Pelmole
In pelmûne is in type mole wêryn eartiids garst ta grôt en letter rys peld waard. In pelmûne kin pas wurkje by op syn minst in wynkrêft fan 6 Bft. De earste pelmûne waard yn Nederlân boud yn 1639. De bloeitiid fan de pelmûne wie om 1750 hinne.
It pellen
bewurkje seksjeAlhoewol't de pelmûne ek molestiennen hat en faak mei in nôtmole kombinearre is, wurket it pelproses wel oars as it mealproses. By in pelmûne lizze der op in tuskensouder fuort ûnder de saneamde stellingsouder (dêr wêr't de doarren nei de stelling of omloop fan de mûne binne) twa gledde, swiere sânstiennen fan mear as 200 kilo. Pelstiennen draaie 160 kear yn de minút, wylst mealstiennen mar 90 kear yn de minút rûndraaie. Fanwege it hege toeretal is de skea by in brek grut. As beskerming lizze pelstiennen dan ek fersonken yn de flier.
Yn tsjinstelling ta mealstiennen, wêrtusken nôt meald wurdt, wurdt de garst peld mei de sydkant fan de stiennen, dy't hjirfoar op de sydkant ribbele binne. De garst wurdt boppe-op de boppeste pelstien, de loper, stoarten en de kerrels wurde troch de draaiende stien nei it pelblik slingere. De loper draait 1,5 - 2 sm boppe de lizzer, wêrtroch't der in loftstream opwekt wurdt yn de rjochting fan it pelblik. Dit pelblik stiet op 1 - 1,5 sintimeter fan de pelstiennen ôf. It keppel pelstiennen wekt troch de sochgatten of waaikerven yn de loper in soarte soch op wêrtroch de gartskerrels kear op kear tsjin it pelblik oanslingere wurde. Dit blik hat spikergatsjes mei puntsjes en troch dy puntsjes wurdt it hurde feltsje fan de garstkerrel ôfpeld (ôfraspt).
Per kear mei net langer as fjouwer minuten peld wurde, omdat oars de kerrels te waarm wurde. As de garst oer de foarloper (it earste keppel pelstiennen) hinne west is, giet it oer it twadde keppel pelstiennen, de neiloper. De garst giet dêrnei wer oer de foarloper en dan nochris oer de neiloper. Nei dizze pelbehanneling fan de garst, dy't wylst grôt wurden is, wurdt it seefd yn de seef en dêrnei sortearre yn de waaierkast. De grôt wurdt opfongen yn in sek en is klear foar de ferkeap. It grôt kin noch rûnslipe wurde ta pearelgrôt (bg. foar peareltsjebrij) troch se noch in kear oer de foar- en neiloper gean te litten.
-
Pelblik
-
Pelstien loper mei fjouwertaksryn
-
Pelstien loper
-
Waaierkast yn It Prinsehof
Pelmûnen yn Nederlân
bewurkje seksjeDe pelmûnen binne yn de Saanstreek yn swang komd en wienen ek by de roes oanwêzich yn it noarden fan it lân en dan benammen yn Grinslân. Yn de Saanstreek is mar ien komplete mûne oerbleaun, 'It Prinsehof' yn Westzaan. It Twintske Rijssen hat in foar Nederlân unike kombinaasje fan de funksje oalje- en pelmûne, de Pelmûne Ter Horst. Yn Grinslân steane noch de measte pelmûnen allegearre kombinearre mei mealstiennen, men sprekt hjir oer in nôt- en pelmûne. De mûne fan Den Andel hat as lêste mûne oant sawat 1985 grôt peld. Yn Oldehove hat de nôt- en pelmûne 'De Liuw' noch in skoft peld op wynkrêft. Sûnt ein jierren njoggentich bart dit lykwols elektrysk. Inkele pelmûnen yn de provinsje pelle hjoed-de-dei op frijwillige basis. Yn de rest fan it lân binne noch hjir en der noch pelmûnen te finen, al binne der meastentiids net mear as inkele ûnderdielen fan it pelwurk yn in noch besteande nôtmûne.