doarp op syk nei in skarrel. It doarp hat mei in grutte diskoteek ek tsjintwurdich noch betsjutting as útgeanssintrum foar de jongerein.
Yn maaie 1999 kaam it doarp yn it nijs troch de brute moard op de 16 jierrige Marianne Vaatstra út De Westerein yn de omkriten fan Feankleaster.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Feankleaster fan Wikimedia Commons. |