De Rust Roest, ek wol de Muntsjesylster Mûne neamd, is in nôtmole yn Muntsjesyl yn de gemeente Kollumerlân.

Rust Roest yn 2009

De stellingmole waard yn 1856 as nôt- en pelmole boud. It pelwurk is al lang ferdwûn, mar in soad details fan it pelwurk binne noch yn de mole werom te finen. De mole ûntkaam inkele kearen oan sloop en is yn 1970/1971 en 1999 hielendal restaurearre. De hjoeddeiske eigener is Monumintestifting Kollumerlân c.a.

De achtkante boppekruier hat twa koppels mealstiennen, ien op de stiensouder fan de mole dy't mei wynkrêft oandreaun wurde kin en ien op de grûn dy't mei in diselmotor oansetten wurde kin. De diselmotor stiet yn in fraai skuorke dat tsjin de eastkant fan de mole oanboud is. It wjukkekrús hat roeden mei in lingte fan mear as 19 meter dy't in fokwjuksysteem mei remkleppen hawwe en seilen. It frijwillige mûnder lit de mole geregeld wurkje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: