Laerd en Saerd is in buorskip súdeastlik fan Boalsert yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De buorskip bestiet út twa eardere buorskippen, Laerd en Saerd dy't yn de 1970-er jierren ta ien buorskip feriene waarden. De buorskip falt foar in part ûnder it stedsgebiet fan Boalsert en foar in part ûnder de himrik fan Wolsum. Oant de gemeentlike weryndieling fan 2011 foe de buorskip ûnder twa gemeenten: Boalsert en Wymbritseradiel.

Laerd en Saerd
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
Himrik Boalsert
Wolsum
Sifers
Ynwennertal 20 [1]
Oar
Ferkearsieren E22 A7
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 3′ NB, 5° 33′ EL
Kaart
Laerd en Saerd (Súdwest-Fryslân)
Laerd en Saerd

De buorskip Saerd wie earst in eigen buorskip en foel ûnder de himrik fan Tsjerkwert yn de gemeente Wûnseradiel. Yn 1910 gie er nei in grinskorreksje, mank mei de buorskip Knossens oer nei de gemeente Boalsert. De buorskip Saerd foel ûnder de himrik fan Wolsum yn de gemeente Wymbritseradiel.

Yn 'e 1970-er jierren, by it ynfieren fan it postkoadesysteem, waarden de twa buorskippen sûnder grûn ta ien buorskip gearfoege. Dat kaam trochdat de gemeente Boalsert doetiids de strjitnamme Laad en Zaad (foar de buorskip Saerd) op syn grûngebiet ynfierde. De gemeente Wymbristeradiel hat yn deselde snuorje op syn grûngebiet deselde strjitte as Laerd en Saerd (foar de buorskip Laerd), nei de oarspronklike stavering, ynfierd.

Laerd is de eastlike en súdlike part fan de buorskip en falt ûnder de himrik fan Wolsum. De buorskip leit oan 'e bline wei Laerd en Saerd en bestiet út in trijetal pleatsen. In benzinestasjon mei parkearplak oan de súdkant fan de A7 op 'e hichte fan 'e buorskip hat de namme "Laerd".

Laerd waard yn 1481 neamd as (Al)laerd) en soe mooglik in gearfoeging fan de persoanenamme Alla/Alle en werð de Aldfryske beneaming fan in opwurpen bewenne hichte, soks dat letter in terp neamd waard.

Saerd of Saard is it part dat op it grûngebiet fan Boalsert leit. De buorskip leit oan 'e dyk Laad en Zaad en bestiet ek út trije pleatsen. De namme komt ek foar as Zidwaerde, Sauwert, Zaard en Zuwairt. De namme betsjut sokssawat as "terp mei gersseadde" of "terp mei put", itjinge fan it Aldfryske saeth komme soe.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.plaatsengids.nl/laad-en-zaad
  2. Haanstra, Willem, Bolsward in namen. Banga Book Productions, Grins (2006).
  Súdwest-Fryslân  
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  ·   ·