Hege wier
In hege wier of stinswier is yn Fryslân de namme foar in opsmiten ierden hichte (motte) út de Midsiuwen, dêr't in stins op stie. Der binne yn Fryslân noch 5 fan de oarspronklike 108 stinswieren oer. De op de hege wieren boude stinzen binne allegearre ferdwûn. Dy lizze by de doarpen Seisbierrum, Jellum, Lies, Menaam en Aasterein. Krekt sa as de Siuwske vliedberg waarden de hege wieren faak boud as prestiizje-objekt fan grûnbesittende klasse. De toer waard net bewenne; it wenne in stik nofliker yn de hearepleats dêr't de stins by hearde. Allinnich yn tiden fan konflikten ferskânze men him yn de toer op de wier.
Misbegryp oer hege wieren Bewurkje
Krekt as by vliedbergen binne hege wieren faak oansjoen foar in flechthichte, by heech wetter, of foar in terp, mar sy binne net grut genôch om as flechthichte te tsjinjen. Boppedat binne der om ferkate wieren oerbliuwsels fan grêften fûn. Ek binne se wol boppe op in terp opsmiten of op natuerlike heechlizzende plakken sa as yn Gaasterlân of it ek frij heechlizzende Garyp oanlein[1].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|