Haadmenu iepenje
Gaast
Flagge fan Gaast Wapen fan Gaast
Flagge Wapen
Lokaasje fan Gaast
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2004) 160
Webstee
Djerrenlomen by Gaast

Gaast is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, oan de kust fan de Iselmar tusken Warkum en Makkum, mei 214 ynwenners (1-1-2007). Oant 2011 lei Gaast yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Gaasten binne hege balstien- en sângrûnen, opstowe troch Skandinavysk lâniis, sa'n 135.000 jier lyn. Om 1270 hinne wurdt skreaun oer Lutkegast, Lytse Gaast dus. Gaast wie eartiids in fiskersdoarp oan de Sudersee. De ynwenners fertsjinnen harren brea mei de walfiskfangst. Yn it wapen fan Gaast stiet dan ek in walfisk ôfbylde.

WalfiskfeartBewurkje

Gaast is in âld fiskersdoarp. In protte Gaasters wienen eartiids fiskers en fertsjinnen it deistich brea as bemanningslid yn de walfiskfeart. Sa komt ek de walfisk yn it doarpswapen. Lange tiid wie yn in hûs in stien ynmitsele mei it ôfbyld fan in walfisk. Yn 1995 waard der yn it weidek fan de Buorren yn Gaast in walfisk ynfluorre, as oantinken oan de walfiskfeart en as komepensaasje fan it ferdwinen fan de gevelstien út it doarp. No leit de stien yn it Frysk Skipfeartmuseum fan Snits.

Troch de ynset fan Doarpsbelang en yn gearwurking mei it skipfeartmuseum is der in kopy fan de stien makke. Dy leit no yn 'de Fûke' en sil ynmitsele wurde yn 'de Fûke' te Gaast.

Fan 1913 - 1941 hie Gaast in rêdingstation fan de NZHRM, om skippen yn need help te bieden op wat doe noch de Sudersee wie. Yn “de Fûke” en yn “het boek van Gaast” binne foto's hjirfan te sjen.

TsjerkeBewurkje

De herfoarme tsjerke út de 14e iuw hat in houten tuorke út 1763 waard yn 1906 ommitsele. De grifformearde tsjerke sit yn de ferboude âlde skoalle fan it doarp. Yn de âlde tsjerke preke yn de 17e iuw dûmny Adam Westerman, dy't in stichtlik boek foar seelju skreau, de ferneamde (Groote) Christelycke Zee-vaart (1611), dat lange tiid ferplicht oan board fan VOC-skippen wêze moast. Ien fan syn opfolgers, Petrus Vomelius, waard in heal iuw letter fuortstjoerd út reden fan liderlik hâlden en dragen.

BefolkingBewurkje

StrjittenBewurkje

  • Angterperleane
  • Boerestreek
  • Buorren
  • De Greide
  • Marwei
  • Sielânsreed
  • Seedyk
  • Sandlân

FerskaatBewurkje

  • Yn de winter fan 2009-2010 wiene der by Gaast iisskossen fan wol 6 meter achter de dyk. Dat luts likernôch 25.000 minsken.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: