De Kolk (buorskip)

De Kolk is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De Kolk leit súdeastlik fan Munnekesyl en noardeastlik fan Warfstermûne.

It plakje leit oan de Olde Borchweg tusken Warfstermûne en Muntsjesyl, op it plak dêr't de Boarchwei oer de Nijlâns Ryd giet, súdwest fan de buorskip Krabbuorren. Benoarden De Kolk leit de polder Nij-Krúslân. De buorskip komt foar op kaarten sûnt de jierren 1960.[1]

Troch de buorskip streamt in ôfwetteringssleat, dy't nei it noarden ta Nijlâns Ryd en nei it suden ta Aldlâns Ryd neamd wurdt. De buorskip bestiet út in rige huzen oan de súdkant fan de wei oer de âlde seedyk fan de Lauwerssee. De namme fan de buorskip ferwiist nei de kolk dy't hjir ûntstie yn de Aldlâns Ryd by in dyktrochbrek. Benoarden de buorskip stiet njonken in wyt hûs yn Nijkrúslân in stienen gebouke fan in (elektrysk) gemaal dat yn 1937 setten waard as ferfanging fan de poldermûne De Eastermûne (nei Easter Nijkrúslân en ta ûnderskieding fan De Westermûne by Kollumerpomp) dy't hjir stie tusken 1845 en 1937.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De topografyske kaart fan 1961 wikselt Krabbuorren en De Kolk by fersin om.
  • Noardeast-Fryslân
    Stêd:
    Dokkum
    Doarpen en útbuorrens:
    AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
    Buorskippen:
    Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
    · · Berjocht bewurkje