Muntsjesyl

(Trochferwiisd fan Munnekesyl)

Muntsjesyl (Kollumerlânsk: Muntjesziel; Nederlânsk en offisjeel: Munnekezijl), earder Muontsjesyl, is it meast eastlike doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Under Muntsjesyl falle ek de buorskippen De Skâns, Krabbuorren en foar in part De Kolk.

Muntsjesyl
Methardusstrjitte
Methardusstrjitte
Emblemen
Munnikenzijl vlag.svg               Muntsjesyl wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 473 (2022) [1]
Oerflak 20,09 km², wêrfan:
lân: 19,83 km²
wetter: 0,27 km²
Befolkingsticht. 23,85 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Flagge fan Noardeast-Fryslân.svg Noardeast-Fryslân
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 18' N 6° 16' E
Offisjele webside
Syde Muntsjesyl
Kaart
Muntsjesyl (Fryslân)
Muntsjesyl

It doarp leit oan de Muntjesylster Ryd tsjin Grinslân oan. It doarp hat tsjintwurdich in passantehaven.

Súdlik fan it doarp leit 'it Pypke', in âlde bôgebrêge fan 1802.

SkiednisBewurkje

 
Slûs fan Muntsjesyl yn it Syldjip

Muntsjesyl is in kûmdoarp dat yn de lette midsiuwen ûntstien is by de yn 1476 troch Sistersjinzer muontsen fan Gerkeskleaster sleine slûs yn de Lauwers, dy't it troch harren bedike lân beskermje moast. De slûs is in tal kearen ferlein en fernijd. Oan de ein fan de 16e iuw waard in ferdigeningsskâns oanlein. De bou fan de tsjintwurdige slûs yn 1741 foarme in ûnderdiel yn de ferbettering fan it Syldjip en de Muntjesylster Ryd.

Foar de gemeentlike weryndieling fan 2019 wie it ien fan de tolve doarpen yn de gemeente Kollumerlân.

BouwurkenBewurkje

TsjerkenBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Muntsjesyl).

It hat lang duorre foar't Muntsjesyl sels in tsjerke krige. De eardere herfoarme tsjerke (ek "Sylstertsjerke") waard yn 1899 boud, mar gyng werom op in gebou út de 17e iuw. Yn 2020 waard de tsjerke troch de PKN-gemeente ferkocht. Yn de tsjerke wie in oargel út om 1755 hinne, dat yn 2021 ferhûze nei de tsjerke fan Terkaple.

  De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Muntsjesyl).

De grifformearden lieten yn 1913-1914 de grifformearde tsjerke bouwe. It ûntwerp wie fan de Grinslânske tsjerke-arsjitekt Lammert Reitsma. De tsjerke is noch jimmeroan yn gebrûk.

Oare bouwurkenBewurkje

 
Rust Roest yn 2009

Yn it doarp stiet de yn 1856 boude nôtmûne Rust Roest, dy't ek wol de Muntsjesylster Mûne neamd wurdt. De mûne is in reiddekte achtkante stellingmûne mei stiennen ûnderbou.

Deunby Muntsjesyl stiet de slûs fan Muntsjesyl, in ryksmonumint út 1882.

MienskipBewurkje

It yn 2016 ferboude doarpshûs hjit De Skâns.

TsjerkeBewurkje

  • Protestantske gemeente Boerum-Muntsjesyl-Warfstermûne [2]
  • PKN Muntsjesyl-Lauwersyl [3]

FerieningsBewurkje

SkoalleBewurkje

  • Kristlike basisskoalle 't Oegh [4]

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • M. de Vries-Adema - Munnekezijl-Beeld van een dorp

 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
 
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden