Blauhús (Súdwest-Fryslân)
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2006) | 574 | ||||
Webstee | http://www.blauhus.nl |
Blauhús is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súd fan Boalsert. Oant 2011 lei Blauhús yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp hat likernôch 574 ynwenners (2006). Der is foar it doarp in doarpsfyzje opsteld.





Skiednis Bewurkje
It Blauhús Bewurkje
By de herfoarming yn 1580 moasten yn it gebiet súdwest fan de line Boalsert-Snits in tsiental lytse parochys ferdwine. Dêrom waarden foar de oerbleaune katoliken reizgjende preesters oansteld, dy't de sakreminten tatsjinnen en by de mis foargean koene. Dy situaasje bleau bestean oant yn 1651 it polderbestjoer fan de yn 1632 drûchleine Sinsmar in gebou beskikber steld waard foar de roomske tsjinsten. Dêr waard it gebou fan it polderbestjoer foar brûkt dat op it stee fan it hjoeddeiske Teatskehús stiet. It polderhús hie blauwe dakpannen en waard dêrom 'it Blauhús' neamd. Doe't it Blauhús brûkt waard foar de roomske earetsjinst kaam preester Adam Petri, oant dan wenjend yn Hieslum, dêr wenjen. Yn dy tiid waarden de earste huzen om "it Blauhús" hinne boud. De bewenners wiene fansels roomsk. Omdat dat polderhús brûkt waard as skûltsjerke ûntwikkele Blauhús him as in katolike enklave.
"It Blauhús" waard mei ferrin fan tiid te lyts as tsjerke en dêrom waard njonken it gebou in nije tsjerke boud yn 1785. "It Blauhús" waard doe as pastorij brûkt. De gebouwen waarden brûkt oant 1871. Tusken 1868-1871 waard ûnder lieding fan pastoar Evers de neogotyske Sint-Fitustsjerke boud, nei ûntwerp fan P.J.H. Cuypers.
Doarpsstatus Bewurkje
Pas sûnt 1949 is Blauhús offisjeel in doarp. Yn de jierren '50, '60 en '70 kamen der in soad wenningwetwenten. Yn de jierren '50 waarden dy oan de Atsemar boud, ein sechtiger jierren oan de Sinsmar en begjin jierren '70 oan de Lytse Finne en de Van der Looswei.
Yn de jierren '80 hat it Teatskehiem stal krigen en waard begûn mei de bou fan (meast eigen) wenten oan de Gerben Rypmastrjitte. Yn de earste helte fan de jierren '90 is dat plan folboud en yn de twadde helte fan de njoggentiger jierren waard begûn mei bebouwing oan de Sylroede. De bedriuwen sitte meast oan de Jacobidyk en de Broer de Wittestrjitte, oan de noardeastkant fan Blauhús. Ein 2007 is begûn mei de twadde faze fan it bouplan oan de Sylroede.
Blauhús is ek bekend fan de Blauhúster Dakkapel dy't geregeld optreedt by wichtige reedrydwedstriden. Op it dak fan it Teatskehûs is de Blauhúster Dakkapel ûntstien.
Mienskip Bewurkje
De skoalle fan it doarp hjit Sint Gregorius, der is in pjutteplak It Protternêst en it jeugdhûs Siesa. Foar de âlderein is der it soarchsintrum Teatskehús. Blauhús hat in Feriening foar Doarpsbelang dy't yn 1948 oprjochte is. Alle jierren wurdt de Blauhúster Merke hâlden dy't altyd yn it teken fan de hynders stien hat. It aktive ferieningslibben makket tankber gebrûk fan de akkommodaasjes as de sportseal (De Singel), it jongereinhûs en it sportfjild. Simmers wurdt de keatst en Jeu-de-boules spile; yn de winter kin der riden wurde oan de efterkant fan kafee “De Freonskip”. De akkommodaasjes binne boud mei grutte help fan de eigen doarpsmienskip. It jierlikse doarpsfeest, sûnt 1873, mei it hynstespektakel is by de hynsteleafhawwer in begryp. Fierders binne der fytsrûtes, it doarpskafee mei in smûk terras, it karnaval sûnt 1968, de túnfeesten yn de pastoarijtún, sport, fertier en in protte (fisk)wetter meitsje it doarp ta wat it is: gesellich!
- Tsjerke
De mienskip fan Blauhús mei roomsk neamd wurde. Dizze mienskip libbet rûnom de Fitustsjerke, mei in beskieden rûne smelle toer, dy’t yn 1868 boud waard. De restauraasje fan dizze Cuyperstsjerke is yn 1993 klearkaam. De gemeente hat it sa regele dat it monumintale ynterieur troch elts besjoen wurde kin ek wannear’t der gjin Mis hâlden wurdt.
- Hynders
In keunstwurk yn it doarp is “De Fryske Hynstefôle” fan Maria van Everdingen fan Loaiïngea, skean tsjinoer de tsjerke. It hynder hat yn dizze agraryske krite jierren in tige wichtich plak hân. It waard brûkt foar it wurk, ferfier en fertier. De draverswedstriden dy’t útskreaun waarden troch de kastleins binne hjir in foarbyld fan. Sa ek yn Blauhús dêr’t sûnt it begjin fan de merken alle jierren hurddraverijen wiene. Letter waarden it draverijen mei in hynder en boerewein en tsjinwurdich mei hynder en sjeas. De fôle symbolisearet de sterke bân tusken de minske en it hynder yn dizze omjouwing.
De jongerein hie yn 2010 sa'n tsien keten (ek wol: dophokken): De Kie, Boethús, Keet fan Piet, Keet 't Fokhok en Keet De Skuorre en Keet Brandsma.
Ferienings Bewurkje
De sportseal fan Blauhús hjit De Singel.
- VV Blauhuis - fuotbal
- BC Blauhús - badminton
- Punt út - follybal
- De Skyfkes - damjen
- De Seare Hân - keatsen
- JBTB -Jonge Boer- en Túnkersbûn
- Wy doarre wer - toaniel
- KVG - gesellichheidsferiening
- De Fyfkes - karnavalsferiening
Befolking Bewurkje
Ferskaat Bewurkje
- Stifting Oaljemole wol de oaljemole yn stân hâlde en eksploitearje
- De Gerben Rypma Stifting wol it wurk fan dizze skilder omtinken jaan. Yn it doarp is ek in Gerben Rypmastrjitte.
Strjitten Bewurkje
Atsemar, Broer de Wittestrjitte, De Kie, De Polle, De Sylroede, Dykslân, Gerben Rijpmastrjitte, Jacobidyk, Lytse Finne, Sinserpaad, Sinsmar, Teatskehiem, Van der Looswei, Vitusdyk.
Sjoch ek Bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |