Menaam is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Menaam leit noardlik fan Dronryp, eastlik fan Rie, westlik fan Marsum en besuden Berltsum. Yn 2022 hie Menaam 2.735 ynwenners. De doarpskearn fan Menaam leit rûn de Greattebuorren en Dyksterbuorren.

de himrik fan Menaam

Sûnt 2018 leit Menaam yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Menameradiel. Menaam hat altyd haadplak west fan Menameradiel.

SkiednisBewurkje

 
It âld earmhûs út 1839, in ryksmonumint

Menaam is in terpdoarp dat inkele iuwen foar it begjin fan de jiertelling op de kwelderwâl tusken Dronryp en Bitgum ûntstien is. De bebouwing konsintrearre him om it tsjerke, útsein oan de súdeastlike kant, want dêr stie Orxmastate. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: Dit dorp heeft eene schoone kerk en toren, op eene groote hoogte gebouwd, en voor weinige jaaren merkelyk versierd. De buurt ligt byna cirkelswyze ten Westen, Noorden en Oosten om de kerk, en ten Zuiden de aanzienlyke State Orxma, ook Dekema genoemd, bestaande in eene schoone oude uit het water opgehaalde huizinge en eene ruime wel aangelegde plantagie, hovinge, cingels.

 
De Rypsterdyk yn Menaam, omtrint 1930.

Orxmastate, ien fan de soad states dy't by of yn de omkriten fan Menaam stiene, is yn 1830 sloopt. Hoewol't Berltsum de âldste papieren like te hawwwen en ek Dronryp him ta doarp fan betsjutting ûntwikkele, waard Menaam it haadplak fan de gritenij.

Oan de ein fan de 19e iuw binne stikken fan de terp ôfgroeven. It doarp wie ûntsletten troch de Menamer Feart dy't by Marsum oergie yn de Ballensfeart rjochting Harnzer Trekfeart. Lâns dizze feart ûntwikkele him oan Lytsebuorren, Lytsedyk en Langpaad bebouwing. Ek beëasten de âlde kearn en it oan de feart lizzende Warnserbuorren, wie al yn de 18e iuw ta ûntwikkeling komd. Fân de twadde helte fan de 19e iuw ôf kaam der boppedat lintbebouwing lâns de stadichoan ferhurde útfalswegen: Dyksterbuorren, Rypsterdyk en Bitgumerdyk en dêrnei ek Ljochtmisdyk.

De Menamers fertsjinnen harren brea yn de lânbou, en dan benammen de ierdappeltylt. Yn it begjin fan de 20e iuw stie it gebou fan de jirpelfeiling oan de Lytsedyk. Dêr stiet noch it kafee, dat net mear as kafee brûkt wurdt, De Ierdappelbeurs. Mar ek de túnbou wie fan belang, benammen oan de Berltsumer side wêr't in soad gerniersbedriuwen wiene.

 
Menaam, sjoen fan 'e Slappeterpster kant ôf.

Yn de buorren fan it doarp stiet oan de Dyksterbuorren tichtby de feart it noch as gritenijhûs, yn 1841 - 1843, boude gemeentehûs, in ûntwerp fan arsjitekt Thomas Romein. It is in bûtengewoan smaakfol bouwurk yn neoklassisisme mei in yngongspartij dy't flankearre wurdt troch jitizeren toskaanske pylders mei dêrboppe yn de wat foarútspringende middenpartij in trijeliddich finster mei healpylders. It gebou hat fierders in kroanlist en in attyk.

Oan de Grutte Buorren stean twa 18e-iuwske huzen.

In de twadde helte fan de 19e iuw groeide it ynwennertal sterk ean oan de wichtichste strjitten, lykas Dyksterbuorren, en útfalswegen stean de represintative wenten út de ein fan de 19e iuw yn mingstyl en it begjin fan de 20e iuw in fernijingsstyl en ek inkele yn sjaletstyl. De earste folkshúsfesting kaam oan de Ljochtmisdyk.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden op 19 novimber 1944 oan 'e Ryksstrjitwei by Menaam trije finzenen troch de nazys stânrjochtlik eksekutearre yn it ramt fan 'e represailles by Hjerbeam en Menaam. Dat waard dien as bestraffing foar aksjes fan it Fryske ferset. Nei de oarloch is Menaam, benammen sûnt it yn de santiger jierren as forinzeplak ûntdekt wie, sterk groeid oan de noardwest- en súdkant.

Ticht by it doarp stean de poldermoles De Ljip (1802) en De Rintmaster (1833/1981).

Kuierferiening De Trochsetters wie yn de jierren '60 aktyf. Hja organisearren û.o. de John F. Kennedy kuiertocht dy't startte oan de Gruttebuorren en dêr't minsken út hiel Nederlân oan mei dienen.

Menaam wie earder foaral in agrarysk doarp mei feehâlderij en lânbou. De wurkgelegenheid yn de lânbou rûn sûnt 1960 sterk werom en hjirtroch ferdwûnen de jongerein en de middenstân út it doarp. Tsjintwurdich wenje der benammen forinzen dy't harren wurk yn de haadstêd Ljouwert hawwe. It doarp is flink útwreide en beskikt oer goede foarsjennings.

GebouwenBewurkje

LambertustsjerkeBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Lambertustsjerke (Menaam).

De op in heech en rom tsjerkhôf steande PKN-tsjerke is in geweard gebou dat yn 1874 op de fûneminten fan de eardere, oan de hillige Lambertus wijde tsjerke setten is. It fiifsidige koar waard al yn 1855 fernijd. It tsjerke hat oan de noardkant yn in transept, in dwersbeuk, en oan dy side ek in konsistoarje fan twa boulagen.

De Menamer bou-ûndernimmers M. en J.P. Boonstra fierden it wurk út, mar in arsjitekt is net bekend. It soe Jacob Izaaks Douma út Ljouwert west ha kinne. De styl fan it tsjerke past wol in syn oeuvre en dizze arsjitekt makke it ûntwerp fan de yn 1866 boude toer. It skip fan de tsjerke wurdt ferdield troch pilasters en is iepene mei grutte rûnbôgefinsters mei trasearrings fan getten izer. De toer, boud as ferfanging fan in sealtektoer, hat trije liddingen wêrfan de twa heechste opgnisse binne mei rûnbôgefriezen fan keunststien. It ynterieur is ek yndield ta muorrefekken tusken korintyske pilasters. Yn it rêstige ynterieur falle de rykfersierde preekstoel mei persoanifikaasjes fan de deugden, Leauwe, Hope, Leafde, Gerjochtichheid en Stânfesten en it rike oargelfront op. De pastorij stiet oan de Mieddyk op in omgrêfte hiem. It is in út 1838 datearjende flinke neoklassisistyske middengongwente.

MienskipBewurkje

De Feriening Doarpsbelang bestiet sûnt 1 maart 1977, Menaem yn’t Ljocht is de doarpskrante dy't alve kear yn 't jier ferskynt. Ek bestiet de Feriening Doarpsfeest.

FerieningsBewurkje

 
De Greatebuorren yn Menaam mei op 'e eftergrûn de Menamer toer.
  • Alles hat syn Utfallen - toaniel
  • Halleluja - brassband
  • Constantia - fanfare
  • Orxmadûnsers - dûnsjen
  • It Fintsje - boarterstún
  • Fuotbalferiening Foarút
  • TF Schatzenburch - tennis
  • CMH Menaam - drumband en majorettes
  • De Oanhâlder Wint - iisclub
  • Toulûkferiening
  • DSVS - follybal
  • Unitas - gymnastyk
  • De Deinende Dobber - fiskjen
  • Tûk en Rekke - jeu de boules
  • VvV Menaam - keatsen

BefolkingBewurkje

Berne yn MenaamBewurkje

StrjittenBewurkje

Alle strjitten yn Menaam.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch ekBewurkje

  1. Spanvis/Historie Friesland