Skalsum
Skalsum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Skalsum leit noardeastlik fan Frjentsjer en súdwestlik fan Peins. Op 1 jannewaris 2022 hie Skalsum 145 ynwenners. De doarpskearn leit oan de Doarpsstrjitte, Tsjerkestrjitte en Frjentsjerterwei.
Skalsum | ||
![]() | ||
Nikolaastsjerke | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 145 (1 jannewaris 2022) | |
Oerflak | 3,42 km² werfan lân: 3,38 lân km² werfan wetter: 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 42 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 11' N 5° 34' E | |
Kaart | ||

De buorskip Molswert heart ek by Skalsum.
Sûnt 2018 leit Skalsum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (noardertrimdiel).
Tegearre mei Boer, Sweins, Peinsen Rie foarmet Skalsum it Frjentsjerter Fiifgea.
NammeBewurkje
De namme soe komme kinne fan "skalk" dat ûnfrije betsjut + hiem.
BeskriuwingBewurkje
It doarp foarme mei Boer, Rie, Peins en Sweins de saneamde Frjentsjerter Fiifgea: noardlike doarpen fan de lytse plattelânsgritenij Frjentsjerteradiel. It liket in streekdoarp by de dyk nei Menameradiel lâns, mar it is wier wol in terpdoarp. Fan de bebouwingsstreek fan huzen en pleatsen ôf dy’t foaral noardlik fan de dyk leit, rint de Tsjerkestrjitte nei de terp. Dêr steane ek noch in pear húskes, mar de middelmjittich hege terp is foaral it poadium foar de tsjerke en har tsjerkhou. Foaroan de dyk, op de hoeke, stiet de mânske (eardere) pastorije, in eklektysk bouwurk út de santiger of tachtiger jierren fan de 19e iuw. It bouwurk riist yn twa hege boulagen op, de wanden binne blokt stukadoare sadat it liket oft de wenning fan grutte blokken natoerstien boud is.
Oant 1939 stie der in mole yn Skalsum. East fan Skalsum stiet De Skalsumermole, in poldermole út 1801.
De bekendste bolle fan Nederlân, Sunny Boy kaam fan Skalsum.
MienskipBewurkje
Oan de Doarpsstjitte stiet it Doarpshûs. De herfoarme tsjerke wie oarspronklik wijd oan Sint Nikolaas.
TjerkeBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Skalsum).
De tsjerke is boud oan de ein fan de 12e of begjin 13e iuw. Der binne grutte spitsbôgefinsters yn de súdlike muorre, mar der binne ek spoaren fan lytse rûnbôgefinsters. Tsjin de muorre steane inkele steunbearen en der binne spoaren fan in rûnbôgige yngong. De muorre fertoant mingd moppemateriaal: giel en appelblossem. De noardmuorre is fernijd mei lytse gieltsjes dêr’t in pear grutte finsters yn stean. De kap is dekt mei blau glazuere Lucas IJsbrandpannen. It ynterieur hat in iken preekstoel mei sniene panelen fan 1711 en it oargel is út it begjin fan de 19e iuw. De toer hat in 19e iuwsk foarkommen trochdat er doe oan trije siden beklamme is. Yn de 18e iuw wie de toer noch begroeid mei klimop. Meidat dêr skealik fûgelguod yn húsmanne is dy roaid, mar lang hat it sechje noch klonken: ‘To Skalsum, yn’ e klimmerbean’.
FerieningsBewurkje
De grutste feriening fan Skalsum is keatsferiening "Ons Genoegen". De op ien nei grutste feriening is de biljertferiening. Skalsum hat ek in skof in fuotbalferiening hân mei de namme Freno, mar yn 1970 gyng dy tegearre mei de fuotbalklub fan Frjentsjer.
BefolkingsferrinBewurkje
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 205 | 201 | 186 | 178 | 171 | 120 | 145 |
Berne yn SkalsumBewurkje
- Jentje van der Sloot (1881), keunstskilder
- Andries van der Sloot (1884), keunstskilder
StrjittenBewurkje
Doarpsstrjitte, Frjentsjerterwei,, Tsjerkestrjitte, Peinserwei, Ryksstrjitwei.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|