Auck van Haersma (Aldegea, 1705 - Menaam?, 1781) wie in bewenster fan Orxma State yn Menaam.

Op 28 oktober 1730 boasket se mei Tjalling Willem van Camstra, grytman fan Idaerderadiel. Doe't Tjalling van Camstra yn 1742 ferstoar waard er as grytman opfolge troch syn soan Hans Willem. Mar as dizze yn 1761 ferstjert erft Auck van Haersma al syn bezittings, wêrûnder Orxma State.

In 1761 set se har nei wenjen op Orxma. De state leit dan tusken brede grêften, de grutte hôven en moaie leanen. Auck klaait har heul gewoan, ûndanks dat se in rike frou is; se wurdt bytiden wol foar lânrinster oansjoen. At se ris by har suster Wickje van Haersma yn Eastermar op besite giet, wurdt se troch it personiel weromstjoerd mei it boadskip: 'Mefrou keapet net oan de doar'.

Auck hie de broek oan. Nei it ferstjerren fan har man waard de âlde feint Kees har fertrouweling. Fierders is hja wizer mei bisten en blommen as mei minsken. Der binne dan ek in soad bisten en benammen skoathûntsjes op de Orxma State. Om net op dizze bisten te traapjen mei it personiel yn de hûs net gewoan rinne, mar moast him sleepsoaljend troch de fertrekken bewege.

As Auck van Haersma yn 1781 op har stjerbêd leit, wol se noch ien kear al har bisten sjen. It personiel lit de kij, hynders, bargen, hinnen, guozzen, hûnen ensfh. by har yn de keamer. Dêrnei stjert se, 76 jier âld, sûnder bern. As har feebeslach by dozinen ferkocht wurdt, wienen de keapers ferplicht om de bisten sels te fangen, sa rûn alles troch elkoar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: