Boppebuorren
Boppebuorren is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân.
Boppebuorren leit krekt benoardwesten it doarp Koudum, dêr't er ek ûnder falt. De plaknamme soe ôflaat wêze kinne fan it feit dat er benoarden, boppe, Koudum leit. Lang hat er frij los lein fan Koudum, mar sûnt de ein 20e iuw hat er mear ferbining mei it doarp middels mear bewenne diken dy't it doarp en de buorskip ferbine. Boppebuorren wurdt dêrom net altiten mear as in buorskip sjoen, mar mear as in buorren oan de râne fan it doarp Koudum.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|