Tiltsjebuorren
Tiltsjebuorren is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân, yn de Nederlânske provinsje Fryslân. Tiltsjebuorren leit noardlik en noardeastlik fan Ealsum, dêr't it formeel ek ûnder falt, oan de Peazens. De bebouwing fan de buorskip leit oan de Hantumerwei en de Droppingwei. De buorskip krige op 15 juny 2013 in eigen plaknammeboerd en waard doe offisjeel in buorskip.[1]
Tiltsjebuorren is ûntstien by in lytse brêge, in tille, oer de Peazens. De bebouwing oan de Hantumerwei waard nei de jierren 1930 wat útwreide [2] en sadwaande ûntstie der in lytse wenkearn.
Yn de Twadde Wrâldoarloch, fan neijier 1944 ôf, wiene der wapendroppings yn it fjild benoarden de Peazens by Tiltsjebuorren. Op 5 maaie 1965 is der in tichtby lizzende pleats nei ferneamd, 'Droppinghiem'.[3] Net fier fan it âlde droppingsplak stiet it oarlochsmonumint 'Droppinghiem'.
De Fryske Tulperûte rint troch de buorskip lykas ek it Friese Woudenpad.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|