Nijewier is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Nijewier leit noardlik fan Wetsens, eastlik fan Hantumerútbuorren, westlik fan Mitselwier en besuden Easternijtsjerk. Nijewier hat 360 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan it doarp leit benammen oan de Siercksmawei, Bornensisstrjitte en Bredewei.

Nijewier
Linepaad
Linepaad
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 360 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,87 km², wêrfan:
- lân: 4,86 km²
- wetter: 0,01 km²
Befolkingsticht. 74 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 21' N 6° 02' E
Offisjele webside
nijewier-wetsens.nl
Kaart
Nijewier (Fryslân)
Nijewier

De buorskip Lytse Wier heart ek foar in lyts diel by Nijewier.

Kleaster Sion

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kleaster Sion.
 
Nijewier mei it plak fan kleaster Sion en Ypsmastate (± 1700)
 
Oerbliuwsel fan Kleaster Sion
nei in tekening fan N.A van Loon
 
Kleastertsjerke

Eartiids stie yn it doarp it kleaster Sion fan de sistersjinzers; dat yn 1180 stifte wie. It kleaster wie ien fan de rykste kleasters fan Fryslân. De bewensters kamen út de hegerein. Ien fan de lêste prioressen wie Auck Donia, dêr't in strjitte nei ferneamd is. Nei de reformaasje is it kleaster yn 1580 opheft.

De namme fan it kleaster komt werom yn de namme fan it doarpshûs dat "Nij Sion" hjit.

Benei alle lân fan de himrik fan Nijewier wie kleasterbesit. Allinne it lân fan Ypsmastate, mei in stinswier, healwei Easternijtsjerk wie lekebesit. It aadlik hûs Ypsma wie it al yn de 15e iuw mei dien. Yn 1511 en letter wie de state troch yn pachter bewenne. Yn 1557 waard it hûs foar it earst neamd en beskreaun as "de huisstede waar het huis gestaan heeft" dat doe al ôfbrutsen wie.

Yn de 15e iuw stoar it laach Ypsma yn de manlike line út. Troch houliken mei de Stenstera's fan Foudgum en de Stania's fan Reitsum kaam it goed úteinlik yn hannen fan de famylje Fan Burmania. Nei de Ljouwerter preester Upke fan Burmania, kaam it yn hannen fan syn neef Gemme fan Burmania. Gemme liet de state nei oan syn dochter Saepck dy't boaske wie oan Watze fan Ockinga.[3] Harren soan Douwe stoar sûnder bern yn 1666. Yn de iere 18e iuw wie Ypsma besit fan Douwes achterneef Sicco fan Goslinga, grytman fan Frjentsjeradiel.[4]

De stinswier is earne tusken 1557 en 1718 ferdwûn. Fan Ypsma binne gjin ôfbylden bekend. Sûnt der in pleats stiet hjit it stee ek wol Healwei (of Helewey).[5]

Sûnt 2019 leit Nijewier yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.

De Herfoarme Tsjerke

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kleastertsjerke (Nijewier).

De tsjerke, sa as dy der no stiet, is boud yn 1678. (Bakstien mei opskrift: Douwe Roelofs mr. metselaar 1678. Geert Hendrik 1678). Der is brûk makke fan de stien fan de eardere tsjerke (kleastermoppen)

Yn 1811 is de westkant ferboud en it tuorke der opsetten.

De tsjerke hat in oargel út 1818 fan J.A. Hillebrand (in oargelbouwer dy't fan Dútslân kaam). Sa as it mei mear oargels fan him barde, liket it derop dat er de bou net dien makke hat. Yn 1822 hat N.A. Lohman it oargel nammentlik foltôge.

Grifformearde tsjerke

bewurkje seksje
 
It Lokaal
 
De eardere grifformearde tsjerke yn 2023

Fan 1860 ôf tsjerken de Nijewiersters dy't harren ôfskieden hiene fan de herfoarme tsjerke yn Ljussens by de "Christelijke Afgescheidene Gemeente". Nijewier krige letter in gebou dat bekend wie as "It Lokaal". Tegearre mei Mitselwier waard yn 1887, nei de Doleânsje fan 1886, de "Nederduitsche Gereformeerde Kerk te Metslawier en Niawier" ynstituearre. Yn 1892 folge in ôfskieding fan Mitselwier en waard de "Gereformeerde Kerk te Niawier-Wetsens" stichte. De gemeente krige in eigen tsjerke yn Nijewier yn 1893.[6] Yn 1912 waard in oargel pleatst fan de firma Vermeulen út Woerden.[7] Itselde jier waard de tsjerke fergrutte. Yn 1956 waard it gebou restaurearre en waard de preekstoel fuorthelle.[8] Yn 2010 fusearre de herfoarme gemeente Mitselwier en Nijewier mei de grifformearde gemeente fan dy doarpen. De grifformearde tsjerke "De Moeting" yn Nijewier waard doe ferkocht. Hjoed-de-dei is it in wenhûs. Yn 2011 waard it doarpshûs "Nij Sion" út 1967 multyfunksjoneler, dêr wurde no ek wol tsjinsten holden.

 
Doarpshûs Nij Sion

It doarpshûs hjit "Nij Sion". It doarp docht in soad dingen mei Wetsens. Fierders is der in keatsfjild. De lêste winkel hat yn 2003 de doarren sletten. Yn it doarpswapen stiet in terp en in Jeruzalimkrús, dat nei it eardere kleaster Sion ferwiist.

 
Linepaad 11

Yn 2022 fan Nijewier waard de yn 1986 boude kristlike basisskoalle 'By de Boarne' definityf sletten. Bern geane hjoed-de-dei nei de yn 2022 nij iepene basisskoalle 'De Wrâldwizer' yn it oanbuorjende Easternijtsjerk, dêr't ek de bern fan Nes en Wetsens hinne geane.[9]

  • De Bazuin - korps
  • Begraffenisferiening Nijewier-Wetsens
  • Fuotbalferiening Ropta Boys
  • Gymferiening S.S.S
  • Keatsferiening de Trije Doarpen
  • Oranjeferiening Nijewier-Wetsens
  • Sion Sjongers
 
Bornensisstrjitte

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2014 2015
Ynwenners 504 455 435 409 387 415 377 387 365
Jier 2016 2017 2018 2019 2020 2021 2022
Ynwenners 355 365 360 365 365 370 360

A.M. Wijbenga

bewurkje seksje
 
Byld fan Anders Minnes
fan Maria van Everdingen

Anders Minnes Wijbenga waard yn 1881 te Nijewier berne. Fan syn fak wie er komelker/gernier. Hy wie tige frysksinnich. Yn 1908 wie hy ien fan de oprjochters fan it Kristlik Frysk Selskip. Yn dat selskip hat hy tige warber west. Yn 1923 joech it Selskip him de opjefte om de psalmen yn it Frysk te berymjen. It doel wie om dy yn 'e tsjerke te brûken. It hat lang sa west dat der yn Fryske tsjinsten Hollânske psalms en gesangen songen waarden. De bondel fan Wijbenga is net yn de tsjerken ynfierd. De beriming fan Fedde Schurer waard better fûn. Yn 1930 kaam der in bondeltsje fan syn gedichten út mei as titel: 'Libbensgong'. Nei syn dea yn 1948 is it bêste wurk fan Wijbenga sammele yn de bondel: 'Ljocht oer it fjild'.

Auck Doniastrjitte (priores fan Kleaster Sion), Bartenswei, Bornensisstrjitte, Bredewei, De Singel, De Skulp, Grutte Stege, Grytmanswei, Linepaad, Mearswei, Miedwei, Siercksmawei (nei grytman Doede Siercksma), Terpstrjitte, Tsjerkepaad.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Braaksma, K., 2018.
  4. Wierstra, S. Genealogie van het adellijk geslacht van Goslinga: Simonwierstra.nl..
  5. stinzeninfriesând.nl Ypsmastins te Niawier, rieplachte 9 febr. 2015
  6. Kok, G.J., 2017. Het ontstaan van de gereformeerde kerk te Metslawier. Online fia: Gereformeerdekerken.info. [Sjoen 21 jannewaris 2019].
  7. Veldmans, F., 2017. Gereformeerde kerk Nij Sion. [online] fia: Kerkenorgel.nl. [Rieplachte 3 febrewaris 2019].
  8. Ljouwerter Krante, 1956. Restauratie van gereformeerde kerk te Niawier. Leeuwarder Courant, [online] fia: Delpher.nl..
  9. Doarpsside Nijewier-Wetsens

  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   ·