Tsjerke fan Terkaple
De Tsjerke fan Terkaple is in tsjerke fan de protestantske gemeente De Jouwer yn de gemeente De Fryske Marren.
Tsjerke fan Terkaple | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Terkaple | |
adres | Tsjerkepôle 7 | |
koördinaten | 53° 1'N 5° 47'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | oarspr. Margareta fan Antiochje | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1854 | |
Webside | ||
PKN De Jouwer | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke dy't dêr foar it hjoeddeiske tsjerkje stien hat wie fan dowestien en moat om 1200 hinne boud wêze. It is net wis oft dit it kapeltsje wie dêr't Terkaple syn namme troch krigen hat. Yn âlde geskriften en op kaarten wurdt Terkaple ek wol “Capella” neamd. De kapel wie wijd oan de patroanhillige Margaretha. Op de klok dy't no noch yn it tsjerkje hinget stiet: bid voor ons, zalige, heilige Margaretha; de Heer Eema, pastoor toen ter tijd, Tjepke, ingezeten, in het jaar des Heeren 1472. Eema is in foarnamme; hy soe no Ime of Yme hjitten hawwe.
It âlde tsjerkje hie 18 prachtige souderskilderingen. Dy binne allegear beskreaun yn 1853, doe't it eardere tsjerkje ôfbrutsen waard. De tekeningen wurde bewarre yn it Frysk Museum. It binne bibelske foarstellingen lykas fan it Lêste Jûnsmiel, de Tút fan Judas, Jona dy't út de walfisk komt, Abraham en Izaäk. Fierder de apostels Petrus, Paulus, Andreas, Thomas. Ek stiet Margaretha ôfbylde. De skilderingen soenen út de earste helte fan de 16e iuw komme, doe't der nei alle gedachten in grutte renovaasje west hat. Se binne foar it meastepart betelle troch de famyljes Oenema en Roorda dy't in grutte rol spilen yn Terkaple. Harren famyljewapens stiene ek ôfbylde op de souderskilderings, lykas ek de wapens fan Fryslân en oare meibetellers lykas de famyljes Jongema, Galama en Walta. Harren nammen steane boppedat noch op de grêfstiennen yn de flier fan de tsjerke. Dy grêfstiennen leine ek al yn de âlde tsjerke. De grutste stien is fan Douwe fan Roorda en syn frou Elisabeth de Borghreef (1610). In oare stien komt út 1570 mei de namme fan Kempo van Oenema der op en anno 1533 den 21 augusti sterf die eedele juffrou Doutye van Oenema. De âldste stien dy't hjir lizze moat, mar net te sjen is (hy leit nei alle gedachten ûnder de flier by de preekstoel), stamt út 1485, hat de foarm fan in deakiste mei as opskrift: in het jaar ons Heren 1485 do staerf Tyepke Onamen, op Maydey. Biddet foer die syel en Pater noster. De Terkaplester tsjerke waard yn 1854 ôfbrutsen omdat er te djoer yn ûnderhâld waard. In adfertinsje út de Ljouwerter Krante fan 21 april 1854 seit: uit de hand te koop: eene aanzienlijke partij tufsteen, ongeveer 70 last grof wrak en 20 last fijne keizel, liggende te Terkaple, geschikt om te water vervoerd te worden. Te bevragen bij J.H. Hilverda te Terkaple.
De hjoeddeiske tsjerke waard yn 1854 boud op it plak fan de kapel. De tsjerke is gjin ryksmonumint, mar yn de tsjerke lizze twa sarken út 1570 en 1610 dy't dy status al hawwe. Ek it hôf dêr't de tsjerke op stiet hat in monumintale status. [1] Der wurdt sein dat der fan de pleats by de tsjerke in tunnel lein hat, dy't nei de tsjerke liede en ea as flechtgong foar ridders en soldaten tsjinne.[2]
Restauraasje 2016
bewurkje seksjeNei alle gedachten troch it ferleegjen fan it polderpeil fersakken de muorren en de flier fan de tsjerke yn de rin fan de tiid sa bot, dat it jimmeroan mear swierrichheden oplevere. Yn 2015 kaam der lang om let jild beskikber foar de restauraasje fan it gebou.[3] Yn 2016 waard útein set mei de restauraasje fan it gebou. Tidens it wurk waard in âlde sark út 1485 fûn fan Tsjepke fan Oenemar mei in opskrift yn it âld-Frysk en Latyn.[4] De banken kamen net werom en ynstee dêrfan kamen der stuollen op de fernijde flier te stean, sadat de tsjerke ek foar konserten brûkt wurde kin.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel boppe de preekstoel yn de tsjerke waard yn 1924 troch M. Spiering út Doardt boud. Dat oargel waard lykwols minder en wie oan restaurearre ta en doe't de eardere herfoarme tsjerke fan Muntsjesyl yn 2020 sletten waard, koe fan dy tsjerke in histoarysk oargel oernommen wurde. Dat oargel waard yn de 18e iuw troch in ûnbekende oargelbouwer foar in Amsterdamske skûltsjerke boud. Healwei de 19e iuw waard it oargel ferboud en yn 1883 ferhûze it nei de grifformearde tsjerke fan Ommen. Doe't dêr yn 1914 in nij oargel oanskaft waard, ferhûze Dekker it ynstrumint nei Muntsjesyl. Om't de tsjerke fan Muntsjesyl sletten waard en in oare bestimming krige wie it oargel dêr oerstallich woarn. It histoaryske oargel waard yn 2021 yn Terkaple opboud en krige in plak boppe de tagong. It Spiering-oargel boppe de preekstoel bleau yn de tsjerke.[5]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|