Jonkershuzen ( ek: Buwaldabuorren ) is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân en foel oant 2011 ûnder Wûnseradiel. Jonkershuzen leit yn de eastlike himrik fan Tsjerkwert.

It is net de namme foar in pleats of in famylje, mar foar in hiel buorskip dy't út teminsten fjouwer pleatsen bestie. De bewenners waarden faak as 'toe Buualda' of 'te Bualdabuiren' oantsjutten. De pleatsen leinen op of njonken de terp oan de Hillebrandsfeart. Net ien fan de pleatsen hat eigendom fan in jonker of haadling west. Yn Jonkershuzen stie ek de stins Hoytema State. Homme Hoytema, dy't sels gjin eigendom op Buwaldabuorren hie, wie de ienige aadlike bewenner. Troch de houlikspolityk yn de sechtjinde en de iere santjinde iuw wienen lykwols alle eigeners-brûkers fan de saten fan Buwaldabuorren yn 1640 nau mei 'jonkers' besibbe. Gearstalde famyljenammen, kertierwapens op grêfstiennen en alliânsjewapens op gevelstiennen beneidrukten dy sibskip. De oantsjutting 'jonkers' krige faak in hunende ûndertoan en sil wol stimulearre wêze trochdat se troch oaren as klyk sjoen waaarden. Se hearden lykwols ta ferskillende famyljes, mar bleauen allegear katolyk en wienen ûnderling op mear as ien manier besibbe.

In print fan de Hoytema State út 1722, tekene troch Stellingwerf
De tekening is yn it Printekabinet fan it Frysk Museum

.