Slappeterp

Slappeterp (earder ek:Slepperdorp) is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke, west fan Menaam. It is it lytste doarp fan de gemeente mei likernôch 80 ynwenners (2004).

de himrik fan Slappeterp
Slappeterp sjoen fan 'e Peinzer kant ôf.

It doarp is ûntstien op in lange kwelderwâl. It heart ta de rige terpen dy't fan Arkens by Frjentsjer oer Skalsum, Peins, Tamterp, en Slappeterp oant de Hege wier tusken Menaam en Berltsum rint. It stie mei de Slappeterper Feart fia de Skingster Feart yn ferbining mei de Harnzer Trekfeart. It doarp hat in herfoarme tsjerke út 1926 dy't yn it plak kaam fan de tsjerke út 1826.

MienskipBewurkje

Slappeterp hat mei Skingen ien feriening foar Doarpsbelang. It doarpshûs hjit Op Healwei omdat it healwei Skingen en Slappeterp stiet. Yn 2007 is by it doarp swimfiver De Swanneblom oanlein as fergees alternatyf foar it swimbad yn Menaam.

FerieningsBewurkje

  • It Sil Heve - toaniel
  • kf Untspanning - keatsen
  • De Kromme Keu - biljerten

StrjittenBewurkje

Kleasterdyk, Menamerdyk, Skingsterdyk.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: