Strjitten yn Menaam
Wikimedia-list
De Strjitten yn Menaam:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Achterbosk - It lân besuden de Kebelsopfeart, efter de Boskrâne.
- Auck van Haersmawei - Auck van Haersma wie bewenster fan Orxma State.
- Beckrypleane - De pleats Beckryp stiet oan de Berltsumerdyk en is yn 1999 foar in grut part ôfbaarnd. De pleats wurdt al neamd yn 1511.
- Berltsumerdyk - de dyk nei Berltsum
- Bitgumerdyk - de dyk nei Bitgum
- Blomtún - nei de tún dy't Homme fan Camstra oanlizze liet by it nije Orxma State.
- Boskrâne - De bebosking fan de Orxma State rûn oan de Kebelsopfeart ta en de Boskrâne grinzet oan de Orxmasingel.
- Camstrastrjitte -
- De Boech - In boech is de stjûne fan in skip. It is it foarste diel fan it doarp, mar kin ek neamd wêze nei in stik lân fan dy foarm.
- De Braak - in braak wurdt brûkt by it bewurkjen fan flaaks.
- De Finne - in finne is in stik lân dat net as healân brûkt waard.
- De Foarke - ark om hea mei te swyljen
- De Hekkel - ark om sleatten mei te skjinjen
- De Mieden - in miede is in leech lizzend stik lân dat as healân brûkt waard, of om jongfee weidzje te litten.
- De Rûpelbank - op in rûpelbank wurde de flaaksknoppen fan de flaaksieren skieden.
- De Steapel -
- De Swingel - in swingel wurdt brûkt by it braken fan flaaks
- Dobbehôf - In dobbe is in útgroeven wetterkom yn in stik lân; in hôf is in stik lân of hiem mei (frucht)beammen. Der sil nei alle gedachten in dobbe yn it lân efter Orxma State sitten hawwe.
- Dyksterbuorren de dyk nei Dyksterbuorren
- Fjouwerhûs - nei de pleats Fjouwerhûs tusken Menaam en Bitgummole. Der sille yn in fjouwertal huzen by stien hawwe.
- Fleringastrjitte - De pleats Fleringa, ek wol Fleringa of Galema neamd, stiet oan de Ljochtmisdyk. De namme wurdt foar it earst neamd yn 1501. De buorkerij leit op in grutte terp dy't begjin 1900 foar in grut part ôfgroeven is.
- Foareker - in dwersikker op de ein fan in stik boulân of greidlân dêr't de weinen kearden en de arbeiders skoft hâlden.
- Goyckemastrjitte - De pleats Goyckema oan de Slappeterpsterdyk komt stiet op de Schotanus-kaart. De pleats wurdt foar it earst neamd yn 1652 en hat in opkeamer mei molkkeamer der ûnder.
- Gralda - Gralda wie mei Orxma, Jukema, Donia en Galema ien fan de stinzen by Menaam.
- Graldasingel - Nei it wetter by de state Gralda.
- Gruttebuorren - De Buorren is fanâlds de belangrykste strjitte fan it doarp en leit meast ek by de tsjerke en de weinkeld. De Grutte Buorren en de Dyksterbuorren foarmje no de buorren.
- Grêftswâl - om Orxma State leinen grêften.
- Jouke Bakkerstrjitte - Jouke Bakker (3-7-1873 - 26-9-1956) wie in arbeiderssoan dy't yn de Twadde Keamer siet foar de CHU. Hy hat in soad foar Menameradiel betsjutten.
- Jachthúswei - Ferbûn Orxma State mei de Boskherberch, foar 1973 it 'Hoannepaed' neamd. Op it parkearplak foar de weme oer stie eartiids De Boskherberch. Yn de lannen en bosk om Orxma-State mocht doe jage wurde.
- Juckemastrjitte - De âldst bekende bewenner fan Orxma State (doe noch in pleats) is Renick fan Roorda, dy't troud wie mei Rixt fan Juckema. Yn 1629 waard de pleats ferkocht oan Ruerd fan Juckema. In dochter fan Ruerd fan Juckema, Edwert of Eduarda fan Juckema, troude mei Homme fan Camstra en dizzen lieten yn 1642 de pleats ferbouwe ta it slot Orxma State.
- Langpaad - fan it doarp nei de Warnserbuorren rûn in lang paad. De eardere kristlike skoalle stie as earste bebouwing oan it paad (1904).
- Ljochtmisdyk - Marije Ljochtmis is in roomsk feest op 2 febrewaris as betinking fan Kristus opdracht yn de timpel, Ljochtmis.
- Lyaersmastrjitte - op de hoeke fan de strjitte stie in pleats mei de namme Lyaersmastate
- Lytsebuorren - diel fan de buorren.
- Lytsedyk -
- Mieddyk - ferbynt in doarp mei de mieden.
- Miedkamp - Yn 1397 is fûl fjochten yn de Menamer Mieden tusken de Skieringers en Fetkeapers en dêr komt de namme Miedkamp fan. Mied herinnert oan de Mieden en Kamp oan de earder neamde striid.
- Moolnersrak - Op it rjochte ein feart (rak) oant de knik nei Berltsum stie eartiids in mole. Yn de knik stienen earder Trije Peallen.
- Nijlân - dyk nei gronden (bouw of landbouw) die niet in gebruik zijn
- Orxmasingel - nei Orxma of Orxma State
- Ryksstrjitwei -
- Rixt fan Doniastrjitte - Rixt fan Donia wenne yn 1673 as widdo fan Watse fan Camminga yn Menaam en de preekstoel yn de tsjerke is in geskink fan har. Op ien fan de stokken fan de kolleksjepûdsjes sit in sulveren plaatsje mei û.o. de letters RVD. Dat moat ek wol in skinking fan har west hawwe.
- Romptastrjitte - De terppleats Rompta stiet oan de Alde- of Slappeterpster Feart. De buorkerij wurdt foar it earst neamd yn 1618 en stiet ek op de Schotanuskaart.
- Rypsterdyk - de dyk nei Dronryp
- Sânwei - de grûn sil hjir sâniger wêze as it gebiet der omhinne
- Sibrandus Leostrjitte - Skiedskriuwer Sibrandus Leo wie pastoar yn Menaam. Hy gie earst op in Latynske skoalle yn Ljouwert, dêrnei op in kleasterskoalle. Hy treedt yn it premonstratinzer kleaster Mariëndal yn Lidlum, wurdt pryster en dan pastoar yn Menaam en Berltsum. Op tsjerklik gebiet wie Menaldum al yn de Midsiuwen in foaroansteand plak. In soad doarpen yn de omkriten foelen ûnder dit dekamnaat. Neffens guon soe hjir in kleaster stien hawwe, mar dit sil nei alle gedachten kleaster Eanjum wêze dat tusken Ried, Berltsum en Menaam lein hat, mar dat net by ien fan dizze doarpen hearde.
- Sint Lambertusstrjitte - De tsjerke fan Menaam is wijd oan Sint Lambertus
- Skilpaad -
- Slappeterpsterdyk - de dyk nei Slappeterp
- Sminiawei - De famylje Sminia wie eigener fan Orxma State. Yn de atlas fan de provinsje Fryslân 1849 - 1859" stiet by Orxma State neamd: 'Orxma of Sminia'. Doe't Orxma State yn 1831 ôfbrutsen wienen de omlizzende stikken lân, hôf, tún en singel eigendom fan de erven Hector fan Sminia. Dizze Hector wie troud mei Wickje van Haersma, in suster fan Auck fan Haersma dy't ek op de state wenne hat.
- Warnserbuorren - Warnserbuorren wie in buorskip by Menaam. Letter is it troch bebouwing fan de Mieddyk en it Langpaad by it doarp komd. Yn de folksmûle waard de Warnser-buorren ek wol 'It Fort' neamd. Der wie boppedat in rige huzen dy't 'De Koloanje' neamd waard.