Poppenwier
Poppenwier is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân tusken Jirnsum en Dearsum oan de Snitser Aldfeart. It is it meast noardlike doarp fan 'e Legeaën. It doarp hat likernôch 165 ynwenners (2022).
Poppenwier | ||
Binnenbuorren en brêchje oer de Aldfeart | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân Fryslân | |
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 165 (2022) [1] | |
Oerflak | 4,83 km² werfan lân: 4,68 km² werfan wetter 0,15 km² | |
Befolkingsticht. | 35 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 05' N 5° 44' E | |
Offisjele webside | ||
Side Poppenwier FB-side | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjePoppenwier is in terpdoarp en moat al hiel âld wêze. Der binne potdiggels fûn fan kûgelpotten en Rynlânsk ierdewurk út de 1e iuw oant de 10e iuw. Yn 1478 waard krekt benoarden Poppenwier it kleaster Ingwert stifte, in kleaster fan de grauwe beginen. Mei de ynfiering fan de reformaasje yn 1580 waard it kleaster wer sletten en de lêste resten fan it kleaster binne yn 1875 ôfbrutsen. Ek de terp dêr't it kleaster op stie waard doe ôfgroeven.[2]
By it doarp stie eartiids de Albadastins.
De namme Poppenwier komt út de 14e iuw fan de manljusnamme Poppe; wier ferwiist nei de terp fan it doarp. Aldere nammen fan it doarp binne Popengwere (1401), Poppingawyr (1446), Poppingawyer (1505) en Poppingwier (1579). Yn 1989 waard de offisjele namme Poppingawier yn it ramt fan de offisjele ferfrysking fan de plaknammen fan de gemeente Boarnsterhim feroare yn Poppenwier.
Eartiids wie Poppenwier allinne oer it wetter te berikken. Súdwestlik fan it doarp lei oant de droechlizzing yn 1860[3] de Poppenwierstermar. De namme fan de 19e-iuwske kop-hals-romppleats Marsherne is noch in oantinken oan de mar.
De midsiuwske Nikolaastsjerke waard yn 1860 ferfongen troch de hjoeddeiske.[4]
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Poppenwier diel út fan de eardere, nei ien fan de Himpolders ferneamde, gemeente Raarderhim. Op 1 jannewaris 1984 gie Raarderhim mei de gemeenten Idaerderadiel en it grutste part fan Utingeradiel op yn de doe nije gemeente Boarnsterhim. By de opheffing fan de gemeente Boarnsterhim op 31 desimber 2013 gie Poppenwier oer nei de doe foarme gemeente Súdwest-Fryslân.
Mienskip
bewurkje seksjeNei de sluting fan it doarpshûs anneks kafee 'De Herberch' hat de doarpsmienskip it nije doarpshûs 'De Trilker' boud. Der is in feriening foar Pleatslik Belang en in Merkekommisje foar de feesten. De stifting Pop'nPop organisearret oan it lân oan de Marsherne in muzikaal túnfeest. Der wurde in tal festiviteiten mei preammen organisearre, lykas in wedstriid tusken preammen fan doarpen yn 'e Legeaën.
Tsjerken
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Poppenwier).
- De Wikipedy hat ek in side Mennistetsjerke (Poppenwier).
Yn Poppenwier steane twa tsjerken: de fermanje en de herfoarme- of Nikolaastsjerke. Beide tsjerken wurde net mear brûkt foar de earetsjinst. De Nikolaastsjerke wurdt no as aula brûkt en foar eksposysjes en sjonggroepen.
Skoalle
bewurkje seksjeIt doarp hat foarhinne in eigen skoalle hân. Tusken 1862 en 1876 wie dat in gebouke achter de herberch en dêrnei stie de skoalle oant 1937 oan de Bûtenbuorren.[5] Tsjintwurdich geane de Poppenwierster bern yn'e regel nei de skoalle fan Raerd.
Ferienings
bewurkje seksjePoppenwier hat in relatyf grut ferieningslibben, de list is mooglik net folslein.
- Toanielferiening Foarút
- Iisklub Tryntsje Piters
- Toulûkferiening
- Frouljusklub
- Fûgelwacht Raarderhim
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1999 | 2004 | 2013 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 279 | 238 | 226 | 184 | 173 | 182 | 184 | 175 | 165 |
Berne
bewurkje seksje- Douwe Kiestra (1899-1970), skriuwer, dichter en politikus.
Sjoch ek
bewurkje seksjeStrjitten
bewurkje seksjeBinnenbuorren, Bûtenbuorren, Bûtlânswei, Fiskerssteech, Harstawei, Ingwert, Marsherne, Pôle, Skoalsteech.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|