Homme Hoytema
Homme Hoytema (Hylpen?, ±1650 – ?, ?) wie in Frysk dichter en hat him ûnderskieden trochdat er yn it Hylpersk dichte. Hy wie sa goed as seker in neisiet fan Hoyte Uninga fan Hoytema, dy't yn 1573 grytman wie fan Hasker Fiifgea en op befel fan Caspar de Robles de opstân op De Jouwer delbêde hie en as dykgraaf fan Wymbritseradiels seediken mei De Robles, Julius fan Dekama, Dr. Hector fan Aylva, Douwe fan Roorda en Sicke fan Albada, riedshearen fan it hof gearkamen op it blokhûs fan Starum foar de oanlis fan in nije slûs dêre.
Homme Hoytema wurke ek by it dykswêzen as opsjenner yn 1672. As sadanich skreau hy twa fersen, ien yn it Hollânsk, de oare yn it Hylpersk foar in seldsum boekje, dat komt fan Epemastate yn Ysbrechtum en dêr't mar ien eksimplaar fan bekend is. It boekje wurdt bewarre yn it Ryksargyf yn Ljouwert. It hjit Afdeelinge van de Zeedijcken der contributie van Wijmbritseradeel en de bijbehoorende steden, en waard opmakke út de dykregisters (25 juny 1657) mei meiwitten fan Ringnerus Gravius en Annius Jacobi Haersma.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|