Dionysius fan Parys

Dionysius fan Parys wie eartiids in misjonaris yn Galje, de earste biskop fan Parys en martler foar it kristlike leauwe. Hy wurdt fereare as hillige en is ien fan de saneamde fjirtjin needhelpers. Dionysius heart ta de groep Sefaloforen (holledragers).

Dionysius fan Parys
   hillige
Byld fan Sint-Dionysius oan de Notre-Dame fan Parys.
Byld fan Sint-Dionysius oan de Notre-Dame fan Parys.
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 3e iuw
berteplak Itaalje
stjerdatum 250, 258 of 270
stjerplak Lutetia (Romeinske namme fan Parys)
wurkpaad
berop biskop
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
guon protestantske tsjerken
Koptysk-Otterdokse Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerke
Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken
Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
hjeldei 4 desimber

It âldste dokumint dat wiidweidich oer it libben en de dea fan Dionysius skriuwt is it "Passio SS. Dionysii Rustici et Eleutherii" út likernôch 600. Yn it dokumint wurdt melding makke dat Dionysius tegearre mei seis oare biskoppen yn de 3e iuw út Rome troch paus Fabianus as misjonaris nei Galje stjoerd waard. Neffens de Gallo-Romeinske biskop-skiedkundige Gergoarius fan Tours wie Dionysius yn 250 biskop fan Parys, dat doe noch Lutetia hiet. Gregoarius fan Toers droech ek by oan de betizing mei de hillige Dionysius Areopagita yn de midsiuwen.

Mei Rustikus en Eleutherius wie Dionisyius effektyf yn it bekearen fan minsken ta it kristendom. It ferlies fan folgelings liede ta oergeunst by de heidenske preesters. Hja wisten de Romeinske steedhâlder oer te heljen om de misjonarissen op te pakken en finzen te setten. Letter waarden de misjonarissen op de heechste heuvel fan Parys ûnthalze. Dat wie doedestiids in hillich heidensk plak. De heuvel stiet tsjintwurdich bekend ûnder de namme Montmartre, itjinge heuvel fan de martlers betsjutte soe. Mar it soe ek kinne dat de namme ôflaat waard fan Mons Mercurii et Mons Martis; heuvel fan Merkurius en Mars.

Ynearsten wiene de ferfolgers fan doel om de fermoarde misjonarissen yn de Seine te smiten sadat de kristenen gjin gelegenheid krigen om se te earjen. Mar in heidenske frou dy't sympatisearre mei de kristenen wist dat tefoaren te kommen en de ferfolgers oer te heljen de lichems werom te jaan oan de kristenen. Dy begroeven de lichems sa'n seis kilometer fierder op in ikker. Letter die nei it ynsiedzjen bliken dat de ikker bysûnder fruchtber wie.[1]

 
Martlerskip fan de hillige Dionysius

Neffens de leginde soe Dionysius op it plak fan eksekúsje de ôfhakke holle oppakt en yn in boarne wosken ha, om dêrnei mei de holle yn de hannen sa'n 6 kilometer nei it noarden ta te kuierjen oant er op it plak kaam dêr't er begroeven wurde woe. Op dat plak liet de Frankyske kening Dagobert I letter yn 626 de oan Dionysius wijde abdij en basilika Saint-Denis bouwe, dy't tsjinje soe as grêftsjerke foar de Frânske kenings.

Al gau nei syn dea sette de ferearing fan Dionysius útein. Yn de rin fan de tiid waard Dionysius de beskermhillige fan it Frânske folk, mei Sint-Loadewyk as patroanhillige fan de monarchy. Karakteristyk wie de kriichsgjalp "Saint Denis" of "Montjoie! Saint Denis!" foar de Frânske striidkrêften. De Oriflamme, in Frânsk haadfindel, wie eartiids it offisjele standert fan Frânske kenings en waard konsekrearre oer de tombe fan Dionysius. Nei't paus Stefanus II de ferearing fan Dionysius ek yn Rome yntrodusearre ûntstie der yn hiel Jeropa in Dionysius-kultus. De hillige biskop is tsjintwurdich mei Sint-Genoveva de patroanhillige fan Frankryk's haadstêd Parys.

Dionysius is ien fan de fjirtjin needhelpers. De feestdei is 9 oktober. Hy wurdt oanroppen tsjin pine yn 'e holle en dwylsinnigens, by hûnebiten en syfilis en longsyktes.

Dionysius wurdt fakentiden as biskop sûnder holle foarsteld. De holle, meastentiids mei miter, hâldt er dan (somtiden op in boek) yn 'e hannen. Yn guon gefallen wurdt it aureoal boppe de ôfhakte holle ôfbylde, mar it komt ek foar dat it aureoal op it plak sweeft dêr't earder de holle sitten hat.

De fraach hoefolle der fan de holle ôf- of útbylde wurde moast stelde keustners foar grutte útdagings. Troch de iuwen hinne hat der in soad striid west tusken de abdij fan Sint-Dionysius en de koarhearen fan de Notre Dame. De abdij hold út dat se it hiele lichem fan Dionysius besieten, wylst de katedraal oanspraak makke op it besit fan de boppekant fan de holle, dy't der by de earste klap fan de beul ôfspjalte wie. De measte ôfbylden litte Dionysius mei de hiele holle sjen, mar it komt ek foar dat de hillige alllinne de kroan fan syn skedel mist.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Dionysius von Paris

  1. De hemelse hiërarchie van Dionysius de Areopagiet, redigearre troch Árpád P. Orbán