Dyksterbuorren
Dyksterbuorren is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân yn 'e himrik fan Kimswert. Dyksterhuzen leit oan de Caspar de Roblesdyk, súdwestlik fan Kimswert en benoarden Surch oan de Waadsee.
Dyksterbuorren | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
himrik | Kimswert | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 8' 8" NB, 5° 24' 53" EL | |
Kaart | ||
De bewenning bestiet út in tal huzen en pleatsen oan de dyk, by de N 31 tusken Surch en Harns en in tal huzen oan de Bidlersfeart, mei wat fierderop oan de feart ek noch de pleats Westrastate. Oan de oare kant fan de feart leit de buorskip De Blokken.
By de buorskip stiet mûne De Iendracht.
By it plak binne twa haden de Waadsee yn. It wie in skoft in oanlisplak foar hjerringfiskers, mar wie ek yn gebrûk as in swimkom, bekend as De Brijkom.[1]
De namme komt ek foar as Dijksterburen en Dycksterhuysen en mooglik as Dixherne.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|